Berne: 16-01-1929, GRou
Ferstoarn: 28-08-2010, Apeldoorn
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Hette Uilkema waard berne ûnder Grou.
Al hie er in talint foar de kreätive kant en folge er nei de oarloch in kursus Frysk, dochs keas er foar de rekkenkant en waard er boekhâlder. Ynearsten wie dat by de Sintrale Lânbou Boekhâlding te Ljouwert, letter ferfarde er nei Apeldoarn ta om dêr yn it wurk te gean by in akkountantskantoar. Hy is altyd yn Apeldoarn bleaun, ek doe't er wurke foar bedriuwen as Akzo en Kluwer.
De bân mei Fryslân hold er oan troch by de Fryske Krite as ponghâlder de sinteraasje by te hâlden. Nei syn pensjoen krige er it oan tiid en skriuw syn earste boek. Dat waard Stil jild, in roman oer in boekhâlder dy't it behear krijt oer in pot mei swart jild. It is in boek wurden mei, sa't er sei yn in fraachpetear [1] mei Pieter de Groot, in soad autobiografyske eleminten, al hat er benammen it part oer de miljoenen dy't de boekhâlder nei bûtenlânske bankrekkens fuortset gewoan optocht: 'Ik moat hjir de belesting net oer de flier...'
Letter publisearre er in twadde roman mei de titel Tried, in boek dat as PDF online (op syn eigen webside) stien hat.
Yn 2010 is er ferstoarn te Apeldoorn.
Boarnen foar dit artikel
Pieter de Groot, LC 22-08-1997 (diel 1 en diel 2)
WURK
Proaza
1997: Stil jild
2001: Tried (allinnich ferskynd as HTML)
Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
©Tresoar, 09-10-2019