Berne: 1594, Amsterdam
Ferstoarn: 1626, Hongarije

Libben en wurk

Neffens syn houliksakte wie Jan Jansz. Starter ‘gebortich’ te Amsterdam, mar by syn ynskriuwing oan de Universiteit fan Frjentsjer liet er him ynskriuwe as ynwenner fan Londen, sa’t ek syn bruorren Frans en Rogier yn de stikken in Ingelske achtergrûn taskreaun waard.

Lês mear...

Berne: 12-06-1946, Assen

Libben en wurk

Tineke Wielenga is berne yn Assen. Doe’t se twa jier wie ferhuze se mei har heit en mem, dy’t beide yn it ûnderwiis wurken, nei Dordrecht. Thús waard Nederlânsk praat, mar troch de Grunningse eftergrûn fan mem en de Fryske fan heit krige se ek al gau belangstelling foar dy talen.

Lês mear...

Berne: 22-01-1894, Tsjerkgaast
Ferstoarn: 05-02-1975, It Hearrenfean

Libben en wurk

Rintsje Piter Sybesma is berne yn in boerehúshâlding, hy waard grut op de âlderlike pleats by Tsjerkgaast. Nei de hbs yn Snits studearre er oan de universiteit fan Utert diergenêskunde. Nei syn ôfstudearjen yn 1923, festige er him as feedokter op It Hearrenfean. Sybesma hat lange jierren praktisearjend feedokter west, yn 1973 fierde er syn 50 jierrich jubileum as sadanich.

Lês mear...