Berne: 26-06-1801, bOALSERT
Ferstoarn: 22-08-1862, WOLSUM

Libben en wurk 

Rein Baukes Windsma is berne en opgroeid yn Boalsert. Dêr hat er op skoalle sitten en waard er letter skuonmakkersfeint. Hy troude yn 1824 mei Tryntsje Haagsma, se krigen tegearre fiif bern.Yn 1840 kaam ien fan de bern te ferstjerren en it jiers dêrop ferlear Windsma syn frou. Twa jier neitiid troude er mei Fettsje Piters fan Warkum. Mei har krige Windsma seis bern werfan’t ien as poppe stoar. Yn 1852 ferstoar Fettsje yn it kreambêd, Windsma bleau efter mei fiif lytse bern. Hy soe noch tsien jier as widner libje, yn 1862 ferstoar er te Wolsum.

Windsma groeide op yn in gesin werfan’t de heit analfabeet wie, mar de mem wol lêze en skriuwe koe. Nei alle gedachten wie de omgongstaal thús it Stedsfrysk. As bern al wie Rein Windsma sljocht op lêzen, hy begûn sels ek op jonge leeftyd mei dichtsjen. Syn earste gedchten, dy’t er al foar syn tweintichste skreau, wiene Hollânsktalich. Hy kaam yn ’e kunde mei histoarikus en skoalle-opsjenner ds. H.W.C.A. Visser fan Ysbrechtum. Visser seach dat de jonge skuonmakker mear mooglikheden hie en late him persoanlik op ta skoalmaster. Yn 1826 slagge er foar skoalmaster 4e rang, datselde jier krige er in tydlike beneaming oan in skoalle yn Boalsert. Nei Boalsert hat er noch oan de skoallen fan Nijlân en Offenwier stien. Njonken syn wurk gyng er fierder mei learen; yn 1829 slagge er foar de akte 2e rang. Letter dat jier ferfear er mei frou en bern nei Wolsum dêr’t er in fêste oanstelling as skoalmaster krige. Dêrneist waard er earmfâd en foarsjonger yn de tsjerke.

Yn Wolsum koe er him fierder ûntjaan, hy fergrutte syn kennis oer skiednis en literatuer en skreau inkelde skoalleboekjes. Windsma wie lid fan it Boalserter Nutsdepartemint en hie freonskiplike kontakten mei it Blauhúster doktersgesin Van Ringh en mei dominy-dichter Hendrikus van Berkum, dy’t mei syn frou fan 1838 oant 1839 yn de Wolsumer pastorij wenne.

It is net bekend wannear’t Windsma him it Frysk as skriuwtaal eigen makke hat. Yn 1821 ferskynde de nije printinge fan de Rymlerije fan Gysbert Japicx. Nei alle gedachten hat syn mentor ds.Visser him yn ’e kunde brocht mei it wurk fan Japicx. It foarwurdsje dat Windsma skreau yn syn earste eigen útjefte Blom-koerke (1829) wie alhiel yn de Gysbert-stavering.

Yn syn foarwurd skreau er dat syn wurk ornearre is foar ‘Friezen, dy rjuecht en sljuecht binne, az dy fen Bôalsert’, dêrmei de kenspreuk fan Gysbert Japicx ta sines meitsjend. (D.A. Tamminga; foarwurd Samle Dichtwurk R.B. Windsma, 1981). Tamminga typearre de fersen as ‘folksaardige humor sûnder plattens’.

De gedichten yn syn twadde bondeltsje Blomme-krânze (1833), binne net mear folksaardich mar hawwe fakentiden in godstsjinstich ûnderwerp. Ferstechnysk binne se better, de ynfloed fan dichters as Vondel, Luyken en Gysbert Japicx is dúdlik te merkbiten. Syn taalgebrûk, ynspirearre troch syn grutte foarbyld Gysbert Japicx, is kleurriker wurden.

De lêste en tsjokste bondel fan Windsma ferskynde trettjin jier nei de foargeande, yn 1847, ûnder de titel Bledden uwt myn skriuewboek. De lêste bondel is tagelyk de tsjokste. Ynhâdlik is it in bûnt gehiel fan godstsjinstige poëzij, húslike fersen, puntdichten en sjongteksten. Fierders befettet de bondel oersettingen fan dichters as Goethe, Schiller en Kleist en dêrnjonken fan Vondel en fan de Makkumer dichteres Cynthia Lenige.
Njonken godstsjinstige poëzij dichte Rein Baukes Windsma benammen oer de minske. De ferhâlding fan minsken ûnder elkoar, har leafde, gelok en fertriet, mar ek har minder aardige kanten stiene sintraal yn syn poëzij. Natuerfersen binne amper te finen yn it wurk fan Windsma. Hy skreau yn it folksfrysk sa as dat yn syn tiid brûkt waard, poëtysk mar net heechdravend.
Yn 1981 ferskynde der yn de Iduna-rige in bondel mei it samle dichtwurk fan Rein Baukes Windsma, besoarge fan D.A. Tamminga. Tamminga skreau ek de ynlieding by de bondel.

Wurk

Poëzy
1829: Blom-koerke
1833: Blomme-krânze
1847: Bledden uwt myn skriuewboek
1981: Samle dichtwurk fan Rein Baukes Windsma (besoarge en einredaksje D.A. Tamminga)

Mear ynformaasje
Digitale Bibliotheek voor de Nederlandse Letteren (DBNL)
Wikipedy

©Tresoar, 16-10-2019