Berne: 15-08-1943, It Heidenskip
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Op 15 augustus 1943 is Willem Tjerkstra berne oan board fan it skûtsje ‘Twee Gebroeders’ dat op dat stuit yn de Heidenskipsterfeart lei.
Doe’t Willem tsien jier wie kaam de famylje Tjerkstra te wenjen yn it slúswachtershûs fan Terherne. Tjerkstra folge de oplieding ta ûnderwizer. Hy hat tusken 1964 en 1974 oan ûnderskate basisskoallen yn Fryslân ferbûn west en wie fan 1975 oant 1989 direkteur fan basisskoalle De Ark yn Snits. Fan 1989 oant syn VUT wie er meiwurker fan it Gemeenschappelijk Centrum voor Onderwijsbegeleiding Fryslân. By it G.C.O. hold er him foaral dwaande mei it skriuwen fan Frysk ûnderwiis-materiaal. Fierders skreau er ferhalen foar de blêden De Holder en Sjedêr!!!, bedoeld foar learlingen fan it basis- en fuortset ûnderwiis, en wie er haadredakteur fan Byntwurk, in tydskrift oer en foar it ûnderwiis. Mei oaren skreau er in lesmetoade foar pedagogyk en foar godstsjinstûnderwiis. Tjerkstra hat in lange rige publikaasjes op edukatyf mêd op syn namme stean, guon allinnich, guon yn gearwurking mei oaren skreaun.
Skriuwer
Syn debút as skriuwer makke Tjerkstra mei it jongereinboek De wite kastanje. De oanlieding foar it skriuwen fan dat boek wie, dat learlingen fan syn skoalle yn Snits stiennen mei nei skoalle ta namen, dy’t ôfkomstich wiene fan de fûneminten fan in âlde kleaster-muorre. By in restauraasje wiene dy foar it ljocht kaam. It boek waard goed ûntfongen, Tjerkstra skreau dêrnei noch fjouwer boeken foar de wat âldere bern. As aksjeboek foar bern makken Willem Tjerkstra en Luuk Klazinga yn 1996 it earste oarspronklike Frysktalige stripboek yn kleur, De reizen fan Tsjam. Maatskiplike problemen dêr’t bern yn de eigen omjouwing mei konfrontearre wurde, en histoaryske ûnderwerpen, binne weromkommende tema’s yn syn berneboeken.
Yn 1991 ferskynde Tjerkstra syn earste boek foar folwoeksenen, de ferhalebondel Bline mosken, in jier letter folge troch de roman Finzen yn bylden. Ut dat wurk blykt Tjerkstra syn oandacht foar minsken dy’t yn har libben mei grutte problemen konfrontearre wurde en syn belangstelling foar de twadde wrâldoarloch. Ta gelegenheid fan de 50e befrijingsdei stalde er it twatalige boekje 50 jier… letter gear mei bydragen fan Tiny Mulder, Gerben Oppewal en Taco van der Veen, minsken dy’t aktyf oan it ferset tsjin de Dútsers dielnommen hawwe.
It wichtichste literêre wurk fan Tjerkstra is de histoaryske roman Ridder fan Snits, dy’t útkaam by de Kristlik Fryske Folksbiblioteek (KFFB). De tsjûke roman (680 siden) ferskynde yn trije útjeften, Rom (diel I, 1999), Skuld, (diel II, 2000) en Boete (diel III, 2001). It ferhaal spilet yn de lette midsieuwen en giet oer it romrofte libben fan de haadling Rienk Bockema. Yn dy roman wit Tjerkstra de ferhâlding tusken histoaryske feiten en fiksje op in knappe wize stal te jaan. Literêre wurdearring krige Willem Tjerkstra doe’t him yn 2003 foar Ridder fan Snits de wichtichste priis foar literatuer, de Gysbert Japicx-priis, takend waard.
Yn tsjinstelling ta de histoaryske roman Ridder fan Snits, binne de beide folgjende romans fan Tjerkstra situearre yn dizze tiid. Yn 2002 ferskynde de roman Snijpunten, trije jier letter kaam, yn eigen behear, de roman Dokslepers út. De roman Snijpunten hat twa, manlike, haadpersoanen, dy’t elkoar moetsje as se in nacht tegearre op in sikehûskeamer trochbringe moatte. Dy nachts fertelle de, ûnderling tige ferskillende haadpersoanen, elkoar har libbens- ferhaal. Eric Hoekstra seit yn syn besprek fan it boek dat Tjerkstra de karakters fan de beide mannen net echt sterk útwurke hat, ek de dialogen fynt er net natuerlik. Wêr’t it boek neffens Hoekstra yn útblinkt, dat is yn de symboalyske betsjutting dy’t de skriuwer oan guon foarwerpen en hannelingen jout. ‘Troch de roman hinne spylje de symboalen fan in spoar en de lokomotyf, it byldsje, it saaien fan stientsjes oer it wetter, it wichtige rol, dy’t de roman in gearhing jouwe boppe it programmatyske en it artifisjele út. Allyk wie der yn Ridder fan Snits by riten sprake fan sterke symboalyske sênes’. (Eric Hoekstra, resinsje: ‘Klef! Mar dochs boeiend…’, yn Hjir 32.2, side 27-32)
Yn Dokslepers is sprake fan meardere haadpersoanen, allegearre wenje se by it Spoardok, dat neffens de gemeente fuort moat om plak te meitsjen foar wat nijs. Tjerkstra beskriuwt de ferskillende haadpersoanen mei har persoanlike idealen en har stribjen foar it behâld fan it Dok mei syn natuerlike wearden foar lânskip en miljeu. De struktuer fan it boek hat wat fan in lispuzel; alle haadpersoanen hawwe inkelde haadstikken, dy’t oan ’e ein fan it boek yninoar gripe en sa ien gehiel foarmje.
Tjerkstra hat it boek diskear yn eigen behear útjûn, omdat neffens syn fêste útjouwer, de KFFB, it boek net goed by har lêzerspublyk paste.
Sûnt 2003 wurket Tjerkstra oan in multy-literêr projekt mei as titel In Fryske Odyssee. Hjiryn wurdt gebrûkmakke fan in oantal ferskillende literatuerfoarmen, yn in projekt dat bestean sil út sa'n tritich romans en novellen. Sintraal steane bewenners fan It Heidenskip en dan benammen Bouke, dy't op stjerren leit. Mar foardat it safier is, wol er noch ien fraach beändere hawwe: wat is de sin fan it libben? De earste publikaasjes yn dizze rige kamen yn 2020 út.
List fan belangrykste wurk
Romans
1992: Finzen yn bylden
1999: Ridder fan Snits - Rom (Histoaryske roman, diel I)
2000: Ridder fan Snits - Skuld (Histoaryske roman, diel II)
2001: Ridder fan Snits - Boete (Histoaryske roman, diel III)
2002: Snijpunten
2005: Dokslepers
IN FRYSKE ODYSSEE
2020
Diel 01: Mei it mystearje, in Fryske Odyssee
Diel 02: Mei Russyske mystearjes
Diel 03: Mei it Godsmystearje
2021
Diel 04: Mysterieuze krêften
Diel 05: Bertekrêft
Diel 06: Krêftfjilden
Diel 07: Fan in keninklik ferline
Diel 08: Krêft fan it folk
Diel 09: Krêft fan de presidint John Fitzgerald Kennedy
Diel 10: Mei gidsen nei hichten
Diel 11: It himelske hof
Diel 12: Tusken twa planeten
Diel 13: Tusken heiten en soannen
Diel 14: Spoar fan Abraham
Diel 15: Hege flecht
Diel 16: Kosmysk sekslibben
Diel 17: Gouden pest
Diel 18: Bloedgoud
Diel 19: It jier 1929
Diel 20: Dynamyske bestimming
Diel 21: Van ene glorieuze toekomst
Diel 22: Oergongen
Diel 23: Swart Gat
Diel 24: Ik Vincent van Gogh
Diel 25: Op 'e njoggende planeet
2022
Diel 26: Beaken foar it minskdom
Diel 27: Nei it mystearje
Ferhalebondel
1991: Bline mosken
Berneboeken
1986: De wite kastanje (jongereinboek)
1987: It fjoer fan de ûnmacht (jongereinboek)
1990: De Marsbosk (jongereinboek)
1993: De Oaljespinnen
1995: De Rie fan Fjirtjin (jongereinboek)
1996: De reizen fan Tsjam (it earste orizjinele Fryske stripboek, mei tekeningen fan Luuk Klazenga, aksjeboek fan de Stichting It Fryske Berneboek)
1998: De Alvestêdetocht fan Tsjam (stripboek mei tekeningen fan Luuk Klazinga)
2004: It geheim fan de see
Ferskaat
1987: Heechterp en it geheim fan de stien (skreaun mei help fan Fryske skoalbern troch ferskate skriuwers, einredaksje M. Wynstra)
1990: Een klas vol zeehondjes (Henk van der Winden en Willem Tjerkstra)
1992: Rik as brânwacht (lêsboekje foar begjinnende lêzers)
1994: Rik as mollefanger (lêsboekje foar begjinnende lêzers)
1994: Fryske Taal Rotonde (searje lessen foar de basisskoalle, mei Wys de Jong en oaren)
1995: 50 jier... letter (bydragen fan T. Mulder, G. Oppewal en T.v.d. Veen, yllustraasjes Wim Swart)
1998: It geheim achter de doar (lêsboekje foar begjinnende lêzers)
Meiwurke oan (in seleksje)
1991: Fryslân foar bern
1991: Het Friese kinderboek
1991: Sinteklazeboek
1991: Broei
1994: Tsjusterbaarlik
1995: In hânfol geiten
1995: De fersierde krystbeam
1996: Een land vol verhalen
1996: De koperen tabaksdoos en andere ferhalen
1996: Fryske fakânsjeferhalen
1999: Din din doasy
Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Rixt Oenema, LC 13-04-2018 (fraachpetear oer it projekt Wetterfjoer)
Webside Willem Tjerkstra
Ruurd Walinga, FD 07-05-2021 (fraachpetear mei útjouwer fan In Fryske Odyssee)
Ruurd Walinga, FD 07-05-2021 (fraachpetear oer In Fryske Odyssee)
Sietse de Vries, LC 04-06-2021 (fraachpetear oer In Fryske Odyssee)
Omrop Fryslân, 27-02-2022 (fraachpetear oer In Fryske Odyssee)
Elizabeth Vogelzang, LC 03-08-2022 (oer de oerdracht knipselmappen silerij)
©Tresoar, 03-08-2022