Berne: 12-05-1906, Akkrum
Ferstoarn: 09-07-1992 LJOUWERT
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Jant Bakker waard berne op 12 maaie 1906 te Akkrum. Dêr groeide se op yn, wat se letter sels ris neamde, in húshâlding fan 'boargerminsken'. Har heit wie lyts selsstannige, hy hie in ferverssaak.
Se hat har bernejierren yn Akkrum letter beskreaun yn it yn 1991 ferskynde boek It doarp fan Anne. Op de kweekskoalle fan It Hearrenfean learde se foar ûnderwizeres, neidat se de akte helle hie, krige se in baan oan de iepenbiere legere skoalle fan Wikel. Doe't dy skoalle oardel jier letter kristlik waard, naam se ûntslach. Jant Visser-Bakker hat har altyd oanlutsen field ta de sosjalistyske beweging en har letter oansletten by de S.D.A.P. Omdat der doedestiids yn Fryslân net folle wurk wie by it ûnderwiis, bedarre se yn it Noard-Hollânske Krommenie. Yn dy tiid begûn se ek te skriuwen; se skreau stikjes foar bern yn Sljucht en Rjucht en yn it bernekrantsje fan De Proletarische Vrouw. Se skreau yn it Hollânsk, want Frysk skriuwe hie se noch net yn 'e macht. Omdat se it Frysk skriuwen wol graach better leare woe, besocht se werom te gean nei Fryslân. Dat slagge: neidat se trije jier yn Krommenie oan skoalle stien hie, krige se in beneaming yn Eastermar. Yn 1933 helle se de Fryske akte.Yn har Eastermarder tiid, yn 1935, troude se mei Jan Visser. It wie doe noch net gewoan dat in troude frou foar de klas stie, sadwaande moast se har wurk as ûnderwizeres opjaan. It jonge pear ferhuze nei Appelskea, dêr't se behearders waarden fan de jeugdherberch 'Us Blau Hiem'. Se moasten dêr in pear jier letter wei omdat de Dútsers, sa't se dat letter ris sei, de jeugdherberch 'ynpikten'.
Nei in pear jier yn Snits kamen se wer yn Akkrum te wenjen, de húshâlding wie yntusken útwreide mei fiif bern. Yn 1953, troude froulju mochten doe wol wer wurkje, kaam Jant Visser-Bakker werom yn it ûnderwiis. Se krige in beneaming yn Terherne, oan de skoalle fan master Roel Bergsma. Se hat dêr achttjin jier foar de klas stien.
Jant Visser-Bakker is op 9 july 1992 te Ljouwert ferstoarn.
Skriuwster fan berneboeken
Yn 1956 waard de skoalle yn Terherne twatalich. Frysk lesmateriaal wie der net foarhannen, in reden foar Visser-Bakker om dat dan sels mar te meitsjen. Mei it skriuwen fan Fryske berneboeken wie se al earder út ein set, yn 1932 debutearre se mei Fen twa lytse famkes, dat ferskynde mei in omslachtekening fan Tseard Bottema. Har twadde boek, De pôllebern, kaam út yn 1935, it tredde, Wytse, in jonge út ' e Wâlden (1937), skreau se tegearre mei har man. Meiinoar hat Jant Visser-Bakker sa'n 35 titels fan berneboeken op har namme stean, in part dêrfan binne ûnderwiisútjeften. Yn 'e mande mei Tiny Mulder en Diet Huber makke se yn 1954 It Boek foar de Fryske bern, ien fan de earste echt moai útjûne oarspronklik Fryske berneboeken. Ferneamd waard Jant Visser-Bakker mei Durk en Djoke (1956) en Durk en Djoke wurde grutter (1959). Durk en Djoke ferskynde foar de oarloch as feuilleton yn Het Volk. Mar net allinich de Durk en Djoke-boeken wiene populêr, se hat folle mear berneboeken op har namme stean dy't oansloegen by har jeugdich lêzerspublyk. Derûnder wiene ûnder oaren: Pyfke Lokomotyfke, De readmûtskes, It spoek by de mole, It hiphûs, De bimbamtoer, Fan Tryntsjemuoi en Duotsjemuoi, Dei sinne en Bor it rindier. In hiel soad fan har berneboeken binne yllustrearre troch har âldste dochter Anneke.
Eppie Dam typearre de berneboeken van Visser-Bakker mei begripen as helder, leaf en ûndogens (Frysk & Frij). Tineke Steenmeijer-Wielenga foege dêr noch wiis en myld oan ta (De Oesdrip, twadde ôflevering 1992). Jant Visser-Bakker hat mei har oarspronklik Fryske berneboeken mei de toan set foar de Fryske berne- en jeugdliteratuer sa as dy him yn letter jierren ûntjaan soe. Yn de tiid dat Jant Visser-Bakker har berneboeken skreau, ûntwikkele de berneliteratuer har fan belearend-moralistysk nei in literatuer dy't oanslute woe by de belibbingswrâld fan it bern. Ta dy ûntjouwing hat Jant Visser-Bakker in belangrike bydrage levere.
'It praethoekje foar Fryske bern'
De Leeuwarder Courant hie fanôf de jierren tweintich yn de foarige ieu in bernerubryk ûnder de titel 'It praethoekje foar Fryske bern'. Dy rubryk waard lange jierren fersoarge troch frou Welmoed Dykstra-Talsma. Doe't 'Muoike Wike' sa as frou Dykstra harsels neamde yn de rubryk, troch sykte ophâlde moast, frege de doedestiidske haadredakteur Jan Piebenga, oan Jant Visser-Bakker oft sy de rubryk oer nimme woe. Dat woe se mar al te graach, mear as fiifentweintich jier hat se as 'Muoike Jant' de rubryk foar 'de Ljouwerter' fersoarge. De rubryk wie in echt 'praathoekje', se krige as 'Muoike Jant' yn de begjintiid alle wiken wol sa'n hûndert briefkes fan bern. Al dy bern krigen antwurd fan har yn 'e krante. De briefkes en de antwurden wiene yn it Frysk, der binne sadwaande hiele generaasjes bern troch 'muoike Jant' mei it Frysk skriuwen yn 'e kunde kommen.
Oare aktiviteiten
Jant Visser-Bakker hat troch har wurk oan in twatalige skoalle diel útmakke fan in eksperimintgroep foar it twatalich ûnderwiis. Doe't yn it lêst fan de jierren sechstich neitocht waard oer staveringsferoaring foar it Frysk siet Visser-Bakker yn de saneamde 'Brede Kommisje' dy't yn 1968 in ferdield advys útbrocht. Se wie foarstanner fan in fonologyske stavering en stipe 'útstel I'. Se siet ek yn de kommisje foar de proefstavering dy't tusken 1968 en 1976 op skoallen útprobearre waard.
Visser-Bakker skreau net allinnich eigen boeken, se hat ek hiel wat fan oaren oerset. Se sette oer út it Nederlânsk, mar ek út it Dútsk. Dêrfoar oer binne ek boeken fan Jant Visser-Bakker oerset yn it Nederlânsk en yn de trije Fryske dialekten fan Noard-Dútslân. Se hie each foar de wearde fan wat fan âlds oerlevere wie út de folksliteratuer, sa hat se fjirtich jier lang rymkes, âlde skutte-, widze- en strjittesankjes sammele. Dy binne bondele en yn 1977 útjûn yn in boekje mei de titel Hop hop hynke: âlde Fryske rymkes.
Njonken berneboeken hat Jant Visser-Bakker tusken 1950 en 1960 sân grutte sjongspullen skreaun foar de skoalbern fan Terherne. Fierders skreau se toanielstikken foar bern en foar de R.O.N.O. (Regionale Omroep Noord Oost) harkspultsjes.
List fan belangrykste wurk
Berneboeken
1932: Fen twa lytse famkes
1935: De Pôllebern
1937: Wytse, in jonge út 'e Wâlden (tegearre mei har man Jan Visser)
1941: As de dagen koarte
1951: Op en om Rûchherne
1952: Fan Kokke, Kike en Kekke (2e printinge 1953, 3e 1958)
1954: It boek foar de Fryske bern (mei Tiny Mulder en Diet Huber)
1956: Durk en Djoke (2e printinge 1963, reprint 1978)
1959: Durk en Djoke wurde greater (2e printinge 1964)
1964: Dei sinne : opsisferskes foar beukers (2e printinge 1982)
1967: Nei kabouterbosk
1967: De moanne Kikeloer : in boekje mei ferskes foar ús jonge foardragers
1970: Muoike, ús heit syn jild is al wer op
1971: Fon Krik en Krak (2e printinge 1977)
1972: It aapke Sam (2e printinge 1977)
1973: De readmûtskes (op 'e nij bewurke, 1986)
1974: Oer blommen (mei J. Reinalda en T. Bakker)
1974: It spûk by de mole : in aventoer yn 'e fakânsje (2e printinge 1976, 3e 1978)
1974: Oardeltsje, it einepykje
1974: Bor, it rindier
1974: De frjemde reis nei kleurestêd
1974: It Hiphûs ; Os bjemmen op reis wolle ; Fon trije bearkes
1975: Jon Dop, it ikelmontsje : un jerstferhaaltsje
1977: Pyfke, lokomotyfke (2e printinge 1978, 3e 1980)
1977: Hop hop hynke : âlde Fryske rymkes (2e printinge 1983)
1978: De sopheks
1978: Beitske
1978: De brijreus
1978: Fan Tryntsjemuoi en Duotsjemuoi : in âld tekenferhaaltsje fan beppe ; tekeningen fan Anneke Buizer-Visser
1978: Ut winkeltsje
1983: Pyfke lokomotyfke rint as it spoar : beukerrymkes
1985: De bimbamtoer
1985: De grabbeltonne: in fan-alles-en-noch-wat-boek foar bern fan 8-12 jier
Skoalútjeften
1949: Fan Syp en Sip, 4 dielige rige (2e printinge 1956, 3e 1957, 4e 1958)
1957: Fan Hanneman ; lêsboekje foar de Fryske skoalle (2e printinge 1962)
1967: Ús lêshûkje
1973: Sels lêze (oerset nei Cas Klavier)
1977: De ballon fon Roel : rige: Ik kin al lêze
1978: Jûpy
Oersettingen (in seleksje)
fan Visser-Bakker
1978-1983: Sopheks, oerset yn de Noard- en it Eastfrysk ûnder de titels: Sooshäks, Suurheks en At sopheks (skoalútjeften)
1981: Van Trientjemoei en Dientjemoei : een oud tekenverhaaltje van oma (Fan Tryntsjemoui en Duotsjemuoi : in âld tekenferhaaltsje fan beppe; oersetting: Wieke Veenstra; yllustraasjes: Anneke Buizer-Visser)
troch Visser-Bakker
1984: It spoekje (Das kleine Gespenst , fan Otfried Preussler)
1983: De moaiste mearkes (nei gebroeders Grimm)
1987: De faaie kolk (Het vege kolkje, fan Alet Schouten)
Prizen
1944: Bekroaning Ús Frysk berneboek, foar Wytse, in jonge út 'e Wâlden
1948: Bekroaning Ús Frysk berneboek, foar It haedstik fan de sinne
1951: Bekroaning Ús Frysk berneboek, foar Op en om Rûchherne
Mear ynformaasje
Wikipedia
Digitale Bibliotheek voor de Nederlandse Letteren (DBNL)
©Tresoar, 16-10-2019