Berne: 07-02-1943, Hallum

Libben en wurk

Rommert Tjeerdsma waard berne yn Hallum en die syn wurk as postamtner earst yn Ljouwert en letter yn Stiens. Earst nei syn pinsjoenearring is er mei skriuwen begûn. Tjeerdsma is troud mei de dichteresse Jelly Keekstra en wennet yn Marrum.

Rommert Tjeerdsma hie al betiid in soad nocht oan alles wat mei boeken en lêzen te krijen hie. It feit dat jo troch it lêzen fan letters bylden en dreamen oprôpen en dêrtroch yn in oare wurklikheid en in oare wrâld ferkeare koenen, hat him altyd fassinearre. Yn 1990 ferskynden de earste ferhalen en gedichten yn de Fleanende Krie. Yn it Friesch Dagblad folgen yn 2003 koarte ferhalen. De lêste jierren hat de skriuwer de fêste rubryk ‘Kafee Rom Sicht’ yn Lyts Frisia. Fan 2005 ôf lei Tjeerdsma him inkeld út op it skriuwen fan proaza. Sa ferskynde syn debútroman Brekpunt yn 2006: in beskriuwing fan in jier út it libben fan in jonge frou yn 1947. Yn 2009 ferskynde Frij as de wyn, mei as tema de grutte tsjinstellings tusken earm en ryk yn it Fryslân fan 1847.

Dêrnei publisearre er by de KFFB mear romans mei ferhalen yn in histoaryske kontekst, mei de klam op de jierren tritich en de oarlochsjierren. Benammen de searje oer Doutzen en Sibe, dy't er fan 2013 ôf publisearre, is hjir in foarbyld fan. Sibe komt al rillegau yn it farwetter fan de NSB telâne en lit him frijwat kritykleas meislepe, wat gefolgen hat foar syn húshâlden.

De kritisy seagen sawol positive as negative kanten yn dizze searje. Oan de iene kant is der wurdearring foar syn flotte styl en de beskriuwing fan dy tiid. Doeke Sijens [1] oer de manier om de tritiger jierren del te setten yn Om Doutzen: 'Yn alle gefallen bringt er de ûntefredenens fan de minsken goed oer'. Tagelyk wie er minder te sprekken oer de manier dêr't de haadpersoanen mei weromsjogge op har eigen rol, lykas ûnder wurden brocht troch de selde Doeke Sijens yn syn besprek [2] fan Doutzen yn swier waar: 'Dat de skriuwer oandacht foar sokke ferhûddûke minsken (Sibe en Doutzen - red) hat, falt te priizgjen. Spitigernôch giet er mei yn de rol fan slachtoffer, dy’t Doutzen en Sibe oannimme.' En fierderop yn itselde besprek: 'Opfallend is dat Tjeerdsma it net opbringe kin om - as Sibe yn Westerbork finzen sit - ek mar ien kear it lot fan de Joaden te neamen, dy't dêr noch mar in pear jier earder tahâlden, ûnderweis nei in folle slimmer lot as Sibe en Doutzen trochstean moatte'.

Yn in fraachpetear mei Sietse de Vries [3] ljochte Tjeerdsma ta wat de reden hjirfan wie: 'Oer wa tde Nederlânske kollabo-rateurs op har gewisse hawwe, binne al in hiel soad boeken skreaun. Dathoegde net noch in kear. It is net om’t ik sa rekalsitrant bin dat ik oer de oare kant skriuw, it is mear om’t der ek fuort nei de oarloch ferskriklike dingen bard binne. Dy fertsjinje ek oandacht'.

Boarnen foar dit artikel
[1] Doeke Sijens, LC 05-04-2013
[2] Doeke Sijens, LC 10-05-2019
[3] Sietse de Vries, LC 05-04-2019 (fraachpetear)

Wichtichste wurk

Proaza

2006: Brekpunt
2009: Frij as de wyn
2010: Reboelje yn Kollumerlân
2013: Om Doutzen
2014: Ferliezers
2015: Doutzen ûnder fjoer
2016: De foet by de kûle
2019: Doutzen yn swier waar

Mear ynformaasje
Hedwig Terpstra, fraachpetear op Ensafh, 06-06-2014

©Tresoar, 02-10-2019