Berne: 21-03-1987, Dokkum

Libben en wurk

Geart Tigchelaar waard grut yn Damwâld. Hy gie dêr nei mafû de Saad, folge dêrnei de hafû fan it Dockinga College yn Dokkum en helle doe syn propedeuse fan de pabû oan de CHN (no Stenden Hegeskoalle) yn Ljouwert.

Syn leafde foar it Frysk brocht him doe op it paad fan de bachelor- en masterstúdzje Fryske taal en kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins. Aldfrysk fûn hy ien fan de moaiste fakken. Neitiid helle er ek syn bachelor foar dosint Nederlânsk oan NHL Hegeskoalle yn Ljouwert.


Yn syn studintetiid yn 2007 rjochte er yn ’e mande mei trije meistudinten (Dirk Jan Muntendam, Jurrit Jan de Jong en Truus de Vries) stúdzjeferiening Skanomodu op. It bestjoer seach de needsaak fan in ferieningsblêd en joech de oantrún ta Skanoskrift [1]. Tigchelaar wie trije jiergongen, fan oktober 2007 oant simmer 2010, haadredakteur fan it blêd, mar ek letter levere er bydragen. Yn dy tiid begûn syn ynteresse foar it skriuwen. Mei Dirk Jan Muntendam as ko-auteur skreau er it boek De Kweeste fan Ridder Pieter ‘Geef-mar-Linich’ fan Skingen: in frije bewurking fan de Kening Arthur Saga (2010), dat ûnder it pseudonym Geart Jan Tigcheldam yn eigen behear útjûn waard by gelegenheid fan it ôfskied fan dosint Pieter Breuker by de oplieding Fryske taal en kultuer.

Yn 2011 ferskynde syn debút Lúshâlding, in allegoarysk ferhaal oer in luzefamylje. Doeke Sijens [2] fûn it 'in aardich en boartlik boek, dúdlik mei in soad wille skreaun', mar hy miste de djipgong. Jaap Krol [3] lies in 'orizjineel en faak grappich boek'. Tagelyk wie er fan betinken dat Tigchelaar syn ferteltechnyk better koe. It probleem wie neffens him dat de skriuwer gjin kar makke tusken in roman of in bondel mei losse ferhalen, wêrtroch't de toan gauris te 'flets' oerkaam en dit tempo te leech wie.

Yn 2016 publisearre er de roman Bêste jonge. Yn dit boek beskriuwt Tigchelaar hoe't haadpersoan Jarich besiket om te ûntsnappen oan in boargerlik bestean, dat him as troud man en jonge heit hieltyd mear benearret. Doeke Sijens [4] seach in 'meinimmend' ferhaal, mar werhelle de krityk dy't er ek op Lúshâlding hie: 'Mar hoe fernimstich ek opset, geandewei wurdt it steurend dat de skriuwer konflikten en striidpetearen tusken de haadpersoanen al mar wer bûten it ferhaal hâldt, dat dêrmei sa licht as in fear bliuwt'. Sigrid Kingma [5] seach Bêste jonge lykwols as in stap foarút: 'Bêste jonge is in grutte stap nei in folwoeksen roman. Hielendal ast sjochst nei it grutte ferskil tusken dit boek en syn Lúshâlding, dêr't er yn Bêste jonge mei sûne selsspot in aardige ferwizing nei makket. Wylst dat nei eigen skriuwen "net om troch te kommen" is, lêst dit wurk as in trein.'

Yn datselde jier publisearre Geart Tigchelaar de dichtbondel leech hert yn nij jek. Eppie Dam [6] wie fan betinken dat Fryslân der in dichter by hat: 'Dêr't de gedichten de wriuwing tusken skjin skip meitsje moatte en tagelyk fêsthâlde wolle oan it fertroude, it skerpst ferwurdzje, is Tigchelaar op syn bêst.' Yn 2017 krige Tigchelaar foar dizze bondel de Douwe Tammingapriis foar it bêste debút takend, nei't er in jier earder al de Obe Postmapriis foar syn oersetting fan Erik of het klein insectenboek fan Godfried Bomans krigen hie.

Njonken it skriuwen fan proaza skriuwt Geart ek poëzij en boekbesprekken. Fan 2010 oant 2021 wie er redakteur fan literêr tydskrift Ensafh. Hy wie ek ferantwurdlik foar it twitter-akkount fan Ensafh dêr’t er geregeld in tweet ('literêr tweltsje') foar ferstjoerde. Yn ’e mande mei oare skriuwers en mei de de oprjochters fan útjouwerij Regaad toerde Geart yn april 2014 troch de provinsje mei de Fryske Horrortour. Letter yn 2014 sette er him in skoftke nei wenjen yn Denemarken, nei in jier kaam er werom.

Yn jannewaris 2021 folge er Jankobus Seunnenga op as Streekdichter fan Noardeast-Fryslân [7].

Literatuer is ien passy fan Geart Tigchelaar, fytstochten meitsje [8] en muzyk binne de oare. Hy fersoarge oant 2014 it slachreau foar de Fryske rockband Kramtried, dy't er tegearre mei syn broer Eibert oprjochte. Tsjintwurdich spilet er, ek mei syn broer, yn de band Doomwâld. Oer dy fytstochten brocht er yn 2021 in 'psychologyske fytsroman' út ûnder de titel Om.

Dêrneist hellet Geart Tigchelaar ek geregeldwei it nijs mei syn fytstochten rûnom. Hy fielt in sterke driuw om fuort, sa't er oanjoech yn in fraachpetear mei Gerbrich van der Meer [9]. Hy kombinearret syn tochten mei it jaan fan stipe oan Cycling out of Poverty, in organisaasje dy't fytsen skinkt oan helpferlieners yn bygelyks Afrika.

Geart Tigchelaar hat yn 2022 in oersetting makke fan Lord of the flies fan William Golding: Hear fan 'e miggen. De presintaasje wie yn de hjerst fan dat jier yn paviljoen MeM yn Bûtenpost. Tryntsje van der Steege fersoarge in ynlieding, sjoch hjirûnder by Mear ynformaasje. Dêrnei wie der bûtendoar in koarte ferbylding fan it boek te sjen.

Yn 2023 brocht Tigchelaar de bondel  Oer de streek út, mei wurk dat er as streekdichter skreaun hie.

Boarnen foar dit artikel
[1] Skanoskrift
[2] Doeke Sijens, LC 02-12-2011
[3] Jaap Krol, FD 25-02-2012
[4] Doeke Sijens, LC 13-05-2016
[5] Sigrid Kingma, Ensafh 2017 - jiergong 3 (side 41-43)
[6] Eppie Dam, LC 11-03-2016
[7] RTVNOF, 27-01-2021
[8] Eigen fytsbloch
[9] Gerbrich van der Meer, FD 25-05-2019

Bibliografy


Proaza

2010: De Kweeste fan Ridder Pieter ‘Geef-mar-Linich’ fan Skingen: in frije bewurking fan de Kening Arthur Saga (mei ko-auteur Dirk Jan Muntendam, ûnder it pseudonym Geart Jan Tigcheldam)
2011: Lúshâlding
2016: Bêste jonge
2021: Om

Poëzy
2016: leech hert yn nij jek
2020: Ommers
2022: Oer de streek

Oersettingen

2015: Erik of it lyts ynsekteboek (Godfried Bomans)
2016: Firalen (Kathy Reichs)
2017: Koade (Kathy Reichs)
2018: Swarte swan (Gideon Samson - jeugdboek)
2022: Hear fan 'e miggen (William Golding - Lord of the flies)

Ferskaat
2018: Poetic Potatoes (mei oaren)

Nominaasjes
2018: Rink van der Veldepriis foar Bêste jonge

Literêre prizen
2016: Obe Postmapriis foar Erik of it lyts ynsekteboek
2017: Douwe Tammingapriis foar leech hert yn nij jek
2017: Rely Jorritsmapriis (ferhaal: Dû smearlap)

Mear ynformaasje
Sietse de Vries, fraachpetear LC 21-10-2011
Oankundiging horrortour, NNOF 18-04-2014
Nijsartikel fytsreis LC 09-02-2016
Artikel by de ferskining fan Swarte swan, LC 21-03-2018
Redmar Bosma, FD 09-11-2019 (oer fytstocht foar Cycling out of Poverty)
Suwarda Vis, Franeker Courant 02-12-2020 (fraachpetear)
Rennie Veenstra, Nieuwsblad Noordoost-Friesland 20-01-2021 (oer beneaming ta streekdichter)
Promoasjefilmke by Firalen fan útjouwerij Elikser, YouTube 30-05-2022
Marijke de Boer, Omrop Fryslân 27-10-2022 (û.o. oer syn ôfstân nimmen fan de skriuwerij)
Tryntsje van der Steege, yntroduksje by boekoanbieding Hear fan 'e miggen, 29 oktober 2022
Sippie Miedema, FD 26-01-2023 (oer de ein fan syn streekdichterskip en syn takomst)

©Tresoar, 01-03-2023

(foto auteur: Pieter Postma)