Berne: 27-08-1946, Easternijtsjerk
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Anders Minnes Rozendal is berne op 27 augustus 1946 yn Easternijtsjerk. Al ridlik gau ferfearen syn âlden nei Nes yn de Dongeradielen, dêr't er opgroeide.
As jonge wie Rozendal leaver op it sportfjild as dat er mei syn noas yn 'e boeken siet. Sadwaande begûn er al op syn fjirtjinde te wurkjen, nei twa jier mulo. Hy hie, foardat er by Philips yn Drachten oan it wurk rekke, fan alles by de ein. Hy wie fytsmakker, fabryksarbeider en hat op in coaster fearn. Sûnt febrewaris 2006 is er út it wurk en kin er him alhiel talizze op skriuwen. Rozendal wennet yn Ljussens mei syn frou Corry Boelens, dy't by de KFFB warber is as skriuwster en bestjoerder.
Skriuwer
It hat nea Anders M. Rozendal syn doel west om skriuwer te wurden. Al hie er wat dat oanbelanget wol in goed foarbyld yn de famylje; syn pake wie de dichter, romanskriuwer en mei-oprjochter fan de KFFB Anders Minnes Wybenga. Rozendal kaam op de gedachte om in ferhaal te skriuwen, neidat er yn it Friesch Dagblad in oprop lêzen hie oan minsken om koarte ferhalen yn te stjoeren. Yn in soarte fan dryste opstiging skreau er in ferhaal en stjoerde dat nei de krante ta. Dat earste besykjen wie foar de krante oanlieding om him te freegjen tenei ienris yn de fiif wiken in ferhaal foar de krante te skriuwen.
Doe't Rozendal ien kear úteinset wie, pakte er it ek serieus oan. By de Afûk folge er twa kursussen om syn nivo fan it Frysk te ferbetterjen en by it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum folge er twa kear in skriuwkursus. De folgjende oantrún om te skriuwen krige er fan Dick Eisma fan de KFFB. In koart ferhaal, dat er skreaun hie foar de skriuwkursus by it FLMD, hat er útwurke ta in roman. Hy debutearre yn 2001 by de KFFB mei de roman De muorre. It boek waard troch de lêzers goed ûntfongen, mar de kritisy seagen dochs wol wat 'begjinnersfouten' yn opset en útwurking fan de skriuwer. Jabik Veenbaas sei yn syn besprek (Leeuwarder Courant, 22-06-2001) dat de styl te min persoanlikheid hie en dat der te folle werhelle en eksplisitearre waard yn it boek. Fierders wie Veenbaas fan betinken dat Rozendal it ferried-tema net oertsjûgjend útwurke hie.
Rozendal luts him de krityk oan, syn twadde roman, Grinzen foarby (KFFB, 2002), siet kompositoarysk knap yn elkoar en de psychologyske ûntjouwing fan de haadpersoanen hie mear djipgong. Rozendal siket syn tema's en ûnderwerpen yn de wrâld om him hinne. Spile syn earste roman him ôf yn de wrâld fan âld-Ynjegongers en de twadde yn de drugsscene, yn syn tredde roman joech er him op in hiel oar paad. De baas traktearret (KFFB, 2003) is situearre yn in grut fabryk tidens in yngripend reorganisaasjeproses dat de direksje fan doel is út te fieren. De haadpersoanen binne de arbeiders fan in ploech yn wikseltsjinst. Rozendal koe foar dat ûnderwerp weromgripe op feiten út syn eigen ûnderfining as fabryksarbeider. Hoewol't it boek neffens Jabik Veenbaas (Leeuwarder Courant, 27-6-2003) 'frij aardich' skreaun en útwurke is en de plot goed yn elkoar sit, is de beskriuwing fan de personaazjes de flakke kant neist. Syn taal is korrekt, mar net ferrassend.
Rozendal is in produktyf skriuwer, syn fjirde roman Alles yn 'e macht, ferskynde yn 2004 by de KFFB. Alles yn 'e macht is gjin boek oer in serieus maatskiplik probleem, mar in bytiden hilarysk ferhaal oer twa opslûpen jonges dy't yn de fakânsje op it hûs fan heit en mem passe moatte.
Wer in oar sjenre, nammentlik dat fan de misdiedroman, beoefene Rozendal yn syn yn 2005 ek by de KFFB útkommen boek Moard oan 'e Monsmawei. Dat er it skriuwen iderkear better yn 'e macht kriget, bewiisde Rozendal mei syn fyfde roman. It wie in goed opboud, spannend ferhaal, al bleau de krityk dat er tefolle útleit en dêrtroch de gong soms út it ferhaal hellet.
Simmer 2006 kaam syn seisde roman, Dy jonge fan Beintema, út by syn fêste útjouwer, de KFFB. Foar dyselde útjouwer folgen yn de jierren dêrnei mear boeken en ûntwikkele er him ta ien fan de produktyfste Fryske skriuwers
List fan belangrykste wurk
Romans
2001: De muorre
2002: Grinzen foarby
2003: De baas traktearret
2004: Alles yn 'e macht
2005: Moard oan 'e Monsmawei
2006: Dy jonge fan Beintema
2007: It paad fan de foks
2008: Under de sinne fan de Ivige
2009: It kaartehûs
2010: De Sjamaan fan Ealawier
2011: Werom nei Stienwert
2013: De smaak fan alsem
2014: It Sunhouse-mystearje
2015: Opgong nei Sint Vitus
2016: Rachel, de dochter fan Timna
2017: Stosân
2019: Dwaaltún
2022: Feest yn Gennaard
Ferhalen
2009: Hupsakee en oare ferhalen
2019: Foar dy (20 koarte bibelferhalen)
Fierder ferhalen ûnder oare yn de sammelbondels (fan mear skriuwers) Neibroei (1999), 20 Simmerferhalen (2000), 21 (2001), De riedsels fan it hert (2003), Feestlift (2009), It achtslaan wurdich (2014) en It Museum fan binnenút (2015).
Toaniel
2001: Elk foar himsels (ienakter)
Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Hedwig Terpstra, fraachpetear op Ensafh, 01-01-2014
Jan Ybema oer De muorre yn it dossier Befrijing yn de Fryske literatuer.
©Tresoar, 18-01-2023