Berne: 13-06-1965, Oranjewâld
Ferstoarn: 13-01-2015, Grins

Libben en wurk

Durk (Dirk) van der Veen waard berne op 13 juny 1965 te Oranjewâld, dêr’t syn heit by de post wurke. Syn mem wie oplaat as ferpleechkundige, mar waard húsfrou nei de komst fan de bern. Dirk wie de twadde fan fjouwer bern. Syn jeugdjierren fûn er net maklik.

De sfear thús omskreau er letter as in ‘organisearre gaos’ en net maklik. Nei it RSG op ’t Hearrenfean studearre er twa jier medisinen yn Amsterdam. Dy tiid seach er letter op werom as ‘iensume jierren’. Dêrnei gie er yn militêre tsjinst, dêr’t foar it earst drank in rol begûn te spyljen. Ienris út tsjinst sette er him nei wenjen yn Grins om dêr medyske sosjology te studearjen. Nei’t er ôfstudearre wie, bleau yn Grins te wenjen. Hy seach it finen fan wurk op syn nivo net as prioriteit. Eksessyf drank- en drugsgebrûk foarmen in reade tried yn syn bestean. Op 14 jannewaris 2015 waard er dea oantroffen op syn keamer. Hy hie in brânende sigaret op in bank falle litten en wie omkommen troch koalmonoksidefergiftiging.

Wurk
Healwei de njoggentiger jierren fette Dirk van der Veen it plan op om in boek te skriuwen, tegearre mei syn freon Sjieuwe Borger. It resultaat ferskynde letter as fúljeton yn it tydskrift De Blauwe Fedde ûnder de titel ‘Modesta’. It binne ferhalen dêr’t itselde foarfal troch de eagen fan twa fertellers beskreaun wurdt.

Yn dy tiid skreau er ek gedichten dy’t er yn 1995 op it iepen poadium by studinteferiening Bernlef foarlies. Hy bewûndere de anty-oarlochspoëzij fan de Ingelske dichter en skriuwer Siegfried Sassoon. Fan him sette er in oantal gedichten oer. In tal dêrfan waard publisearre yn guon literêre tydskriften.

Dirk van der Veen debutearre yn Hjir mei in koart ferhaal: ‘De Tsjerke’. Yn 1997 krige er de Rely Jorritsmapriis foar syn ferhaal ‘Yn it begjin wie der ûnskuld’. Letter folgen mear ferhalen dy’t publisearre waarden by útjouwerij Venus fan Trinus Riemersma en Josse de Haan ûnder de titel It tal mooglikheden is sawat ûneinich. Dizze bondel waard publisearre yn 2006. Op oanstean fan Riemersma skreau de skriuwer him ‘Durk’ yn plak fan ‘Dirk’. Dêrnei sakke syn produktiviteit yn, mei troch syn ferslavings. Hy wie fan doel in roman te publisearjen, mar dat is der net mear fan kommen. Yn 2012 is syn lêste koarte ferhaal, ‘Semper Avanti’, publisearre op Ensafh.nl. It wie it earste haadstik fan de roman dêr’t noch twa haadstikken net fan publisearre binne. Dêr is it by bleaun, omdat er fûn dat de haadstikken as koarte ferhalen ek gaadlik wiene.

Tematyk en resepsje
De selskant fan it libben foarmet de achtergrûn fan Van der Veen syn ferhalen. Alkoholisten, huorkes en ferslaafden litte de útsichtleazens fan harren bestean sjen, sûnder dat de skriuwer se dêrfoar feroardielet. Yn in skerpe styl mei as opfallend elemint in soad werhellings registrearret de skriuwer har wjerfarren. Yn it algemien waard It tal mooglikheden is sawat ûneinich wikseljend ûntfongen. Wêr’t bygelyks Abe de Vries it yn de LC ‘in tige slagge debút’ yn in ‘grimmitige en yllúzjeleaze styl’ neamde en Jitske Brünner yn it FD in oantal sterke ferhalen sinjalearre, dêr wie Tsjerk Bottema der op Farsk in stik minder oer te sprekken, al stelde er wol fêst dat Van der Veen skriuwe koe.

Boarnen foar dit stik

De ûnderneamde artikels fan Sjieuwe Borger, Jaap Krol en Meindert Talma.


Bibliografy

Ferhalebondel
2006: It tal mooglikheden is sawat ûneinich

Ferhaal
2012: Semper Avanti

Prizen
1997: Rely Jorritsmapriis foar ferhaal ‘Yn it begjin wie der ûnskuld’

Mear ynformaasje
Meindert Talma, De Moanne 19-01-2015 (fraachpetear De Moanne 2011, nr 5. s. 36-40; ek online)
Nyk de Vries yn ‘Raffelich realisme?’, Ensafh 2012, nr. 2, s. 76
Jaap Krol, De Moanne 19-01-2015 (in memoriam)
Sjieuwe Borger, In memoriam op Ensafh 2Ensafh 21-01-2015 (in memoriam)

Foto Haye Bijlstra - Tresoar

©Tresoar, 09-10-2019