Berne: 17-03-1959, Drachten
Ferstoarn: 31-10-2020,

Libben en wurk

Jaap Veenstra wie as dosint ferbûn oan Stenden Hogeschool en wenne yn De Rottefalle.

Jaap Veenstra syn gedichten wiene yn ’e regel beskôgjend fan aard. Hy beseach de meiminske en syn krewearjen mei in myld each. Dêrneist skreau er ek gedichten dy’t mear op syn persoanlik fielen yngiene. Dat die er bygelyks yn syn debútbondel De nacht midstwa yn it religieuze trijelûk . Yn dy fersen beskreau er de relaasje tusken minske en God, mei de twivels dy’t dêrmei anneks binne. Folkert de Jong priizge dit debút om de suggestive lading dy’t de dichter syn wurk meijoech. Ek sinjalearre er immen dy’t net benaud wie om maatskippijkrityske stânpunten yn te nimmen. Minder wurdearring hie er foar de mear anekdoatyske gedichten [1].

Yn 2016 ferskynde de bondel Gatten yn it tek / Gaten in het dak. Yn dizze twadde bondel hie de tematyk fan de skriuwer him ferdjippe. Fannijs sette Jaap Veenstra him ôf tsjin de systemen dy’t de minske bine wolle, oft it no gie om it leauwen of de managementkultuer dy’t hjoed-de-dei foar master opslacht. Abe de Vries [2] stelde yn syn besprek fêst dat it net om maklike kost giet, mar wól kost dy’t wat te melden hat, neffens him in seldsumheid yn ‘it hast ferlitten paradyske fan de Fryske poëzij’. Eppie Dam [3] seach it sykjen om ‘ljochtynfal en libbensromte’ as de essinsje fan Veenstra syn poëzy. Dat die er net allinnich ‘ynholden en fynbesnare’, mar ek troch ‘as in profeet’ út te pakken as dat nedich wie. Geart Tigchelaar [4] sinjalearre in 'hechte bondel', al wiisde er ek mooglikheden ta ferbettering troch de ynset fan 'in kritysk each en in goeie redaksje', wêrby't er weromwiisde nei eardere opmerkingen oer de yn syn eagen oerstallige wiidweidigens dy't er yn guon gedichten seach.

Neist it skriuwen fan poëzij en ferhalen wie Jaap Veenstra ek ferteller fan (folks-)ferhalen. Fierder wie er lid fan it Rottefalster Fertelkollektyf.

Boarnen foar dit stik
[1] Folkert de Jong, Drachtster Courant 10-12-1986
[2] Abe de Vries, FD 21-05-2016
[3] Eppie Dam, LC 08-04-2016
[4] Geart Tigchelaar, Ensafh 08-10-2016

WURK

Poëzy
1986: De nacht midstwa
2016: Gatten yn it tek / Gaten in het dak

Proaza
2015: Tusken Leijen en Mûntsegroppe (Ta gelegenheid fan it 25-jierrich bestean fan it Rottefalster fertelkollektyf, in bydrage fan twa ferhalen)

Mear ynformaasje
Sietse de Vries, LC 08-04-2016 (fraachpetear)
Friduwih Riemersma, Fers2 15-05-2016
Friduwih Riemersma en Abe de Vries, Fers2 01-11-2020 (In Memoriam)

©Tresoar, 01-11-2020

(Foto auteur: Haye Bijlstra, Tresoar)