Berne: 20-03-1867, nij beets
Ferstoarn: 19-06-1954, hilversum

Sjouke de Zee wie in skriuwer en propagandist fan it Frysk en lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân. Yn dy funksje besocht hy yn 1914 as earste Frysk te praten yn in steatesitting, mar dat waard him ferbean.

Libben en wurk
Sjouke wie in meniste boeresoan dy't him as skriuwer dwaande hâlde mei toanielstikken, revu's (foardrachten) en gedichten. Op 16 april 1982 troude er mei Tryntsje Feenstra, se krigen ien bern.

Hy trede ek wol op as lekepreker en foardrager. Hy waard frege op gearkomsten fan menisten oant sosjalisten en drankbestriders. In skoftlang hat er yn Deinum wenne as tsiismakker. Letter wie er 'manufacturier' yn Jirnsum. Yn 1931 ferhuze er nei Hilversum. Hy bewearde dat er de pompeblêden fan de Fryske flagge yntrodusearre hie. 

Yn 1921 makke Sjouke de Zee in stúdzjereis troch Amearika, "it lân fan dream en winsken", dêr't er yn kranten en tydskriften oer publisearre. Syn twadde reis nei Amearika yn (1928) duorre fjouwer moannen. Hy socht in soad Fryske emigranten op en makke der in boek oer, mei dêryn in protte foto's. Hy publisearre ek yn Swanneblommen.

  

WURK

Publikaasjes (seleksje)
1917: Stimpers (novelle)
1927: Fen lang forlyn (gedichten)
1929: Myn twadde Amearikareis (reisferslach)
1930: Kleaster Easlum (skiedkundich ferslach)

Mear ynformaasje
Wikipedy

©Tresoar, 19-05-2020