Berne: 10-10-1858, Baard
Ferstoarn: 20-11-1939, Ljouwert

Libben en wurk

Onno Harmens Sytstra waard berne yn Baard yn 1858. Hy wie de  jongste soan fan Frysk skriuwer en skoalmaster Harmen Sytstra (1816-1862).

Onno Harmens wie in ûnderwizer en sette him foar it brûken fan Frysk op skoalle. Hy arbeide sûnt 1878 yn Ljouwert, dêr't er ûnder oare haad fan in skoalle wie.
Mei Piter Jelles Troelstra joech er yn 1881 de bondel It jonge Fryslân út, mei wurk fan jonge dichters. Yn 1925 joech er mei Jan Jelles Hof de Nieuwe Friesche Spraakkunst út. O.H. Sytstra wie redakteur fan Swanneblommen (it jierboekje fan it Frysk Selskip) en ferbûn oan it tydskrift fan it Frysk Selskip Forjit my net. Hy wie fyftich jier samler fan de útjeften fan it Selskip 1844 (Selskip foar Fryske Taal- en Skriftekennisse), dat ûnder oare troch syn hei oprjochte wie. Hy stoar yn Ljouwert yn 1939.

WURK

Publikaasjes
1881: It jonge Fryslân (mei P.J. Troelstra)
1925: Nieuwe Friesche Spraakkunst (mei J.J. Hof)

Mear ynformaasje
Digitale Bibliotheek voor de Nederlandse Letteren (DBNL)
Wikipedy

©Tresoar, 2-03-2021