Berne: 20-03-1952, Frjentsjer

Libben en wurk

Koos Tiemersma is berne te Frjentsjer. Hy groeide op yn in boerehúshâlding op in pleats fuort ûnder de stêd, oan de oare kant fan it Van Harinxmakanaal.

Yn 1964 moast de pleats wike foar it nije yndustryterrein fan Frjentsjer en ferteach de húshâlding nei in pleats yn Raard. Hy die mulo-b yn Ljouwert en dêrnei havo-top en pabo oan Mariënburg, ek yn Ljouwert. Fan 1975 ôf wurke er te Kollumersweach yn it basisûnderwiis. Yn 2014 gie er mei pensjoen [1] en ferhuze er nei Drachten. Hy is troud en heit fan twa bern.

Muzikant
Yn de jierren tachtich begûn er op te treden as sjonger-gitarist. Hy skreau de teksten en de muzyk sels en trede op by festivals as Frentsjip yn Frjentsjer en op it ferneamde Tsjochfestival yn Drachten. Hy bejoech him ek yn it organisatoaryske wurk en wie û.o. in oantal jierren foarsitter fan de feriening Tsjoch. Yn 1992 rjochte er mei Foppe Jacobi (bayan, Russyske akkordeon) en Bauke van der Heide (gitaar) de groep SKIFT op. De groep wie populêr en wûn ferskate prizen: de twadde priis op Liet '92 mei ‘Frjemd Folk’ en in earste priis op it Noord-Nederlands Liedjesfestival yn 1996 mei twa lieten. Under de titel Nije Hoed naam de groep in cd op en waard úteinset mei de toernee 'Boer-de-Chant', in rige suksesfolle optredens op boerepleatsen yn Fryslân en omkriten. Yn 1999 hâlde SKIFT op te bestean.

Debútroman De ljedder
Tiemersma besleat doe om him út te lizzen op it skriuwen fan proaza. Hy ferkende syn mooglikheden troch yn 1999 in ferhaal op te stjoeren foar de Rely Jorritsmapriis. It foel net yn de prizen mar hy krige in stimulearjend sjueryrapport. Yn 2000 wûn er mei it ferhaal ‘Job - in alter’ wol in Rely Jorritsmapriis. Dat ferhaal wurke er fierder út; it waard de basis fan syn mânske debútroman De Ljedder, dy't yn maaie 2002 ferskynde.

It boek waard troch de lêzers tige posityf ûntfongen. De literêre kritiken wiene oer it generaal loovjend en ferrast. ‘It wûnder is bard: samar út it neat, sa liket it, hawwe wy der yn Fryslân in echte skriuwer by’, ornearre Tsjerk Veenstra yn it FD, en Elske Schotanus op Kistwurk: ‘Dit pykt der absolút út’. Der kamen ek inkelde krityske opmerkingen, benammen oer de komposysje fan it boek. Foar De Ljedder krige de skriuwer yn febrewaris 2004 as earste auteur de Rink van der Veldepriis út hannen fan Mineke van der Velde, de widdo fan Rink van der Velde. De sjuery priizge De Ljedder om de humor, de knappe persoansbeskriuwing, de útwurking fan karakters, it rike taalgebrûk, de flotte styl en it moaie idioom.

De mjitte: Frjentsjer revisited
Yn 2004 kaam Tiemersma mei syn twadde roman: De mjitte. Ek dy roman waard troch it lêzerspublyk wer tige wurdearre. De literêre krityk wie ferdield: Jabik Veenbaas yn de LC en Sjoerd Bottema yn De Moanne wiene beide posityf. Jetske Bilker priizge yn har resinsje op Farsk de flotte skriuwstyl mar kaam mei itselde punt as earder by De Ljedder, se fûn de opbou fan it ferhaal te min gearhing jaan, it ramt fan de notiid miste de twingende needsaak dy’t it ferhaal oer it ferline wol oprôp.

Parallellen
De tematyk fan de beide earste romans komt oerien: de haadpersoan, de ferteller yn it ferhaal, giet werom nei it ferline yn Frjentsjer, yn De Ljedder de oarloch op de pleats by de stêd, yn De mjitte de jierren fyftich yn de Wilhelminabuert. Troch werom te gean nei har bernejierren besykje se helderheid te krijen oer har wêzen as folwoeksen persoan. Yn beide romans wrakselje se mei djip yngripende saken dy't se as bern meimakke hawwe en dy't har letter libben as folwoeksene noch altyd beynfloedzje. It ferline moat rekonstruearre wurde om op dy manier fet op it libben fan no te krijen. Ek de opbou fan beide romans is te fergelykjen, Tiemersma lit de haadpersoanen yn flashbacks weromgean nei har ferline, ôfwiksele mei in ramt fan gronologyske fertelstikken yn it no, in ynlieding (De Ljedder) en in útlieding (De mjitte).

It liet fan de Ibis
De tredde roman, It liet fan de ibis, ferskynde maaie 2006. De roman spilet him ôf yn de notiid yn in lytse stêd dy’t nochal op Frjentsjer liket. De moard op Marianne Vaatstra en frjemdlingehaat foarmje de maatskiplike achtergrûn foar it ferhaal. Ek oer dizze tredde roman fan Tiemersma wiene de kritiken posityf mei in oantal foarbehâlden. Joop Boomsma stelde dat er by it lêzen geniete hie fan taal, sfear en fernimstige opbou fan it boek, mar dat er oan it gehiel fan de roman net folle hâld hie. Abe de Vries yn de LC wie fan miening dat it boek yngenieus yn elkoar stiek en dat de skriuwer de linen knap útwurke, mar dat er miskien tefolle hea op 'e foarke nommen hie. Henry Baron yn World Literature Today: ‘... Koos Tiemersma's rich use of imagery and detail and craft of storytelling make this postmodern novel for the most part an entertaining reading experience, even while imparting a fairly grim assessment of society's contemporary malaise.'

Tinzespultsjes
It folgjende boek wie de novelle Mind games. Fertelling fan in kaartehûs, dy’t yn 2007 ferskynde as Boekewikegeskink. Tagelyk kaam de miny-cd Lutske laket (‘Lucy in the sky...’) út mei fjouwer lieten fan Lennon en McCartney yn oersetting fan Tiemersma, útfierd troch Ernst Langhout en Johan Keus. Mei har joech Tiemersma yn de boekewike fan 2007 ek optredens. Yn Mind games spile de auteur in ‘mind game’ mei de lêzers, dy’t klauwen hiene oan in boek dêr’t alle haadstikjes nûmere binne mei ‘1’, it perspektyf om de alinea wikselet en alderhande wrâldferdûbelingen optrede. Jetske Bilker yn de LC fûn it wol in slagge boekewikegeskink, omdat it sa goed en spannend skreaun wie; Jaap Krol yn it FD wie benammen fol lof oer de goede komposysje dy’t it spul mei de ferskate realiteiten yn de stokken hold.

Fryslân ûnder wetter
Under wetter wie de folgjende roman, in deiboekferhaal dat spilet yn 2065, as Fryslân ûnder wetter komt te stean fanwegen de klimaatferoaring . Dat stelt de Friezen de fraach wat sy oan moatte mei har identiteit, in allegoarysk ferhaal oer de takomst fan it Fryslân fan no. Dêr wie de skriuwer op dat stuit net botte optimistysk oer [2].
Op in fraach fan De Moanne wat foar wurk fan him de skriuwer begjinnende lêzers oanriede soe wiisde er op dit boek. Mooglikerwize omdat de opbou derfan transparanter is as syn earder wurk. Sawol Jetske Bilker yn de LC as Jaap Krol yn it FD wiene loovjend en fûnen dat it boek oprôp ta diskusje oer identiteit en immigraasje. Elske Schotanus wie noch stelliger: ‘Mei Under wetter hat Tiemersma in maatskiplik relevante roman skreaun. It boek oertreft net allinne alles wat er earder skreau, dit is it meast nijsgjirrige proaza dat de lêste tsien jier yn it Frysk ferskynd is.’

Ophâlde mei skriuwen
It motto fan Under wetter is ûntliend oan Hessel Miedema: 'Jonges ik ha myn plicht dien foar it heitelân oer sis mar' – mei in sekere irony, mar ek út geastesbesibbens, want krekt as Miedema yn 1964 ferklearre Tiemersma ein 2009 op syn blog dat er útskeie woe mei de skriuwerij [3]. Pieter de Groot seach it as in skreau om oandacht [4]. Hessel Miedema hâlde nei 1964 hielendal op mei fiksje te skriuwen, mar Tiemersma woe by neier ynsjoch dochs in paad sjen te finen as skriuwer yn de wrâld fan de nije media: frij fan papier, allinne e-books foar in skaplik pryske, los fan útjouwers, mei de nije skriuwersnamme Froon Akker en yn twa talen. Hie gie by syn útjouwer de Friese Pers Boekerij wei en begûn yn juny 2010 mei in eigen website om syn wurk oan de man en frou te bringen.

Dien wurk
Yn de rige lêzingen fan it Sirkwy sympoasium 2012 hâlde Greet Andringa [5] ein jannewaris in lêzing oer de fiif doe ferskynde Fryske romans fan Tiemersma. Har stik kaam letter yn Ensafh. Se gie der fan út dat Tiemersma dien wurk makke hie mei syn skriuwerij, mar achte it net ûnmooglik dat it dien-wêzen in ‘mind game’ wie en de skriuwer yn him wol wer boppe wetter komme soe.

E-boeken
De earste digitale, Nederlânsktalige titel wie yn 2010 al ferskynd, Hoe blond je aap, in parody op it ferskynsel Wilders. It boek waard yn de Fryske media net besprutsen. Yn de jierren dêrnei kaam Tiemersma mei e-bookferzjes fan sawat al syn earder op papier ferskynd wurk. Fan it Nederlânsktalich debút folge yn 2014 de Fryske ferzje: In aap klimt út ‘e beam. Yn 2017 brocht de Friese Pers Boekerij sawol it lêstneamde boek as de Nederlânske oersetting (ûnder de titel Een aap klimt uit de boom) út op papier. Foar dizze gelegenheid hat de skriuwer beide ferzjes aktualisearre, foaral ek mei it each op it oantreden fan Trump as presidint fan de Feriene Steaten. Beide boeken binne útbrocht ûnder syn eigen namme.

Einum
Yn 2012 kaam de skriuwer mei Einum, dat allinne as e-boek ferskynde. Jelle van der Meulen wie de earste dy’t mei in besprek kaam, dat tige posityf wie. ‘Froon Akker heeft door de uitgangspunten en de constructie van zijn nieuwe roman, gecombineerd met een gedreven schrijfstijl een zeer boeiende roman afgeleverd.’ De advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis ornearre: ‘De skriuwer hâldt de faasje deryn troch syn bysûndere fernijende fertelstyl. Mei humor, en ek each foar tragyk, hat er in wrachtich boek skreaun oer it moderne Fryslân.’


Nei Einum
Yn 2016 brocht Koos Tiemersma yn 2016 syn earste ferhalebondel út. It waard wer in e-boek (Ik bedoel mar!), sawol yn it Frysk as it Nederlânsk. De besprekken wiene posityf, Doeke Sijens (LC) sette de bondel yn syn jieroersjoch boppe-oan. Yn 2018 publisearre er syn earste berneboek: Heech Tymo, sjoch omheech, dat nominearre waard foar de Simke Kloostermanpriis. Yn 2020 en 2022 folgen de romans Quist en De ynfaller.

Oare aktiviteiten
Tiemersma wie sûnt mids 2008 foarsitter fan it Frysk Skriuwersboun en bleau dat oant de bestjoerswiksel yn 2013.

Boarnen foar dit artikel
[1] RTV NOF, 14-07-2014
[2] Sietse de Vries, LC 27-02-2009
[3] LC 28-12-2009
[4] Pieter de Groot, LC 08-01-2010
[5] Greet Andringa, 'Dien wurk', Ensafh 2012, nr. 2, s. 40-60

Wurk


Romans
2002: De ljedder (3e pr. 2005 [Merkel-rige], 4e pr. 2010, TDE)
2004: De mjitte
2006: It liet fan de ibis
2007: Mind Games: fertelling fan in kaartehûs
2009: Under wetter
2010: Hoe blond je aap (e-boek ûnder skriuwersnamme Froon Akker, yn 2017 op papier ferskynd as Een aap klimt uit de boom)
2012: Einum (e-boek ûnder skriuwersnamme Froon Akker, yn 2015 ek op papier ferskynd ûnder deselde titel)
2016: Ik bedoel mar! / Ik bedoel maar! (as e-boek, ferhalebondel ûnder skriuwersnamme Froon Akker)
2020: Quist
2022: De ynfaller

Berneboeken

2018: Heech Tymo, sjoch omheech

Oersettingen
2007: De ladder (De Ljedder)
2011: Het lied van de ibis, e-book (It liet fan de Ibis)
2012: Einum
2014: In aap klimt út 'e beam (e-boek, oersetting fan Hoe blond je aap, yn 2017 ek op papier ferskynd)
2016: Ik bedoel maar! (as e-boek, oersetting fan Ik bedoel mar!)
2020: Quist (e-boek)
2022: De invaller (e-boek)

Audio-boeken
2008: De mjitte: audioboek (foarlêzen troch Tryntsje Finnema en Koos Tiemersma)
2015: Einum (foarlêzen troch Tryntsje Finnema en Koos Tiemersma)
2019: Ik bedoel mar!
(foarlêzen troch Geartsje de Vries)

Cd’s

1996: Nije hoed (mei SKIFT)
2007: Lutske laket (mei Ernst Langhout en Johan Keus)

Prizen
2000: Rely Jorritsmapriis (ferhaal: Job – in alter)
2004: Rink van der Veldepriis foar de roman De ljedder
2015: Rely Jorritsmapriis (ferhaal: In stjer, in planeet)
2015: Gysbert Japicxpriis foar Einum
2016: Rely Jorritsmapriis (ferhaal: De ûnwittende)
2018: Rely Jorritsmapriis (ferhaal: De ereksje fan in oar)

Nominaasjes
2015: Gysbert Japicxpriis foar Einum
2019: Simke Kloostermanpriis foar Heech Tymo, sjoch omheech!

Mear ynformaasje
Eigen webside
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Hedwig Terpstra,  Ensafh. 13-11-2013 (petear mei de skriuwer)
De Moanne 15-05-2015 (oer Einum)
Brosjuere 10 books from Friesland 2016
Sippie Miedema, FD 27-05-2020 (oer promo-aksje e-boeken)

Foto Tresoar -  Haye Bijlstra

© Tresoar, 24-05-2022