Berne: 24-10-1954, SNITS
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Henk van der Veer is berne yn Snits. Hy folge de pabo en wurket as learaar yn it basisûnderwiis, freelance sjoernalist, dichter en presintator.
Skriuwerij
Henk van der Veer syn passy foar ‘ut Sneekers’, of sa’t er it sels omskriuwt ‘Sneekology in de rúmste sin fan ut woord’ komt ta utering yn syn skriuw- en presintaasjewurksumheden. Hy dichtet yn it Frysk, mar it measte yn it Snitsers. Dêrneist is Henk van der Veer al 25 jier resinsint foar ferskate kranten en kollumnist foar ‘Ondernemend Sneek’.
Hy hat publisearre yn Trotwaer, De Moanne, Hjir, Friesland Post, Sneeker Nieuwsblad, Wijd en Zijd, Leeuwarder Courant, Ondernememd Friesland, Ondernemend Sneek, en ek in grut tal posterfersen mei Paul van Goor.
Spesjale fermelding noch foar trije poëzijstiennen en twa gevelfersen, allegear yn Snits.
Yn 2021 die Van der Veer mei oan it projekt 'IIsbaan yn 'e maaitiid', in digitale presintaasje [1] fan in tal iisbanen bûten de wintermoannen om. Underdiel hjirfan wie in tal gedichten dat op fideo ferskynde, wêrûnder 'Foarjaar op 'e Sneker iesbaan' [2] fan Henk van der Veer.
Boarnen foar dit stik
[1] Tresoar 2021 - IIsbaan yn'e maaitiid
[2] Fideo 'IIsbaan yn 'e maaitiid (YouTube 16-04-2021)
Bibliografy
Poëzy (yn it Frysk)
1989: Skrousk
1994: Deagewoandea
Poëzy (in ut Snekers)
1992: Je mutte hore wie ut seit
1994: Dàt ok nòch
1994: Melkboerehonnehaar
2000: Fanou ut plein
2000: Om ’e noard
2000: Kajapoetoaly
2003: Spoetnik (jaardachkalenders met poëzy in ut Snekers, tegare met fotograaf Paul van Goor)
2006: Puchpúbers
Poëzij op strjitte of gevels
2004: Gevelfers boekhannel Van der Velde, tegare met Paul van Goor
2006: Poëzytegel op de Oasterdyk
2008: Muorrestien yn it plysjeburo fan Snits en Poëzytegel op ut Groatsaan.
2010: Gevelfers in Sperkhem/Nij Túndòrp, tegare met Paul van Goor
Proaza
1990: Willem Santema in fersetsman (mei Willem Santema)
1995: In útjouwerij fan QuizeQuânsje (mei Doeke Sijens)
Literêre prizen
2004: de Zilveren Kerstbal, kulturele pries Sneek
Mear ynformaasje
Eigen webside webside
Wikipedia
Josse de Haan, 'Wite Pierrot en flokkende ekster' yn: Kastanjes Poffe s.124-141 (2005) analyze oer poëzy fan Henk van der Veer
©Tresoar, 28-04-2021