Berne: 19-02-1939, Zwartemeer

Libben en wurk

Roel Slofstra is berne yn Zwartemeer (Drinte) as twadde soan yn in húshâlding mei trije jonges. Syn heit, de komponist en tekstdichter Jan Slofstra, en mem kamen beide fan Garyp, it doarp dêr’t se yn ‘e de oarloch nei weromgiene. Se wiene dêr mei syn allen ûnderdûkt, om sa tefoaren te kommen dat heit Slofstra foar de Arbeitseinsatz nei Dútslân ta moast.

Oan it Koninklijk Conservatorium fan Den Haach folge Roel Slofstra de klassike oplieding gitaar, mei sang as byfak. Hy bekostige syn stúdzje mei it jaan fan muzyklessen. Yn 1969 kaam er werom nei Fryslân. Nei earst in pear jier yn Ljouwert wenne te hawwen ferhuzen hy en syn freon, de yn 1990 ferstoarne dichter en tekstskriuwer Sybe Krol, nei Furdgum.

It earste album dat Roel Slofstra útbrocht ‘In spyltuech bin ik’, ferskynde yn 1969. Op de plaat sjongt er, soms ôfwiksele troch Maaike de Wilde, bibelballaden fan Fedde Schurer. Foardat syn earste LP ferskynde song Slofstra net allinne yn it Frysk, mar ek yn it Ingelsk en it Nederlânsk. Al ridlik gau keas er foar it Frysk as sjongtaal. Hy motivearre dat yn in yntervieuw mei Sietse de Vries op de folgjende wize (Leeuwarder Courant, 21-09-2006): ‘Ik tocht: as yn ‘It lot fan Tea’ fan Schurer likefolle drama sit as yn in liet fan Joan Baez, wêrom silst dan yn it Ingelsk sjonge? Mei it Frysk berikst de minsken folle direkter.’

Roel Slofstra hat neist syn muzikale karriêre wurke as faklearaar gitaar oan muzykskoalle De Wâldsang yn Bûtenpost. Yn de twadde helte fan de jierren santich koe er hielendal fan de muzyk bestean, hy fersoarge doe optredens yn Nederlân, België, Denemarken en Dútslân. In tiidlang hat er diel útmakke fan de Belgyske formaasje ‘t Kliekske. Tusken 1969 en 1980 produsearre er 7 LP’s, nei 1995 kaam syn muzyk út op cd. Hoewol’t Roel Slofstra alris in ‘oertrûbadoer’ neamd is, is er muzikaal sjoen altyd in oare wei gien as de oare Fryske trûbadoers. It wat rûge dat folksmuzyk eigen is ûntbrekt by Slofstra, mei syn moaie sjongstim en klassike gitaarbegelieding nimt er dêr in apart plak yn. Op ien fan syn earste platen Liedjes uit Friesland lit er him begeliede troch klavesimbel, dwersfluit, cello en gitaar. De teksten fan syn lieten en balladen binne foar him like wichtich as de muzyk. Sybe Krol (1946-1990) hat in belangryk oandiel hân yn it skriuwen fan syn teksten, ûnder oaren op de platen Hjoed in jier (1978) en Freegje de kaai by de koster (1980) binne de teksten fan de hân fan Krol.

Fjouwer jier nei it ferstjerren fan Krol brocht Slofstra de cd Moai yn septimber út, alle teksten op dy cd binne fan de hân fan Krol. Mar ek oare Fryske dichters skreaunen teksten foar him, Baukje Wytsma, Tiny Mulder,  Berber van der Geest en Meindert Bylsma hiene in grut oandiel yn it oanleverjen fan syn sjongteksten.

Sels hie Roel Slofstra him noch nea weage oan it skriuwen fan teksten, mar nei it útkommen fan syn cd Fjoerfûgel (1998) mei teksten fan Baukje Wytsma, pakte er sels de pinne op. It slagge him en hy krige der aardichheid oan, yn it begjin hat er in soad stipe en advizen hân fan syn heit. Op 4 novimber 2000 presintearre Slofstra syn earste album mei eigen teksten, de cd Poste Restante.

Njonken syn optredens mei lieten en balladen kaam er ek mei jûnfoljende programma’s foar it fuotljocht; yn 1976 brocht er tegearre mei Joop Veenstra Hwa laket dêr, yn 1977 folge troch Musicallinne, in minimusical oer it libben fan Eije Wijkstra, op teksten fan Tiny Mulder.

Doe’t yn de twadde helte fan de jierren santich de oandacht foar Fryske folksmuzyk hieltyd grutter waard, besleat in tal muzikanten om in festival foar folksmuzyk te organisearjen. De earst edysje, hâlden te Snits ûnder de namme Tsjoch, waard in grut sukses. Nei oanlieding dêrfan besleaten de organisatoaren om tenei alle jierren sa’n festival te hâlden. Foar de organisaasje waard dêrfoar ‘De vereniging van Friese volksmuzikanten’oprjochte. Roel Slofstra stie mei oan de widze fan dy feriening en hie lange jierren in sit yn it bestjoer dêrfan.

Neidat de frekwinsje fan syn optredens begjin jierren njoggentich hieltyd minder waard, besleat er om der mei op te hâlden. Fiif jier bleau it stil om Slofstra hinne, oant er yn 2000 mei Poste Restante foar it fuotljocht kaam. Dêrnei liet er wer sân jier neat fan him hearre, mar yn 2007 kaam er mei syn trettjinde album ûnder de titel Wis en wrachtich, de teksten fan de cd binne allegear fan eigen hân, de begelieding komt fan gitarist Wilco Tukker. Slofstra sels leit him mear ta op it bespyljen fan de harp. Foar guon fan syn lieten skreau er sels de muzyk, fierders hawwe de komponiste Louise Godin, Cees Bijlstra en syn heit Jan Slofstra, lieten foar him op muzyk set.

Nei jierrenlang net optreden te hawwen, makke er yn 2019 dochs wer in come-back met it progrmma Yetris.

Yn 2007 debutearre Slofstra boppedat as skriuwer, fan syn hân ferskynde de bondel Alter ego. It boek befettet de teksten fan de cd’s Poste Restante en Wis en wrachtich en dêrnjonken de gedichtesyklus 12 brieven foar in bekende. By de kar fan de ûnderwerpen dêr’t er oer skriuwt lit er him liede troch sa’t it libben him oantsjinnet en hoe oft er sels yn it libben stiet.

Wurk

LP’s
1969: In spyltuech bin ik
1971: O Fryslân sa fol fan swidens
1973: ‘t Hert sil tille fan wille
1974: It goede libben
1978: Hjoed in jier
1980: De Histoarje fan Eije Wijkstra
1980: Freegje de kaai by de koster

CD’s
1994: Moai yn septimber – Roel Slofstra sjongt Sybe Krol
1995: Ferskes út Fryslân 1 (werútjefte: ‘O Fryslân sa fol fan swidens’)
1996: Ferskes út Fryslân 2 (werútjefte: ‘’t Hert sil tille fan wille’)
1998: Fjoerfûgel
2000: Poste Restante
2005: De Histoarje fan Eije Wijkstra (werútjefte)

Poëzy – lietteksten
2007: Alter ego (sammelbondel)

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Wikipedia
Franeker Courant, 11-12-2018 (oer Roel Slofstra 80 jier)
YouTube

©Tresoar, 11-09-2019