Berne: 14-01-1817, Mullum
Ferstoarn: 04-04-1862, Baard

Libben en wurk

Harmen Sytstra wie sân jier doe’t er fan syn berteplak Mullum ferfear nei Achlum. Hy kaam dêr by syn beppe te wenjen. Syn heit, Sijtze Harmen Sijtstra, wie al ferstoarn doe’t er in jier wie en seis jier letter ferlear er mem, Tjitske Jacobs Wierda, ek noch.

Yn 1829 ferstoar syn beppe en waard de jonge Harmen opnaam yn it gesin fan in omke yn Arum. Dy omke wie bakker. Doe’t Harmen as jonge fan tolve fan skoalle kaam koe er net trochleare, mar moast er meihelpe yn de bakkerij. Nachts, as er net hoegde te wurkjen, siet er faak te studearjen. Hy makke him sels û.o. Frânsk, wis- en stjerrekunde eigen. Lêze die er ek graach en dan benammen Fryske boeken. Oant syn 25ste bleau er bakkersfeint en studint yn eigen tiid, doe hie er genôch fan de bakkerij en besocht er oan te meunsterjen op in keapfardijskip. Dat slagge lykwols net. Fan syn opgarre jild koe er in skoftsje bestean en teffens studearje. Njonken de al earder neamde fakken bekwame er him yn Dútsk, Ingelsk, Latyn, Angelsaksysk, Noarsk en Ald-Frysk. Hy waard sadwaande ien fan de earste Fryske taalgelearden. Doe’t blykte dat it farren neat wurde soe, rjochte er him op de ûnderwizers oplieding. Mei syn grutte kennis slagge dat gau, hy krige in tydlike beneaming oan de skoalle fan Seisbierrum. Dêrnei tsjinne er de skoallen fan Arum, Frjentsjer en Burgum. Hy troude yn 1852 mei Aukje Tabes Kooistra fan Ternaard. Datselde jier waard er haad fan de skoalle te Baard. It echtpear Sytstra krige fiif soannen, werfan’t ien al op jonge leeftiid stoar.

Yn syn frije tiid skreau Sytstra bydragen foar almanakken en jierboekjes. Yn 1841 publisearre er syn earste boek, dat útkaam ûnder de titel: Tsien tuwsen uwt de lotterij oaf Jouke Rommerts scriften. In boek fan sa’n 300 siden, dat nei foarm en ynhâld útskaait nei De Lapekoer fan Gabe Skroar fan de bruorren Halbertsma. Troch de útjefte fan it boek kaam er yn ’e kunde mei Tiede Roelofs Dykstra, dy’t yn Frjentsjer en Grins studearre hie. De freonskip hat foar har nei beide kanten in soad fertuten dien. Se tochten wakker gelyk oer saken dy’t Fryslân en it Frysk oanbelange en ynspirearren en stimulearren elkoar yn de aktiviteiten dy’t se datoangeande ûntwikkelen. Har earste útjefte tegearre wie de bondel Frieske Sangkjes (1842). Yn ’e mande mei Tiede Dykstra (argyfaris/bibliotekaris fan Fryslân) en Jacobus van Loon (fabrikant en deputearre) rjochte Sytstra ‘It Selskip foar Fryske tael en Skriftekennisse’ (It Selskip1844) op. Doel fan It Selskip wie: ‘Befoardering fan eigen taal en seden, it âlde moast wer ta bloei brocht wurde’. Yn datselde jier begûn Sytstra mei in eigen tydskrift, Iduna, neamd nei in noard-germaanske goadinne fan de maitiid. Harmen Sytstra woe mei syn tydskrift de minsken oan it lêzen yn it Frysk krije. Hy skreau dan ek benammen koartswilige teltsjes, sankjes en oare stikjes yn it blêd. Yn 1851 waard Iduna it orgaan fan It Selskip 1844.

It bekendste literêre wurk fan Sytstra is it blijspul It boask fen de kastleinsdochter (1842). It stik, dat bedoeld is om lêzen te wurden, is in bewurking/oersetting fan Eine Ballscene fan de Eastdútske skriuwer Enno Hektor. Mar it meast bekend, songen oant hjoed de dei, is syn liet ‘De Wâldsang’, dat er skreau yn de tiid dat er skoalmaster wie yn Burgum.

It krewearjen fan Harmen Sytstra om it Frysk lêzen te befoarderjen, wurke er sels tsjin troch it brûken en ûntwikkeljen fan in eigen stavering. Hy basearre dy stavering op it Ald-Frysk. Syn ideaal wie om sadwaande de ienheid tusken de ferskillende Fryske gebieten te befoarderjen. Syn stavering wie foar de measten dreech te lêzen. Ynearsten brûkte er foar Iduna in makliker stavering, mar sa linkendewei kaam der mear fan syn eigen yn te sitten. Fan krityk luts er him neat oan, hy gie steech troch mei wêr’t er mei úteinset wie. Sytstra fielde him ferbûn mei de noarderlingen, Angelsaksen en Skandinaviërs hiene syn omtinken. Hy stribbe nei in Magna Frisia (Grut Fryslân), foar him wie dat in histoarysk feit. Mar hy seach net allinne nei it ferline, ek foar de takomst hie er in doel foar eagen: hy woe in Fryske spraakleare skriuwe, dêrnei in Frysk wurdboek en as lêste in grut heltedicht meitsje dêr’t er de komst fan de Friezen nei Fryslân yn beskriuwe woe. Mar omdat er al sa jong stoar hat er dy doelen net berikke kind, al tidens it wurkjen oan de spraakleare kaam er te ferstjerren.

Fan dy spraakleare skreau er yn 1854 in ynlieding, yn 1856 in klank- en skriftleare en yn 1862 in wurdleare. De earste beide dielen binne noch by syn libben útjûn, it lêste postúm.

Sytstra syn stribjen om de Aldfryske taal yn hiel grut Fryslân yn te fieren, is romantysk. Ek it weromsjen nei it ferline en it besykjen om seden en gewoanten fan de Ald-Friezen werom te krijen kin sa besjoen wurde. Mar hy seach net allinnich werom, hy hie ek plannen foar de takomst fan Fryslân en de Friezen. Babs Gezelle Meerburg komt yn har stúdzje Innich Frysksinnich: Poëtikale opfettingen yn Fryslân tusken 1840 en 1850  (2001), ta de konklúzje dat Sytstra it bêste te karakterisearjen is as skriuwer, dy’t koade-eleminten út de Romantyk (Aldfrysk, Grutfrysk) en út de Biedermeiertiid (oanpasse oan de ynteresses fan de lêzers, dy’t learing en nocht ‘bestelden’) kombinearret om in ferljochtingsideaal te berikken: it belearen fan de Friezen (s.80).

Harmen Sytstra koe syn wurk net ôfmeitsje.Hy wie 45 doe’t er typhus krige en nei in sykte fan inkelde dagen dêr oan ferstoar. Yn itselde jier, 1862, ferstoar ek syn maat Tiede Dykstra oan deselde sykte.

Wurk (in seleksje)     

1841: Tsien tuwsen uwt de lotterij oaf Jouke Rommerts scriften
1842: Frieske Sankjes (mei T.R. Dykstra)
1842: It boask fen de kastleinsdochter (blijspul)
1845: Hwet habba da Fryske scriûers yn acht to nimmen
1846: Gelukkig Hansje (skoalboekje)
1860: Friesk riim, en onriim
1894: Blomlêzing út ’e gedichten fen H.S. Sytstra (werprintinge 1911)
1948: Striid en dream (karlêzing út proaza en fersen)
1845-’62: Iduna (tydskrift)
1854-’62: Friesche Spraakkunst (net ôfmakke)
1856-’57: Blau-Mandeis-Krante
1867: Teltsjes en rîmkes fen Harmen Sytstra (mei in foarwurd fen Waling Dykstra)

Mear ynformaasje
Digitale Bibliotheek voor de Nederlandse Letteren (DBNL)
Wikipedy

©Tresoar, 25-09-2019