Berne: 06-10-1961, Ousterhaule

Libben en wurk

Foppe Venema studearre skiednis, Frysk en Dútsk. By einsluten kaam er fia Grins, Amsterdam en Dresden yn Frankryk telâne, dêr’t er sûnt 1993 yn Grenoble wennet. As learaar ierdrykskunde en skiednis wurket er yn ’e omkriten fan Genève, dêr’t er ferbûn is oan in ynternasjonaal lyseum. Wenjend yn it bûtenlân skriuwt er yn it Frysk om, sa’t er it sels sei, ‘mei it heitelân en it eigene yn kontakt te bliuwen’.

Tematyk en resepsje
It dichtwurk fan Foppe Venema is licht fan toan. Ut Frankryk wei sjocht er fakentiids mei fernuvering en irony nei Fryslân. Ek tema’s as jonkheid, rebûlje, religy, muzyk en literatuer komme yn syn gedichten oan bod.

Al yn 1998 wûn er in Rely Jorritsmapriis, allyksa yn 2001, doe't er de iennige winner wie mei it gedicht Aldfaars Erfrûte. Sjueryfoarsitter Margryt Poortstra [1] neamde dit gedicht 'in oanwinst foar de Fryske literatuer'.

Syn earste bondel In slach om ’e pleats (2004) waard wikseljend ûntfongen. Henk van der Veer [2] priizge de dichter om syn ienfâldige styl, it minimum oan stilistyske middels en de mankelike ûndertoan. It lêste waard ûnderskreaun troch Jelle van der Meulen, al tocht dy net dat de bondel in soad yndruk meitsje sil op literêre fynpriuwers: dêrfoar fûn er dit wurk te licht. Pier Boorsma [3] hie foaral krityk op de rymjende fersen. Hy sinjalearre in oerskot oan stoplapen en te min talint om it dichtsjen yn dy kategory ta in goed ein te bringen. Sa tocht ek Babs Gezelle Meerburg deroer: ‘Dizze dichter kin wol rymje, net dichtsje’ [4].

Syn twadde bondel Le Tour de Frise waard publisearre yn 2013. De tema’s fan de earste bondel komme hjir werom, de boartlike behanneling ek. 'Ik kin it noait goed folhâlde om serieus te bliuwen,' sei Venema hjiroer yn in fraachpetear mei Sietse de Vries [5]. Yn itselde petear typearre er syn twadde bondel as 'in reis  by de dingen lâns dy't wichtich foar my binne, dy't faak ek typysk Frysk binne. Faak giet it oer dingen dy't net mear bestean, mar dy't ik wol de muoite wurdich fyn om se op te skriuwen'. Eppie Dam [6] fûn dat Foppe Venema tefolle driuwt op syn fynsten: ‘…hy moat him tagelyk beheine en soargje dat syn fynsten gjin útfynsten wurde.’ Dan hie Dam mear wurdearring foar in sonnet as Gleonterp: ‘Venema op syn bêst lit sjen dat er wol wat yn ’e marse hat.’ Janneke Spoelstra [7] typearre Venema syn dichterskip as 'boartsjen', wêrby't se wiisde op de lichtheid fan  de fersen: 'Wy dy't yn Fryslân wenje, meie freegje om dreger kost, 'in panne snert', in dúdliker 'program', mar dêr hat de dichter Venema gjin boadskip oan. Syn fersen geane likemin as it petear by it iten bot de djipte yn. Gauris lit dy djipte him der nammers maklik by betinke'.

Boarnen foar dit stik
[1] LC 08-10-2001
[2] Henk van der Veer, De Moanne/Trotwaer, 21-04-04, en op eigen webside
[3] Pier Boorsma, FD 03-03-2004
[4] Babs Gezelle Meerburg, LC 12-03-2004
[5] Sietse de Vries, LC 26-04-2013
[6] Eppie Dam, LC 26-07-2013
[7] Janneke Spoelstra, Ensafh 6, 2013

Bibliografy


Poëzy
2004: In slach om ’e pleats
2013: Le Tour de Frise

Prizen

1998: Rely Jorritsmapriis foar Betinkingsdei (gedicht)
2001: Rely Jorritsmapriis foar Aldfaars erfrûte (gedicht)

Mear ynformaasje
Boekenijs Wieke de Haan, FD 11-02-2004
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
Omrop Fryslân, Vive la Frise 5
Albertine Soepboer, 27-04-2013 (ferslach presintaasje Le tour de Frise)
FD 25-04-2013 (artikel oer Tour de Frise)

©Tresoar, 14-08-2019