Berne: 12-10-1939, LJOUWERT
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
BYLDMATERIAAL
-
biografy nl
Jant van der Weg-Laverman is berne yn 1939 yn Ljouwert. Se folge de kweekskoalle yn Snits en wurke fjouwer jier yn it spesjaal ûnderwiis. Doe’t se yn 1964 troude (mei Sikke van der Weg) krige se dien sa’t dat doe gie yn dy tiid. Doe’t de twa bern âlder wienen, pakte se de stúdzje Frysk taal- en letteren op.
Libben en wurk
Yn 1980 kaam se te wurkjen by de Fryske Akademy, dêr’t se tweintich jier by it Wurdboek fan de Fryske Taal wurke. Se naam de letter J en in part fan de U foar har rekken. Yn it Friesch Dagblad hie se in rubryk oer berneliteratuer (tusken 1985 en 2012). Yn 2000 promovearre se op de Fryske bernepoëzij yn de tweintichste iuw oan de Katholieke Universiteit Brabant (har Frysktalige proefskrift wie dêr in primeur). Yn 2003 kaam in Nederlânsktalige hannelsedysje op de merk (Er is door het luchtruim een hemd onderweg: Friese kinderpoëzie in de twintigste eeuw).
Op tal fan mêden fan berneliteratuer is Van der Weg aktyf. Se is mei-oprjochter fan Stichting It Fryske Berneboek. Se wie bestjoerslid (1993-2000) en foarsitter fan 2000 oant 2006 fan IBBY-Nederlân. IBBY stiet foar International Board on Books for Young people; se siet (tusken 2002 en 2006) yn it ynternasjonale bestjoer fan IBBY. Ek wie se (tusken 2010 en 2019) foarsitter fan de lanlike Stichting Geschiedenis Kinder- en Jeugdliteratuur. Foar har ynset op it mêd fan berneliteratuer krige se ferskate prizen. It boek Fan hantsjeklap en sûkerbak krige in plak op de Honourlist van IBBY (2000). Fierders is se earelid fan Stichting It Fryske Berneboek en Honorary Member fan IBBY ynternasjonaal.
Neist tal fan artikels yn Fryske en Nederlânske literêre tydskriften oer berneliteratuer hat se ek berneboeken yn it Frysk en Nederlânsk fertaald en in printeboek skreaun. Se publisearre in samling bakerrymkes en in boek oer de histoaryske achtergrûn fan bekende Nederlânske lieten. Se wurke mei oan Zolang de wind van de wolken waait (2006). Mei Barteld de Vries makke se in ynventaris fan it argyf fan Diet Huber (Diet Huber auteur en illustrator, 2015). Yn Boeken en Bern is in samling fan artikels opnommen oer berne- en jongereinliteratuer.
Yn 2019 waard har de Friese Anjer fan it Bernhard Cultuurfonds Fryslân takend foar al har ynspanningen foar de Fryske berneliteratuer.
WURK
Publikaasjes (seleksje)
Oersettingen
1979: Heijermans, H., Jubileum, toaniel
1980: Astrid Lindgren, Emyl de dogeniet
1987: Astrid Lindgren, Ronja de rôversdochter
1988: Akky van der Veer, Zwart op wit
1989: N. fan Hichtum, De tsien fan Martens Afke
1991: Karel Eykman, No moatst ris hearre!
1994: E. Wilson & S.L. Jones, Yllustrearre Bibelatlas foar bern
2013: Harm de Jonge, Jona en de fiskjes fan Kees Poan
2014: N.fan Hichtum/Dick Matena, De tsien fan Martens Afke
2021: Charlotte Brontë, Jane Eyre
Eigen wurk
1995: Ut it huodsje fan Frou Rienks - Goed fyftich jier Us Frysk Berneboek 1940-1993
1998: Fan hantsjeklap en sûkerbak
1990: Rixt en de ljippen
1990: Net foar bern! Jeugdlân tusken 1930 en 1980 yn oarspronklik-Fryske berne- en jongereinliteratuer
2000: Feroaring yn byld en bân: Fryske bernepoëzij yn de tweintichste ieu
2008: Midden in de week maar zondags niet: De ware geschiedenissen van Kortjakje, Berend Botje, Jan Huigen en consorten
2012: Simke Kloosterman: Prinses uit de Wâlden
2014: Boeken en bern: kinderliteratuur in soorten
2019: Aan de zijlijn: Drie Friese kinderboekenschrijfsters uit de negentiende en de twintigste eeuw
Prizen
2007: Hieronymus van Alphen Prijs
2019: Fryske Anjer fan it Prins Bernhard Cultuurfonds
Mear ynformaasje
Rianne Kramer, FD 29-11-2019 (fraachpetear)
Elisabeth Post, LC 19-04-19 (fraachpetear)
Sippie Miedema, FD 16-10-2019 (oer takenning Friese Anjer)
FD 04-12-2019 (oer útrikking Friese Anjer)
Wikipedy
Elisabeth Post, LC 26-02-2021 (oer Jane Eyre)
Sippie Miedema, FD 04-03-2021 (oer Jane Eyre)
Martsje de Jong, De Moanne 28-05-2021 (oer Jane Eyre)
©Tresoar, 07-04-2021