Berne: 02-04-1904, Wommels
Ferstoarn: 16-03-1985, Bakhuzen
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Hendrik Twerda troude yn 1931 mei Pytsje Berga. Fan 1934 oant 1969 wie er haad fan de kristlike skoalle yn Bakhuzen.
Hy sette him benammen yn foar Frysk geakunde- en skiednisûnderwiis. Hy skreau taal- en lêsboekjes, mar ek teksten by diapositiven.
Fierder wie er redakteur by 'De Pompeblêdden', in tydskrift foar Fryske stúdzje. Fierder wurke er mei oan de nije Fryske bibeloersetting. As it om it ûnderwiis gie, frege er om romte foar it Frysk as fiertaal yn de twa leechste klassen, mei in oergong nei it Hollânsk yn it tredde jier en it Frysk as fak de hiele skoalle.
Hy is it bekendst wurden troch de publikaasje fan Fan Fryslâns forline yn 1968, in boek mei in soad detailynformaasje oer de Fryske skiednis, dat rûnum yn it Fryske ûnderwiis brûkt waard.
WURK
Ferskaat
1946: Aldfaers erf
1968: Fan Fryslâns Forline (fertelboek fan de Fryske skiednis, 1968)
Mear ynformaasje
Wikipedy
©Tresoar, 02-10-2019