Berne: 1974, Hallum

  • Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
  • Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
  • Gedichten
  • Byldmateriaal
  • Biografy NL

Libben en wurk

Anita Terpstra is bekend wurden as skriuwer fan in rige thrillers. Ek wurket se as resinsint foar de Leeuwarder Courant.

Terpstra studearre sjoernalistyk yn Zwolle. Nei har stúdzje sjoernalistyk ferhuze se nei Amsterdam en letter nei nei Grins, dêr't se in stúdzje keunstskiednis folge. Yn dizze perioade wurke se ek as freelancer foar de Viva. Se moete har partner en sette har nei wenjen yn Ljouwert.

Yn 2007 die se ûnder it pseudonym 'Rosa Steen' mei oan de Trouw-Thrillerwedstriid en wûn de tredde priis. Nei jierren fan twivels oer it nivo fan har skriuwen seach se dy priis as oanmoediging om dochs mar troch te setten. Se folge in masterclass skriuwen by Paul Sebes dy 't har yn kontakt brocht mei Cargo, ûnderdiel fan De Bezige Bij. Nei har debút ferskynden der mear thrillers, mar ek romans en non-fiksje.

Yn 2023 ferskynde yn Fryske oersetting fan Martsje de Jong it jeugdboek The Challenge. Dat boek, oer in jonge dy't troch oaren twongen wurdt ta allerhanne foarmen fan lytsmeitsjen, waard ynset foar LêsNo, in lêsbefoarderingsprojekt Frysk foar de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Yn datselde jier waard bekendmakke dat Anita Terpstra it Frysk kadoboek fan 2023 skriuwe sil.

WURK

2009: Nachtvlucht
2011: Dierbaar
2013: Stilzwijgen
2014: Overmand
2014: Anders
2016: Samen
2018: Vonk
2018: Het huis vol: Een geschiedenis van het naoorlogse grote gezin
2019: The challenge (jeugdboek)
2020: Moedermaffia: over buiken, baby's en ander ongemak
2021: Het huis van berouw
2022: Al mijn moeders

Nominaasjes
2010: Schaduwprijs foar Nachtvlucht
2010: Crimezone Thriller Award foar Nachtvlucht
2017: Gouden Strop foar Samen

Mear ynformaasje
Iris Pronk, Trouw 03-09-2009 (oer debút Anita Terpstra)
Sietse de Vries, LC 17-01-2020 (oer The Challenge)

Foto auteur: Jacob van Essen

© Tresoar, 01-03-2023