Berne: 15-12-1944, Wier

Libben en wurk

Simy de Jong is as dochter fan in gernier opgroeid yn Wier, in doarp yn de noard-westhoeke fan Fryslân. Nei de legere skoalle te Berltsum, middelbere skoalle yn St.Anne en in jier vormingsklas te Ljouwert, folge se yn it Ljouwerter Diaconessehûs in oplieding ta ferpleechster. Dêr hat se fjouwer jier wurke. Doe’t se mei Anton Sevenster troude, boer, gyng se werom nei Wier. Se hawwe dêr buorke oant de âldste soan it bedriuw oernaam. Simy en har man hawwe har doe in eintsje fierderop, yn de Mieden fan Minnertsgea ta wenjen set.  


Doe’t de bern noch lyts wiene helle se by de Afûk de akte Frysk. Dat kaam har letter goed fan pas doe’t se as ‘twadde tûke’ mei skriuwen begûn. Se hat sels ek les jûn. Leafde foar toaniel en kabaret hie se fan thús meikrigen, har mem spile toaniel en heit skreau revu’s foar doarpstoaniel en gelegenheden. Sels spile Simy fan har sechstjinde jier ôf by de toanielferiening fan Wier. By de yn Fryslân ferneamde regiseur Pyt van der Zee folge se aktear- en rezjylessen en wie aktyf yn Pyt See syn eigen Wurkgroep Frysk Toaniel. In tal jierren dêrnei die se mei oan in kursus toanielskriuwen dy’t organisearre waard troch it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD), by dosint Bouke Oldenhof.

Har earste stikken skreau se foar in nijjiersrevue yn Frjentsjer (1984) en in revue foar it 75- jierrich bestean fan de Friese Maatschappij voor Landbouw (1983). Se debutearre as skriuwster fan iepenloftstikken mei it stik De reade hoanne op Lauta State dat yn 1987 opfierd waard yn de tún fan it Poptaslot yn Marsum. It jier dêrop skreau se foar de iepenloftspul-kommisje fan Menameradiel it stik Wylde Rixt fan ‘t Oerd.

Simy Sevenster ûntwikkele har ta in alsidich en betûft toanielskriuwster dy’t alle jierren wol ien of mear toanielstikken yn de foarm fan iepenloftspul, drama, revu, blijspul of toaniel foar bern of jongerein ôflevere.  Der binne stikken fan har útjûn troch de Stichting Utjouwerij Frysk Toaniel yn Fryslân. Foar de St.U.F.T. set se ek stikken oer út it Nederlânsk yn it Frysk. Allinne, mar ek yn ’e mande mei oaren skreau se Nijjiersrevu’s foar Frjentsjer. U.o.  mei Hanneke de Jong:  Segen mei it jild (1994) en de nijjiersrevu 500!!! (1998).

Simy Sevenster skriuwt ek proaza en gedichten. Fersen fan har binne opnaam yn sammelbondels; û.o. yn de bondels Do bliuwst wol. Do wol (2000) en Myn hert dat trillet my - Gysbert Japiks 1603-2003 (2003). Foar de troch Omrop Fryslân útstjoerde tv-searje ‘Baas boppe Baas’ skreau se 10 scripts. Njonken it Frysk skriuwt se ek yn it Biltsk. Yn de ferhalewedstriid dy’t de Werkgroep talen fan de Kulturele Raad ‘t Bildt yn 2003 organisearre foar de groepen 8 fan it basisûnderwiis, wûn Sevenster de priis mei har ferhaal ‘De rooie haan in ‘t swarte bos’. 

Fan 1978- 1995 publisearre se reisbeskriuwings en koarte ferhalen (de Ferhalespuit) yn Gewas en milieubescherming. Fanôf 1980 steane der ynterviews fan har hân yn it Friesch Landbouwblad  en ek hie se dêryn de rubryk Ut ’e foarein ûnder de skûlnamme ‘Setske’ (1980-2005). In seleksje fan dy stikjes ferskynden yn 2006 yn boekfoarm, dy’t ûnder de titel Ut ’e foarein 1 yn 2006 útbrocht waard. It twadde diel, mei de titel Ut ’e foarein 2 kaam in jier letter út.

Fan 1989 oant 1991 skreau se koarte ferhalen foar it blêd Frysk en Frij. Foar de F-side, de Frysktalige pagina dy’t tusken 1998 en 2006 útbrocht waard troch it Friesch Dagblad (FD) en de Leeuwarder Courant (LC) levere Simy Sevenster geregeld in bydrage yn de foarm fan in koart ferhaal. Ek skreau se foar it F.D. wol toanielresinsjes. Foar it Friesch Dagblad levere se koarte ferhalen fan 1997- 2006 yn de eigen rubryk: Libben op de tried. 

Bydragen fan Sevenster yn de foarm fan gedichten binne ek opnaam yn in protte jiergongen fan de Fryske Skriuwerskalinder. Har berneboek Wimerklaas en Swarte Pyt joech se yn 1985 út yn eigen behear.

Yn 2022 waard it troch Sevenster skreaune iepenloftspul Golf van onrust spile, in stik oer de arbeidersstaking fan 1890. Nei oanlieding fan de yn har eagen diskutabele ynterpretaasje en útfiering naam de skriuwster ôfstân fan dit stik.

Wurk

Berneboek
1985: Wimerklaas en Swarte Pyt

Ferhalebondels
1996: 16 Fryske Winterferhalen (mei oaren)
1997: 18 Fryske Simmerferhalen (mei oaren)
2001: 21 nije Fryske Winterferhalen (mei oaren)
2003: De riedsels fan it hert (mei oaren)
2006: Ut ’e foarein
2007: Ut ’e foarein II
2017: Wier is it en Wier sil it bliuwe (oer de skiednis fan Wier)

Toaniel (in seleksje)
1988: De reade hoanne op Lautastate (iepenloft)
1989: Wylde Rixt fan it Oerd (iepenloft)
1990: De tongerdraak (iepenloft)
1990: Idaerd fan ’e kaart
1991: De sulveren rinkelbel (nei Waling Dykstra, iepenloft)
1992: De Likedielder (iepenloft)
1993: Tusken wâl en skip - Tsjerk Vermaning, libben en wurk (iepenloft)
1993: Ferrie yn Ferwert (iepenloft)
1994: Rûzje op ‘e Ryp ((iepenloft, bewurking nei Carlo Goldoni)
1995: Giele knikkerts (foar bern)
1995: It spoar op Hatsum (iepenloft, oersetting nei T. Maccius Plautus)
1998: In klasse apart (jongerein toaniel)
1999: Blau-Oranje Rottweilers (jongerein toaniel)
2000: Frâns yn Fryslân (iepenloft)
2000: De kwestje Jellema (ienakter)
2005: Fluitje van een cent (Ned. Uitg. Vink)
2022: Golf van onrust

Oersettingen foar de Stichting Utjouwerij Frysk Toaniel
1996: Box en Cox (John Maddison Morton)
1997: Eigen wei (Beppie van Zutphen)
1997: Breidssuite (Anthony Marriot en Bob Grant)
1999: Moard op de Nyl (Agatha Christie)
2000: De froulju yn ús libben (Ton Davids); Yn ferbân mei Sophie (Nina Werkman)
2003: It hûs te lyts (Jos Schepers)
2005: Ferliezers (Ton Davids)

Prizen
1994: Rely Jorritsma-priis (ferhaal: Kâld en wyt)
1995: Rely Jorritsma-priis (ferhaal: Tinne rôse núnder)
1998: Rely Jorritsma-priis (ferhaal: It Apelhôf)

Mear ynformaasje
DBNL
Suwarda Vis, Franeker Courant 28-06-2017 (oer Wier is it en Wier sil it bliuwe)
Simy Sevenster, Frysk en Frij 08-2022 (oer it trelit om Golf van onrust hinne)
Elisabeth Post, LC 30-07-2022 (oer it trelit om Golf van onrust hinne)

©Tresoar, 31-08-2022