Berne: 26-07-1944, Snits
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Hylke Tromp is hikke en tein yn Snits. Syn heit hie yn it sintrum in lytse drogisterij en fotohannel. De polemolooch mei deselde namme hie deselde pake, dy't ek Hylke Tromp hiet.
Hy folge de middelbere skoalle op it stedsgymnasium ‘Magister Alvinus’. Anne Wadman wie dêr syn learaar Nederlânsk. Hylke Tromp studearre Nederlânske taal- en letterkunde oan de universiteit yn Grins en waard yn 1969 beneamd as learaar op in skoalle by Heerlen. Yn 1972 krige er in betrekking oan de Ryks Skoallemienskip yn Ljouwert en ferhuze nei Stiens.Tusken 1972 en 1990 wie er yn de jûnsoeren dosint taalkunde by de Noordelijke Leergangen. Yn 1978 waard er ferbûn oan ‘syn eigen’ middelbere skoalle yn Snits (troch in fúzje yn 1971 net mear in selsstannich gymnasium mar in skoallemienskip mei deselde namme). Yn 2005 koe er mei de fut.
Tromp wennet yn Reduzum mei syn frou Meinou Piebenga.
Wurk
Hylke Tromp hat altyd al wol skreaun, mar fan fiksje kaam it ynearsten net. It bleau by kritysk wurk, losse putten en teksten fan de koarte baan. Sa skreau er hûndert kollums foar de Ljouwerter Krante yn it tiidrek 1999-2003, lietteksten foar it trio Wiltsje fan Peazens, dêr’t er sels sjonger en fioelist fan is, en hy bespriek literatuer foar ûnder oare Omrop Fryslân. In oantal fan dy besprekken waard yn 1998 publisearre yn Spikers & koppen. Yn 1995 wie er foarsitter de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis en fan 2002-2006 wie er trije kear jurylid fan de Slauerhoff poëzijpriis.
Fan 2000-2009 joech er tegearre mei Akky van der Veer de kursussen kreatyf skriuwen by it FLMD en letter by Tresoar, en hy fersoarge ek geregeld workshops op de jierlikse Provinsjale Skriuwdei. Fierder wie er jierrenlang lid fan de advyskommisje en letter ek bestjoerslid fan it Nederlands Literair Productie- en Vertaligenfonds (NLPVF), dat advisearre oer subsydzje oan Fryske útjouwers.
Ienkear yn de fut die him de gelegenheid foar in skoftke ta te hâlden yn it skriuwersarkje fan Rink van der Velde op de Feanhoop. It bibelske drama Noah fan Joost van den Vondel hie him al folle langer ynspirearre en dat stik waard it útgongspunt foar in roman. Yn de simmer fan 2006 ‘kamen de arke fan Rink en dy fan Noah byinoar’ en sette Tromp út ein mei syn debútroman Noah. It boek ferskynde yn 2014. It wie sa lang ûnderweis ûnder oare omdat Tromp net woe dat it útkomme soe, salang’t er in funksje hie by it NLPVF. Noah spilet yn de wrâld fan it Fryske iepenloftspul. Tromp hat dêr syn eigen ûnderfining yn ferwurkje kind: hy hie sels fjouwer kear in rol yn it iepenloftspul fan Jorwert.
Bibliografy
Proaza
2014: Noah
Ferskaat
1998: Spikers & koppen
2011: De tromp fan Driessen (oer Fryske poëzij nei 2000, Sirkwy seminar 30-11-2010)
Kollums
1999-2003: Yn katern ‘Freed’ fan de Ljouwerter Krante.
Nominaasjes
2016: Rink van der Veldepriis, Noah
Mear ynformaasje
Jelle Krol, LC 20-03-1998 (besprek Spikers en koppen)
Hylke Tromp, LC 17-05-1999 (In pynlike treast, earste kollum,)
Hylke Tromp,, LC 10-01-2003 (C, hûndertste kollum)
Sietse de Vries, LC 07-07-2006 (fraachpetear)
Sietse de Vries, LC 13-06-2014 (by 30 jier ‘Wiltsje fan Peazens’)
©Tresoar, 02-10-2019