Berne: 18-06-1932, Ealsum
Ferstoarn: 17-02-2001, Drachten
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografie nL
Libben en wurk
Rink van der Velde waard berne yn Ealsum en kaam ynearsten yn Dokkum op skoalle. Hoewol’t er dus fan berte in Dongeradielster is, fielde er him mear ferbûn mei de Wâldsjers. Dat sil wol dêrfan komme, dat er syn jongesjierren foar it grutste part op De Sweach belibbe hat, dêr’t syn heit de plysje wie.
Rink wie de jongste yn de húshâlding fan Hindrik van der Velde en Hindrikje Pilat. Nei de legere skoalle reizge er nei de cvo-skoalle en de kristlike mulo yn Drachten. Dêrnei wie er ûnder oare warber as monsternimmer foar it suvelfabryk yn Oerterp, mar as jonge fan in jier as achttjin rekke er nei Frankryk ta, dêr’t er by in boer fan Flaamsk komôf yn ’e omkriten fan Parys oan it wurk slagge. Fanwege de tsjinstplicht waard er yn 1953 nei Nederlân weromroppen en moast er opkomme by de Marine. Nei syn tsjinsttiid waard Van der Velde, dy’t altyd al graach opstellen makke en as skoaljonge ek alris in Hollânsktalich yndianeboek opset hie, ferslachjouwer by de Nieuwe Dockumer Courant. Frysk skriuwe hie er noch nea dien, dat hy skreau mei it wurdboek der by. Op oanstean fan haadredakteur Freark Dam fan de Drachtster Courant gie er nei in healjier by syn krante fierder. Letter stapte er oer nei de Fryske edysje fan Het Vrije Volk en de Friese Koerier. Nei de fúzje fan dy krante mei it ‘Hoofdblad van Friesland’ wurke er oant syn pinsjoen yn 1992 by de Leeuwarder Courant.
Fan kranteman nei skriuwer
Neidat er him in skoft mei de algemiene ferslachjouwerij dwaande hâlden hie, begûn Van der Velde wurk te meitsjen fan it beskriuwen fan tastannen en foarfallen út it ferline en fan it portrettearjen fan aparte minsken. Dêrneist makke er reisreportaazjes nei ûnder oare Grikelân, Frankryk en Israël. De ferhalen fan âlde anargisten, turfgravers, fjildminsken, fiskers, jagers, wilsterflappers en lju mei in wyld hier yn ’e nekke hie er niget oan en yn it werjaan fan har libbensaventoeren ûntwikkele er in eigen styl. Neffens syn sizzen hat er troch it wurk as sjoernalist it skriuwen leard – en dan benammen it skriuwen yn it Frysk. Syn idioom wûn gâns oan rykdom, omdat er in goed ear hie foar it faak noch moai geve, folksaardige Frysk fan de minsken dêr’t er as kranteman mei yn petear rekke.
Rink van der Velde hat yn Ljouwert, op ’e Gordyk, yn Drachten en De Wylgen wenne, mar ferkearde ek gauris op De Feanhoop yn syn arkje yn ien fan de petgatten dêr. Syn romans skreau er thús, mar yn de arke pakte er skoften mei it boek om en foarme it him yn syn holle. Hy wie troud, it echtpear krige ien dochter.
Yn 2001 ferstoar Rink van der Velde nei in lange sykte yn Drachten. Hy waard net te hôf brocht yn ’e Wâlden, mar yn Wetsens, yn syn bertegrûn.
It begjin as skriuwer
Rink van der Velde debutearre as Frysk skriuwer yn 1959 mei in feuilleton yn Frysk en Frij. Yn dat blêd en ek yn De Strikel die er ûnderfining op as stikjeskriuwer. Syn earste koarte ferhalen ferskynden yn De Tsjerne. In jier letter kaam syn earste en iennichste Hollânske roman út, De kleine kolonie, mar ûnderwylst riede er him al ta op in Fryske wjergader. Ynearsten sette er as ferteller ûnder de nei-oarlochske skriuwers de tradysje fuort fan Reinder Brolsma, Ulbe van Houten en Nyckle Haisma. Syn Frysk debút yn 1962, Joun healwei tolven, wie lykwols wat nijs. Dat boek wie nammentlik de earste ‘skriller’ (thriller) dy’t him folslein yn it bûtenlân ôfspilet (Frankryk).
Dat kin yn it ljocht sjoen wurde fan in algemiene ûntjouwing yn de Fryske literatuer nei de Twadde Wrâldoarloch. Skriuwer Anne Wadman naam dúdlik ôfstân fan it plattelânskarakter fan de Fryske literatuer oan dan ta. De skriuwerij soe him los fan Fryslân en it Fryske folk ûntjaan moatte: de swetten moasten útlein wurde. Wadman die dat mei De smearlappen (1963) troch de Fryske boereroman op de hakke te nimmen. Tegearre mei Fabryk (1964), it debút fan Trinus Riemersma, soarge it foar in soad opskuor yn Fryslân. Joun nei healwei tolven past yn dy ûntjouwing.
Yn syn earste romans brûkte Van der Velde, dy’t ta de ‘fertellers’ ûnder de proazaskriuwers rekkene wurdt, hyltyd eigen wjerfarren. Sa skreau er oer syn ûnderfiningen op it Frânske plattelân yn Beafeart nei Saint-Martin (1965) en oer syn tiid by de marine yn Forliezers (1963). Letter brûkte er stof dy’t er op reis yn it bûtenlân (Israël, Tsjecho-Slowakije, Grikelân) opdien hie yn Geiten, Griken en gekken (1967) en Chamsyn (1969).
De fûke
De fûke (1966) waard it earste boek dat yn Fryslân situeard is. De koarte roman spilet yn de Twadde Wrâldoarloch: in ielfisker wurdt troch de Dútsers oppakt om’t er ûnderdûkers hie. Under de ferhoaren swimt er hieltyd fierder de fûke yn. It boek wurdt troch de literêre kritisy sjoen as de bêste roman fan Van der Velde, benammen om de sobere styl en sfear, de karaktertekening fan it personaazje en de spanning. De fûke is fuortkommen út fraachpetearen dy’t Van der Velde as sjoernalist mei âldere minsken út de feanterijen hie, yn kombinaasje mei werklik barde foarfallen út de oarloch en in lokaasje oan ’e Tsjûkemar dy’t him ynspirearre. It boek waard in toanielfoarstelling (1977) en in film (2000) fan makke, dêrneist waard it yn trije talen oerset (Nederlânsk, Ingelsk, Oekraynsk).
De Twadde Wrâldoarloch is in belangryk tema yn De fûke, en ek yn Van der Velde syn folslein oeuvre. Yn totaal kinne acht fan syn boeken as oarlochromans oantsjutten wurde, fan Beafeart nei Saint-Martin yn 1965 oant syn lêste boek yn 2001, It guozzeroer. Yn 2010 waarden trije fan syn oarlochromans bondele yn De oarloch fan Rink van der Velde.
De frije fjildman
In oar kenmerk fan Van der Velde syn wurk hat te krijen met de haadpersonaazjes. It binne faak ferliezers; ienlingen dy’t de frijheid leaf hawwe en dy’t har net sa bot bekroadzje om de regels dy’t yn de boargermaatskippij yn acht nommen wurde. De typearring as in stûfe eigensinnige Fries noeget de lêzer út ta identifikaasje en fertsjintwurdiget sa miskien wol in ideaalbyld. Sa’n personaazje komme de lêzers al tsjin yn De fûke, mar Van der Velde wurke it noch mear út yn de santiger jierren.
Yn 1971 ferskynde Feroaring fan lucht, de skiednis fan Durk Lugtigheid, alias Durk Snoad en syn famylje. Durk is in karikatuer fan de Fries sa’t dy hjirboppe neamd is: as natuerman en frijbûtser wurdt er ferplichte om yn Drachten te wenjen en wurkjen, wat op net oars as swierrichheden útrinne kin. Freark Dam neamt him ‘de oerurven Frysk-Wâldsjer fariant fan de literêr ferneamde “uitvreter”. In man, wol sljocht en rjocht, mar net froed en from.’
It boek betsjutte in kearpunt yn it oeuvre fan Van der Velde. Hy lei him hieltyd mear út op it skriuwen fan romans dy’t tagonklik wiene foar in breed publyk. Hy woe syn publyk fermeitsje en dat docht er yn Feroaring fan lucht. It boek waard tige populêr: it is ien fan meast ferkochte boeken fan Fryslân (34.000 eksimplaren). Yn 2014 ferskynde by TDE de 17e printinge. Yn 1975 krige Van der Velde foar dit boek de Gysbert Japicxpriis. De priisútriking wie yn it Provinsjehûs, omdat de skriuwer gjin nocht hie oan in grut formeel feest yn Boalsert.
Súksesskriuwer
Nei 1971 hie Van der Velde it paad nei de lêzer definityf fûn; jier op jier bleau er de bêst ferkeapjende Fryske auteur. It satiryske en maatskippijkrityske fan Feroaring fan lucht werhelle er yn Pake Sytse (1975). Ek dat boek soe populêr wurde, de achtste printinge ferskynde yn 2010. Hy skreau in grut ferskaat oan boeken. Syn ynspiraasje helle er net langer út eigen ûnderfinings, lykas yn it begjin, mar allinnich noch mar út ferhalen, dokumintaasje en in grut ynlibbingsfermogen yn minsken en omstannichheden. Sa ferwurke er yn guon boeken histoaryske foarfallen en figueren, dêr’t er wol faak de frijheid naam om de feiten nei eigen hân te setten. De hûn sil om jim bylje (1978) giet oer Eije Wykstra, dy’t yn 1929 fjouwer plysjes deaskeat. Yn De nacht fan Belse Madam (1991) skriuwt er oer de Tsiendeiske Fjildtocht fan 1831 yn België. Fjouwer jier letter skreau er in boek oer de legindaryske joad Salomon Levy, dy’t de stamfaars fan in soad Westereintsjers wêze soe: In fin mear as in bears.
Dêrneist skreau Van der Velde in tal romans dêr’t plysjeminsken sintraal yn steane en dy’t faaks oantsjut wurde kinne as detektiveromans, lykas Rjochtdei op de Skieding (1994) en Smoarge grûn (1998). Twa personaazjes komme hieltyd werom: Homme Veldstra en Bonne Hos. Likegoed binne it ferhalen sa’t de lêzer dy wend is fan Van der Velde, mei leafde foar de eigen gea, satiryske krityk op it moderne libben en in mylde hâlding foar smjunten oer, dy’t eins altyd ferliezers binne.
Koartebaanwurk
Behalve as romansier is Van der Velde ek bekend wurden as skriuwer fan ‘stikjes’, almeast kroechferhalen, dêr’t syn sterke kanten, ryk idioom en in flotte ferteltrant goed yn útkomme. Yn dy stikjes koe er op in humoristyske en spotske wize maatskippijkritysk skriuwe.
Fan 1971 ôf publisearre de Ljouwerter Krante alle twa wiken in rubryk mei nijs út Bokwerder Belang, het Nieuws- en Advertentieblad voor Bokwerd en de wijde Omgeving; uitgegeven door de Vereniging voor Dorpsbelangen. Dêr stie fan alles yn: doarpsnijtsjes, kommentaar op de aktualiteit, krityk op de ‘Hoofdplaats’ ensafh. De skriuwer fan it sabeare doarp Bokwerd wie Van der Velde sels. Hy skreau yn in grienmank fan Frysk en Hollânsk, dat bekend wurden is as it ‘Bokwerters’: Nederlânsk fol mei frisismen, faak gewoan letterlik oerset, en âldfrinzich plechtich Hollânsk. Dy ferhalen waarden mannich kear bondele, krekt as syn oare, lykas de kroech- en fjildferhalen.
In ferhalebondel dy’t der útrint is Sa wie’t sawat út 1997. Dit boek jout in griemmank fan stikken, fiksje en non-fiksje, mei ek mear autobiografysk materiaal.
It guozzeroer
Van der Velde gie troch mei it skriuwen oant er net mear koe. Koart foar syn ferstjerren makke er noch mei dat syn lêste boek útkaam: It guozzeroer. Yn syn lêste ynterview sei er tsjin Fokke Wester dat er der mei in soad wille oan wurke hie en dat er tefreden wie. Hy slute ôf mei de wurden: ‘Ik haw it wol besjoen hjir.’ It boek wie neffens de kritisy strak en goed skreaun en in lêste tsjûgenis fan Van der Velde syn grutte fertellersjefte. Miskien is it net te fier socht om te ferûnderstellen dat ‘it guozzeroer’ – in âld grut hagelgewear – symboalysk is foar it Frysk. Mear as ien kear seit haadpersoan Bavius Bouma, yn syn lêste eintsje libben, fan it wapen: ‘Hy hat it boadskip goed oerbrocht’. Yn 2020 ferskynde de twadde printinge fan it boek.
Wurdearring en resepsje
Van der Velde ûntwikkele him ta de bêst ferkochte en meast lêzen Fryske skriuwer by syn libben. Foar alle boeken wiene der altyd wol in pear tûzen keapers en de measte boeken belibben werprintingen. Súkses by de lêzers gie net altyd lykop mei de literêre erkenning. Syn earste wurk waard troch de kritisy as literatuer sjoen, mar nei 1971 helle er it nivo út de eardere tiid net mear. Dochs wiene de reaksjes op nij wurk meastentiids posityf, al waard wolris wiisd op de triviale aspekten yn syn wurk en it bytiden allinne mar ferdivedearjend karakter.
It sjen litten fan it bysûndere yn it gewoane is de kwaliteit fan Van der Velde en net de beskriuwing fan it útwrydske, sa skriuwt Tineke Steenmeijer-Wielenga yn Mozayk fan in libben (2003).Yn de rin fan de tiid krûpte er de lêzer hieltyd mear op ’e hûd, sa hie er yn syn koarte ferhalen hieltyd minder wurden nedich om de toan te setten. Yn de romans waard er neffens Steenmeijer-Wielenga master yn it tapassen fan flashbacks en it tuskenfoegjen fan oantinkens dy’t it gehiel ferdúdliken. Hy dolde psychologysk net djip, hy hold him net dwaande mei de kompleksiteit fan de personaazjes, mar hy koe omraak minsken typearje en portrettearje en de aventoeren dy’t se meimakken beskriuwe. Syn natuerlike dialogen, gefoel foar humor en ear foar de gewoane man troffen in soad minsken. Yn syn wurk woe er oanslute by it wurdbyld fan de gewoane minsken, hy keas foar Wâldske farianten en mijde al te geve wurden.
Guon boeken waard in toanielfoarstelling fan makke, lykas Pake Sytse yn 2010, dat yn de bûtenloft by de arke op ’e Feanhoop opfierd waard. Acht romans en ferhalebondels waarden oerset, benammen yn it Nederlânsk, mar in inkele ek yn it Ingelsk en Oekraynsk. De Oekraynske oersetting fan De fûke ferskynde yn in tydskrift mei in oplage fan mar leafst 50.000 eksimplaren. De ûntfangst wie oer it generaal goed, mar de ferkeap, lykas by oare Fryske oersettings, hold net oer.
Om syn namme yn eare te hâlden wurdt fan 2004 ôf om de twa jier de Rink van der Veldepriis útrikt, ynsteld troch de gemeente Smellingerlân en de Friese Pers Boekerij. It jier 2010 waard troch de gemeente Smellingerlân útroppen ta ‘Rink van der Veldejier’, dêr’t alderhande aktiviteiten om de skriuwer en syn wurk hinne organisearre waarden. Syn arke op de Feanhoop wurdt beheard troch It Fryske Gea en de Stifting FLMD en wurdt ferhierd oan skriuwers om dêr in skoft yn alle rêst wurkje te kinnen.
Oare aktiviteiten
Van der Velde hold oer it generaal ôfstân fan drege literêre diskusjes, mar wie wol begien mei it Fryske boek en dan benammen mei de fersprieding. Yn 1972 lei hy it fûnemint foar de sutelaksje, dêr’t skriuwers en frijwilligers mei boeken de doarpen yn lutsen. Yn de jierren dêrnei ûntwikkele er de aksje en waard it úteinlik ta in súksesfolle formule. De sutelaksje, organisearre troch It Fryske Boek, waard oant en mei 2009 alle jierren holden. Fan 2013 ôf naam de St. Tsjil it inisjatyf oer.
In oar wichtich evenemint wie de Fryske Boekemerk yn Drachten, de ôfsluting fan de sutelaksje, dy’t yn 1977 foar it earst organisearre waard. Van der Velde hat him dêr ek altyd foar ynspand en ferkocht faak goed.
Boarnen foar dit stik
Foar it skriuwen fan boppesteand stik is benammen gebrûk makke fan it boek Mozayk fan in libben, it nûmer fan De Moanne dat oan Rink van der Velde wijd is (2010) en de literatuerskiednis Zolang de wind van de wolken waait.
Bibliografy
Romans
1960: De kleine kolonie
1962: Joun healwei tolven
1963: Forliezers
1965: Beafeart nei Saint-Martin
1966: De fûke (2e pr. 1970, 3e pr. 1977, 4e pr. 1979, 5e pr. 1981, 6e pr. en op 'e nij bewurke 1995, 10e pr. 2005 [Klassiker 4])
1967: Geiten, Griken en gekken
1968: Rjochtdei
1969: Chamsyn
1971: Feroaring fan lucht (Verandering van lucht) (2e dr. 1972, 3de dr. 1972, 4de/5de dr. 1973, 6de/7de dr. 1974, 8ste/9de dr. 1975, 10de dr. 1977, 11de dr. 1979, 12de dr. 1981, 13de dr. 1990: (wizige en oanpast), 14de dr. 1995, 15 dr. 2001, 16de dr. 2004 [yn Merkel rige], 17de pr. 2014)
1975: Pake Sytse (2de pr. 1975, 3de pr. 1976, 4de pr. 1979, 5de pr. 1981, 6e pr. en op 'e nij bewurke 1996, 7de pr 1997, 8ste pr. 2010)
1978: De houn sil om jim bylje (2e pr. 1978, 3e pr. 1979, 4e pr. 2004 De hûn sil om jim bylje [Klassiker 3])
1981: Om utens-omnibus: mei Jûn healwei tolven; Geiten, Griken en gekken; Chamsyn
1981: De Heidenen
1982: De Ofrekken (2de pr. 1982)
1985: De lange jacht (2e pr. 2003 [Klassiker 2])
1987: De histoarje fan kammeraet Hollanski
1989: Jan Hut (2de pr. 2006 [merkel rige])
1991: De nacht fan Belse madam (2e pr. 2006 [Klassiker 5])
1993: Gjin lintsje foar Homme Veldstra
1993: Rjochtdei op 'e skieding (2e pr. 2009 [Klassiker 7])
1995: In fin mear as in bears (2e pr. 1995, 4e pr. 2002 [Klassiker 1])
1998: Smoarge grûn (2e pr. 1998, 4e pr. 2007 [Klassiker 6])
1999: Hepke (2e pr. 1999)
2000: Alde Maaie
2001: It guozzeroer (2de pr. 2020)
2010: De oarloch fan Rink van der Velde
Ferhalebondels
1971: Ien foar ’t ôfwennen (2e pr. 1976 - útwreide printinge, 3de pr. 1977)
1973: Bokwerd Vooruit (1982 reprint)
1974: Stjerrende wier, heite (stikjes) (2de pr. 1975)
1977: Bokwerd omhoog! (4e pr. 1978)
1979: Bokwerd for ever (3e pr. 2004)
1980: It is myn sizzen net (bondel mei tritich ferhalen) (2e pr. 1981)
1984: De wrâld is rûch (2e pr. 2005 [merkel rige])
1983: Bokwert 1 (Bokwert en it Oanbegjin/Bokwert en it Swarte Jild)
1985: Bearenburger ferhalen/Berenburgse vertellingen (net yn 'e hannel)
1987: De bêste fryske ferhalen
1988: Bloemlezen in Bokwerd
1992: Minsken is raar guod (2e pr.1992)
1994: No sà : stikjes en ferhalen
1997: Sa wie ’t sawat (ferhalen, reportaazjes, stikjes en fan alles en noch wat) (2e pr. 1997)
2007: De Kroechferhalen
2008: Bokwerd totaal (Bokwerd vooruit! ; Bokwerd omhoog! ; Bokwerd for ever)
2009: De fjildferhalen (2e pr. 2010)
Poëzy
1991: Smellingerlân (bibliofile útjefte fan 120 eksimplaren)
Ferskaat
1982: Foekje, stripferhaal fan in aventoerlik hûnelibben; mei Anjo Mutsaars (yllustratrise) (2e pr. 1982)
Toaniel
[?]: De wide broek B.V.
1975: Durk Snoad
1977: De Fûke
1982: B.V. De Ruskepôlle
1983: Ut it singeliere libben fan Durk Snoad
Oersettingen
1965: Vanavond half twaalf (oers. fan Aize de Visser)
1968: Pelgrimage naar Saint-Martin (oers. fan Tine Leiker-Kooijmans)
1970: De Fuik (oers. fan J.J. Bijlsma)
1971: Chamsien (bewurking troch de auteur sels)
1973: Verandering van lucht (oers. fan Yge Foppema, 1974 grote letter)
1975: Kruidenbitter: Kroegverhalen uit Friesland (troch de skriuwer oerset nei eardere ferhalen út Ien foar ’t ôfwennen en Stjerrende wier, heite)
1980: Het teken van het beest (oers. fan Teake Oppewal)
1983: Oekraynske oersetting De fûketroch Yuri O. Zhlutenko
1986: De terugkeer van Sytze Cavalier (oerset troch de auteur sels)
1995: The trap (oersetting fan De fûke, troch Henry J. Baron)
Oaren oer Van der Velde en syn wurk (in seleksje)
1996: Tekst en útliz (Tineke Steenmeijer-Wielenga)
2001: De Blauwe Fedde yn petear (mei in ynterview troch Nyk de Vries en Meindert Talma)
2003: Mozayk fan in libben (einred. Pieter de Groot)
2010: Rink van der Velde, De Moanne nr 7, spesjaal nûmer
Prizen
1975: Gysbert Japicxpriis foar Feroaring fan lucht
Mear ynformaasje
Jabik Veenbaas, in memoriam, LC 19-02-2001
Pieter de Groot, in memoriam, LC 19-02-2001 diel 1 en diel 2
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Skriuwers yn byld, Omrop Fryslân, 21-08-1987 (portret)
©Tresoar, 26-08-2020