Berne: 26-08-1959, LJOUWERT
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Doe’t Piter Wilkens fjouwer jier wie ferhuze er mei syn famylje fan Ljouwert nei Marsum. Dêr hat er syn jeugd trochbrocht. Hy wennet mei syn gesin, frou en twa bern, noch altyd yn Marsum, yn it hûs dat syn pake Sytse eartiids boud hat.
Nei de legere skoalle hat Piter oan de LTS it fakdiploma timmerjen helle en dêrnei oan de MTS it diploma Boukunde. De oplieding oan de Academie voor Beeldende Kunst Minerva yn Grins hat er net ôfmakke. Begjin jierren tachtich, in tiid fan ekonomyske delgong, wie Piter ien fan it grutte tal skoalferlitters dat doe besocht wurk te finen. Yn it earstoan slagge dat net sa bêst, hy besocht fia in útstjoerburo fan alles: post bestelle, skjinmeitsje, yn ’e bou, op it lêst rekke er oan ’e slach by de Ljouwerter plantsoenetsjinst. Doe’t dêr troch besunigings syn kontrakt nei trije jier ferbrutsen waard, fûn er ôflieding yn ’e muzyk.
Piter Wilkens komt út in muzikale húshâlding, mem wie sjongeres yn Jelle Buisings Big Band en syn heit spile bariton-saksofoan yn itselde orkest. Dêrnjonken spile syn mem noch akkordeon en syn heit hobo en klarinet yn ferskate oare korpsen en orkesten. Sels woe Piter ek graach yn in korps spylje, hy hat it besocht mei in hoarn, mar omdat er him mar min foegje koe nei it spyljen fan muzyk fan papier, hat dat net sa lang duorre.
Yn 1979 foarme Piter mei syn broer Sytse, en inkelde oare muzikanten in muzykgroep. Datselde jier rjochten Henk Winters en Sytse en Piter Wilkens de band ‘Okke Hel’ op. Yn wikseljende gearstalling fan spilers spile de band rûnom yn en bûten de provinsje en makken se inkelde suksesfolle plaatsjes. Domien de Winter, gitaar en sang, en Douwe van der Werff, gitaar, piano en sang, hiene in belangryk oandiel yn it sukses fan de groep. Yn 1987 foel it doek foar ‘Okke Hel’. By Piter krige it idee om solo fierder te gean fêster foarm. Op It Aaipop festival 1987 yn Nijlân kaam er foar it earst allinne foar it fuotljocht. Stadichoan krige er it drokker as solist, mar hy song en spile ûnderwyls ek noch yn oare formaasjes sa as de ‘Gørbe’, yn syn eigen ‘Piter Wilkens band’ en yn ‘Piters Protters’. Súkses hie er mei syn single ‘Dûnsje, fanke, dûnsje’ en mei it liet ‘Knoopkes’ (tekst: Jurjen van der Meer-1991). Piter Wilkens waard hieltyd faker frege om optredens te fersoargjen, ek yn it bûtelân. Yn 1992 makke er in toer troch Litouwen en yn 1993 ien troch Poalen. Yn 1994 toerde er trije wike troch Amearika.
Syn earste cd ‘Sjongersbloed’ presintearre er yn 1993. Mei de muzikanten fan de gelegenheidsformaasje de ‘Rayonhaden’, nei in idee fan Simon Dijkstra, wûn Piter Wilkens de publykspriis fan it Frysktalige sjongfestival ‘Liet’ (1995). Piter hie foar dy gelegenheid it liet ‘Moeke’s koek- en sopy kream’ skreaun. Datselde jier presintearren de ‘Rayonhaden’ de cd ‘Skodzje foar it brûken’. De measte ferskes op de cd, tekst en muzyk, wiene skreaun troch Doede Veeman en Piter Wilkens.
Programmamakker Piter Tjeerdsma makke yn 1995 foar Omrop Fryslân in dokumintêre oer Wilkens.
Hoewol’t Piter Wilkens iderkear mear wurk krige as sjonger/muzikant wurke er noch wol in tal oeren yn ’e wike as timmerman, yn 1996 hold er dêrmei op en waard er ‘lytse selsstannige’. Tegearre mei Doede Veeman joech er datselde jier foar it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) in workshop liettekstskriuwen. Dat jier kaam ek syn cd ‘Timmermantsjoender’ út. Piter Wilkens waard in bekend ‘trûbadoer’, binnen en bûten de grinzen fan de provinsje. Hy fersoarge in grut ferskaat oan optredens, yn gearwurking mei oare muzikanten, mei korpsen en brassbands en yn ’e mande mei de oare Fryske trûbadoers Gurbe Douwstra, Jaap Louwes en Doede Veeman.
It jier 2000 brocht ferskate hichtepunten foar Piter; sa wie dêr de primeur fan it programma ‘Greideroas’ mei de Fryske jeugdbrassband yn De Skâns op ’e Gordyk, hie er in optreden foar de lanlike televyzje yn it programma ‘Amstel Live’ en wie der de suksesfolle toernee mei De Kast, Rients Gratama en Maaike Schuurmans yn it ramt fan Simmer 2000. Datselde jier song en spile er ek noch yn de saneamde ‘skûtsjetoer’ mei de band Second Live en wiene der yn de Ljouwerter Harmonie twa útferkochte ‘Fryske Stjerregala’s’. Yn de jierren dêrnei die bliken dat Piter syn namme as ‘trûbadoer’ in begryp wurden wie; syn optredens wurde wurdearre en besocht troch in grut publyk en nûmers fan syn cd’s binne altyd te finen yn de ‘top 100’ fan Omrop Fryslân.
Piter Wilkens skriuwt de teksten fan syn lieten sels, it meast en it leafst yn it Frysk en yn it Liwwarders. Hy hat ek Nederlânske en Ingelske teksten skreaun, mar docht dêr feitlik neat mei. Foar him is it gewoan om syn teksten te skriuwen yn de taal dy’t er praat, fan de saneamde ‘Ingelske goarre’ dy’t yn de wrâld fan de popmuzyk in grut plak ynnimt, moat hy neat ha.
Op it ‘Gala fan de Friese Popmuziek’ waard Piter ein 2006, as earste yn de skiednis fan de Fryske popmuzyk, út namme fan de Stichting Friesland Pop, in oeuvre-priis takend.
Healwei de jierren njoggentich fregen Piter Banga en Anton van der Wal fan de pleatselike omrop de ‘Boarnsterstim’ oft er sa no en dan net in stikje skriuwe woe oer it kulturele wrâldsje yn Fryslân. Dat like him net goed ta mar hy woe wol in persiflaazje meitsje op de lokale omrop. Syn ‘kollumkes’ sa as er se sels neamt, sloegen oan. Letter skreau er se ek foar de lokale omrop de ‘Eenhoorn’ fan Menameradiel, foar Frysk en Frij, de Afûk, Omrop Fryslân en NoordNed. Yn 2006 ferskynde in seleksje fan syn kollums, ûnder de titel Pitertuerlikens, yn boekfoarm.
Piter Wilkens hat fan begjin 2007 ôf in fêste kollum yn it Liwwarders yn it blêd Liwwarders.nl, en fan begjin 2008 ôf in Hollânsktalige yn de Friesland Post.
Yn syn muzyk en lietteksten teksten is syn bewûndering te merkbiten fan Bob Dylan en Jaques Brel, mar boppe al fan de Nederlânsk-Sweedske Cornelis Vreeswijk. Vreeswijk, 1937-1987, ferhuze op syn tolfte jier nei Sweden. Hy hat dêr karriêre makke as sjonger en skriuwer fan maatskippijkrityske, sarkastyske en tagelyk poëtyske lieten. Yn Nederlân krige er bekendheid mei ûnder oaren ‘De nozem en de non’ en ‘Veronica’. Piter Wilkens hat in tal lieten fan Vreeswijk oerset út it Sweedsk (mei help fan it wurdboek, want hy is de sweedske taal net machtich) yn it Frysk en in stik of wat yn it Liwwaders. De lieten binne ferskynd op in cd dy’t de titel ‘It fûgeltsje yn myn gitaar’ meikrigen hat (2006).
Striptekenaar Charles van den Broek hat in boek yn it ljocht jûn mei 20 tekene ferzjes fan teksten fan lieten fan de hân fan Piter Wilkens. It boek, mei de titel Piter Wilkens Tekene, is 21 maart 2008 oanbean oan skiedend kommisaris Ed Nijpels. Earder hie van den Broek al soartgelikense útjeften op syn namme stean fan sjongers/tekstskriuwers Robert Long, Ede Staal en Cornelis Vreeswijk.
WURK (foar muzyk: sjoch webside Piter Wilkens)
Proaza
2006: Pitertuerlikens (kollums)
Oer him
2008: Piter Wilkens Tekene - tekenaar Charles van den Broek
Mear ynformaasje
Eigen webside
Wikipedia
Lietteksten
Jacob Haagsma, LC 30-04-2021 (fraachpetear oer 'De laitsjende feniks'))
©Tresoar, 02-06-2021