Berne: 10-12-1918, Utrecht
Ferstoarn: 02-05-2005, Veendam
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
GEDICHTEN
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Marten Sikkema is it pseudonym fan Govert Gezelle Meerburg. Hy is berne en opgroeid yn Utrecht. Nei it gymnasium begûn er mei de stúdzje Nederlânsk oan de universiteit fan syn wenplak.
Underbrutsen troch de mobilisaasje helle er dêr syn kandidaats yn 1942. Hy publisearre ûnder skûlnamme yn it lêst fan 1942 gedichten yn it yllegaal ferskinende bledsje Lichting. Oare meiwurkes fan it troch Gerrit de Jongh oprjochte bledsje, wiene ûnder oaren Gerrit Kouwenaar en it lettere VVD-twadde keamerlid Theo Joekes. Nei in ynfal fan de SD yn it hûs fan Kouwenaar fûn Gezelle Meerburg in ûnderdûkplak by famylje yn Fryslân. Dêr, yn Lollum, hat er him it Frysk eigen makke. Syn earste Fryske fersen stjoerde er ûnder pseudonym Marten Sikkema nei it Jongereinblêd, it blêd fan de Frysk Nasjonale Jongerein dêr’t ek skriuwers as Freark Dam en Anne Wadman yn publisearren.
Fan 1946 oant 1959 wie Meerburg ferbûn oan de Fryske Akademy, earst as wittenskiplik meiwurker, letter as waarnimmend direkteur. Dernei wie er krapoan twa jier direkteur fan de RONO (Regionale Omroep Noord en Oost). Yn de tuskentiid hied er syn doktoraal Nederlânsk helle oan de universiteit fan Grins (1954). Fan 1961 oant syn pensionearring yn 1983 wurke er as learaar Nederlânsk yn Veendam. Yn Zuidwending, dat flak by Veendam leit, is er ferstoarn op 2 maaie 2005.
Dichter, oersetter, kritikus
Yn Fryslân is Meerburg foaral bekend ûnder syn skriuwersnamme Marten Sikkema, sa wurdt er yn dit stik fierder ek neamd. Fuort nei de oarloch, yn 1946, publisearre er twa dichtbondels Stjerrerein en Swart en Wyt. Yn guon fersen út dy bondels is de wjerslach fan de oarloch noch dúdlik te fernimmen, bygelyks yn de fersen 1944, In memoriam en Ballade fan de partizanen. Dat Marten Sikkema dat die mei opmerklik hjitte, want hy liet yn syn fierdere wurk sjen net in dichter te wêzen dy’t oaren troch syn wurk in libbensstyl foarhold. Krektoarsom, de ynhâld fan syn gedichten lit faak in sykjend, wifeljend minske sjen dy’t it allegear ek net sa krekt wit. In dichter dy’t syn hâldfêst siket yn it belibjen fan de natuer, de leafde en yn de gewoane dingen om him hinne, fakentiids pleage troch mankelikens. It optimistyske en it pessimistyske rinne geregeldwei, net te ûntkommen, trochinoar hinne. Wiene syn gedichten om har ynhâld faak sykjend en ûnwis, dat jilde net foar de foarm. Technysk wie syn behearsking fan rondiel en sonnet fan heech nivo.
Foar syn fersen en ferhalen fûn er in poadium yn ferskate Frysk literêre tydskriften. Sa publisearre er yn De Stiennen Man en De Tsjerne, dêr’t er ek fan yn de redaksje sitten hat, en wie er mei oprjochter en redaksjelid fan kultureel moanneblêd De Strikel.
Marten Sikkema hat him literêr altyd utere yn it Frysk.Yn in fraachpetear mei Marijke de Boer (Friesch Dagblad, 09-09-1998) sei er dêroer: ‘Dat ik yn it Frysk skriuw, is earder in kwestje fan moatten as fan kiezen. Ik ha jierrenlang learaar Nederlânsk west, dat dy taal behearskje ik goed. It Hollânsk is mear in ferstânstaal. It Frysk dêrfoaroer is in gefoelstaal. Oersette en skriuwe yn it Hollânsk soe my net slagje, dêr bin ik sa linich net yn’.
Sikkema beheinde him net ta ien literêr mêd, yn it boppeneamde fraachpetear neamde er him in koartebaanrider; hy skreau fersen, ferhalen, lieten en toaniel, hy makke oersettings fan poëzy, romans en toaniel. Hy fertaalde út it Sweedsk, Noarsk, Ingelsk, Frânsk en Dútsk. Yn De Jaden Fluit steane oersettingen fan Syneeske lyryk, troch Sikkema oerset út oare westerske talen wei.
De earste oersetting fan syn hân dy’t publisearre waard wie The Ballad of Reading Gaol fan Oscar Wilde. Hy wie dêr tidens syn ûnderdûkperioade al mei útein set, nei de oarloch makke er it ôf. Foar toaniel sette er stikken oer fan ûnder oaren Schiller it stik Wilhelm Tell, fan Arthur Miller, De dea fan in hannelsreiziger en fan de Tsjechyske broers K. en J. Ä?apek it stik Adam de Skepper. It lêste stik is opfierd troch it iepenlofttoaniel op De Sweach (1964).
Kritiken skreau er foar de RONO (Regionale Omroep Noord Oost) en de Leeuwarder Courant.
Gysbert Japicx-priis
Yn 1961 krige Marten Sikkema de heechste literêre ûnderskieding yn Fryslân, de Gysbert Japicxpriis. De priis waard him takend foar syn poëzybondel Seinen (1959), mar de sjuery hat by de beoardieling syn fierdere oeuvre ek meiwage litten. Reboelje wie der noch efkes yn de sjuery omdat ien fan de trije leden dêrfan, Marten Brouwer, it net iens wie mei de beslissing fan de beide oaren en him dêrom weromluts út de sjuery.
Wurk
Poëzy
1946: Stjerrerein
1946: Swart en Wyt
1951: Skaedbylden
1959: Seinen
Ferhalebondels
1954: De slach forlern
1958: De grize oer de grouwe (mei Ype Poortinga en Geart Jonkman)
1998: De wrâld wol ferrifele wurde
Oersettingen (in seleksje)
1953: Noarderljocht: moderne Sweedske poëzij
1953: The Ballad of reading Gaol (út it Ingelsk, Oscar Wilde)
1955: Marpiraten (út it Sweedsk, jeugdboek Mälarpirater, Sigfrid Siwerts)
1969: De jaden fluit (út it Sineesk, spesjaal nûmer tydskrift De Strikel)
Prizen
1961: Gysbert Japicxpriis, foar bondel Seinen
1955: Rely Jorritsma-priis (fers: Oantinken)
1956: Rely Jorritsma-priis (fers: Mearke-dei)
Mear ynformaasje
Wikipedia
Digitale Bibliotheek voor de Nederlandse Letteren (DBNL)
©Tresoar, 11-09-2019