BERNE: 12-03-1845, DE JOUWER
FERSTOARN: 02-02-1922, GROU
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
byldmateriaal
-
biografy nl
Libben en wurk
Cornelis Wielsma is berne yn 1845 op De Jouwer. Hy wie ûnderwizer yn Grou (1863-1906) en folksskriuwer.
Hy wie lange tiid in sintrale figuer yn it doarpslibben fan Grou, it plak dêr’t er yn 1922 stoar. Hy wie troud mei Zwaantje Greben (1850-1931). Hy wie belutsen by it Selskip for Fryske Tael en Skriftekennisse (oprjochte yn 1844) en wie dêrfan foarsitter fan 1909-1913. Hy skreau humoristysk-satiryske stikken en die dat yn ferskate wurkfoarmen: bernegedichten, rimen, lietteksten (en meldijen), foardrachten en toaniel. Yn de bondel It jonge Fryslân (1882) presintearren Piter Jelles Troelstra en Onno Harmens Sytstra har mei generaasjegenoaten, wêrûnder Cornelis Wielsma, as de nije dichters dy’t de wat ynsakke letterkundige beweging, dy’t It Selskip wurden wie, wekker skodzje soenen.
Wielsma syn berneboeken skreau er út it perspektyf fan bern wei, wat nij wie foar dy tiid.
Hy skreau ek in ferskaat oan gelegenheidswurk, bygelyks ‘sankjes for de priisútdieling fen Frisia to Grou foar ferskate jiergongen, in stik foar Tsjibbe Gearts van der Meulen op syn 80ste jierdei en in stik foar Waling Dijkstra op syn 90ste jierdei.
In grut tal brieven fan en oan him is bewarre bleaun. Hy korrespondearre ûnder oare mei Pieter Sipma, Waling Dykstra en Piter Jelles Troelstra.
WURK
List fan wurk (seleksje)
1904: By Hinke Kaert [Twa petearen twisken in manspersoan en in frominske]
1904: Jan en Griet [petear twisken in manspersoan en in frominske]; In ûngelok
1908: In lilke pûster: blijspel yn trije bidriuwen
Mear ynformaasje
Wikipedy
Wikimedia (foto grêf Cornelis Wielsma)
©Tresoar, 22-01-2020