Berne: 13-08-1955, DE TYNJE
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
biografy NL
Libben en wurk
Sietse de Vries is berne op De Tynje. Yn syn jeugd yn dat doarp, wêrfan’t de bewenners rûchwei ferdield wurde koene yn grifformearden en kommunisten, is de basis lein foar syn lettere fyzje op it minskdom en de wrâld. Hy is opgroeid yn in ‘read’ nêst, syn heit wie kommunist.
Nei de middelbere skoalle ferhuze Sietse nei Grins foar in stúdzje oan de sociale academie. Tidens syn stúdzje ûntdiek er de grutte Russyske skriuwers lykas Dostojevski en Tsjechov, troch har learde er in wrâld kennen dy’t folslein oars wie as syn eigen. Dat grutte kontrast boeide him en it ynspirearre him om sels ek te skriuwen. Hy kaam, nei syn ôfstudearjen, as begjinnend sjoernalist te wurkjen by it Frysktalige blêd Frysk en Frij. Dêr hat er fjouwer jier oan ferbûn west, nei 1985 wie er sjoernalist/redakteur op de kulturele redaksje fan de Leeuwarder Courant. Tsjintwurdich is er aktyf as freelancer.
Skriuwer
Mei de speurdersroman De boargemaster (1998) debutearre Sietse de Vries as skriuwer. Syn earsteling is in flot skreaune roman, sûnder al te folle literêre pretinsjes. De omskriuwing fan de sletten doarpsmienskip, dêr’t in skeel ûnstiet om it rjocht fan reed, is realistysk en werkenber en it ferhaal hat in ferrassend plot. De karakters en ûntjouwing fan de haad-persoanen wurde oannimlik, mar net al te djip dollend delset.
Noch gjin jier letter kaam er mei in twadde plysjeroman De dea fan Nico Dekema. Ek dat boek, fernimstich konstruearre en krûde mei humor en in bewyske erotyk, is skreaun yn in flot lêsbere styl. Jabik Veenbaas [1] seach in boek mei in pear ûnwierskynlikheden, mar ek ' frisse lektuer, mei in oarspronklike, licht satiryske toansetting en genôch raffinemint om de lêzer in oere as wat oangenaam te ûnderhâlden'. Henk van der Veer [2] stimde hjirmei yn: '... in tige meinimmend en spannend ferhaal, niet oeral like realistys'.
Skriuwt De Vries oer it generaal yn it Frysk, yn 2000 ferskynde der in Nederlânsktalige detektive fan syn hân, ûnder de titel De spelbepaler. It ferhaal, dat giet oer de fraach wêr’t it tafal einiget en de gearspanning begjint, spilet him fierders wol ôf yn in Frysk fermidden. In grut súkses waard it net, dit yn tsjinstelling ta syn folgjend boek dat wer yn it Frysk útkaam. Yn in fraachpetear dat er om de ferskining fan Kûgels foar Kant hie mei Aly Knol [3] joech er oan dat er it leafst yn it Frysk skriuwt. Wat it skriuwen yn it Nederlânsk oanbelanget wie er allike helder: 'Jo kinnen mar better wereldberoemd yn Fryslân wêze as in straalûnbekende tredderangsskriuwer yn Nederlân'.
De wize werop’t de skriuwer Sietse de Vries sjocht nei de hjoeddeistige maatskippij en de takomst fan de wrâld komt ta utering yn syn romanpersonaazjes, yn syn beide earste romans al oanwêzich komt yn Kûgels foar Kant (2002) eksplisiter nei foaren. Syn romanpersonaazjes uterje harren soarch oer minske en miljeu, filosofearje oer de tinkbylden fan de filosoof Kant, dêrfandinne de titel, en diskusearje oer polityk. Besprekker Eric Hoekstra [4] neamde it taboe-trochbrekkend dat in literator him yn syn wurk útsprekt oer syn politike foarkar.
Mei Homme en it geheim fan pake joech de skriuwer him wer op in oar paad, dat fan berneboekeskriuwer. It boek ferskynde yn 2003 by de Afûk. Dêrnei waard it in skoftke stil. Pas yn 2009 kaam Sietse de Vries mei Potstro Fongers, in boek oer trije fyftigers dy't noch wat fan it libben meitsje wolle, de ien mei in hanneltsje yn pillen dy't oer de datum binne en de oare twa yn de hoareka en it resjerzjewurk. De ûntfangst wie ferskillend. Jaap Krol [5] wie te sprekken oer de spanningsopbou, mar kritysk oer it ûntbrekken fan ferdjipping yn de motivaasje fan de haadpersoanen: 'De Vries hâldt de spanning oant de lêste side fêst, mar tagelyk krije de personaazjes gjin psychologyske ûntjouwing as ferdjipping'.
Yn 2012 waard Sietse de Vries frege om yn it ramt fan De Moanne fan it Fryske boek it kadoboek te skriuwen. Bak draait om in ferslachjouwer op middelbere leeftiid dy't geandewei feroaret yn in krimineel mei't er yn 'e rin fan it boek twa minsken fermoardet. It boek waard net allinnich op papier, mar ek as e-boek útbrocht. Dêrneist waard it ferfilme, mei yn de haadrollen Joop Wittermans en Joke Tjalsma. Yn trije ôfleveringen is de film te finen op YouTube [6].
It ferfolch op Bak ferskynde yn 2018 ûnder de titel Hierbak. Ferslachjouwer Sjerp Bak moat fan kriminelen in opdracht útfiere om te ûntkommen oan harren wraak. Hy bedarret yn it farwetter fan deputearre Kerst Sorgdrager, dy't fan in boubedriuw geunsten oannimt om yn ruil dêrfoar de ferdûbeling fan de dyk Ljouwert-Boalsert dertroch te krijen.
Boarnen foar dit artikel
[1] Jabik Veenbaas, LC 26-02-1999
[2] Henk van der Veer, Sneeker Nieuwsblad 17-01-2000
[3] Aly Knol, LC 30-08-2002 (fraachpetear)
[4] Eric Hoekstra, Hjir 22-02-2003
[5] Jaap Krol, FD 20-03-2010
[6] YouTube: Bak de film, diel 1, diel 2 en diel 3
List fan belangrykste wurk
Proaza
1998: De boargemaster
1999: De dea fan Nico Dekema
2000: De spelbepaler (Nederlânsktalich)
2002: Kûgels foar Kant
2009: Potstro Fongers
2012: Bak (Kadoboek Moanne fan it Fryske Boek 2012)
2018: Hierbak
2022: Covidwiksel
Berneboeken
2003: Homme en it geheim fan pake
Toaniel
2009: De tredde helte (tragykomeedzje foar it STUFT)
2017: In de naam van de vader
2020: Galgen (foar Iepenloftspul Snakkerbuorren)
2022: De godlike komeedzje 2.0 (foar teätergroep Fier)
2022: Slappe Douwe (oer Douwe Bijlsma)
Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
Rianne Kramer, FD 09-09-2021 (oer Galgen)
Elisabeth Post, LC 11-09-2021 (fraachpetear oer Galgen)
Jelle Terwal, FD 17-09-2021 (besprek Galgen)
Froukje Reitsema, FD 01-07-2022 (besprek De godlike komeedzje 2.0)
©Tresoar, 23-11-2022
Foto auteur: Haye Bijlstra, Tresoar.