Berne: 03-07-1960, Easterein

Libben en wurk

Yn Op e Skille, it hûs-oan-hûs blêd dat om ’e fjirtjin dagen ’e Greidhoeke ferskynt, wurdt Freddy Scheltema yn in fraachpetear mei Hinne Bokma beskreaun as in bern fan de jierren sechstich, as in muzykman yn ieren en sinen(Scheltema spile yn de bands First Day en Common Brain) en ek as ien dy’t graach skriuwt.

Lês mear...

Berne: 20-09-1952, Oranjewâld

Libben en wurk

As soan fan in timmerman gie Jan Schokker in oare kant út as dy fan syn heit, hy learde op de ambachtsskoalle foar elektrotechnyk.

Syn kreative kant kaam al gau foar it ljocht. Hy koe goed tekenje en krige fersiken om reklamebuorden te meitsjen of bedriuwsnammen te skilderjen. Skriuwe die er doe ek al, seit er yn in fraachpetear mei de Ljouwerter Krante. As jonge fan in jier as fjirtjin makke er al stikjes foar de jubileumrevu fan de kuorbalferiening.

Lês mear...