Berne: 04-05-1858, wolvegea
Ferstoarn: 28-04-1923, de gerdyk
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Geart (Geert) Lourens van der Zwaag wie in sosjalistysk politikus, dy't ek bekend waard as skriuwer en foardrager fan Fryske gedichten.
Van der Zwaag syn heit ferstoar doe't Geart twa jier âld wie. Syn mem troude wer. Syn styfheit, de bargeslachter Siebe Riegler, die it him net oan tiid om Geart op te fieden. Wol naam er it beslút dat de jonge doe't er tolve waard net fierder hoegde te learen, mar by him yn 'e saak moast, in swier bestean dat eins net by him paste. Dochs naam er letter de slachterij oer en waard er ek as feekeapman warber. Pas nei syn ferfarren nei Wolvegea ta (yn 1891) joech er de slachterij deroan.
Neidat er in optreden fan Domela Nieuwenhuis yn 1882 bywenne hie, waard Geart foarfjochter fan it algemiene kiesrjocht. Ek de kontakten mei Oebele Stellingwerf, redakteur fan it Friesch Volksblad, spilen hjirby in grutte rol. Uteinlik kaam er yn 'e polityk telâne. As lid fan de Sociaal-Democratische Bond kaam er yn 1893 yn de gemeenteried fan Weststellingwerf. Letter kaam er ek yn de Twadde Keamer (1897-1909). Yn 1905 waard er lid van de Provinsjale Steaten, yn 1907 waard er beneamd ta deputearre.
Syn leafde foar literatuer hie er opdien by syn twadde pake, de heit fan syn styfheit Riegler. Dan wie der ek it doarpslibben, dêr't er folút yn meidie, hielendal as it gie om toanielútfieringen en foardrachten by de Vriendenkring. Sels begûn er ek te skriuwen. Sa waard yn syn neilittenskip in foardracht oantroffen út 1873, makke dus doe't er noch mar sa'n 15 jier wie. Mei dy foardrachten hie er in soad súkses. Rûnom waard er frege. Bekende stikken dy't er die wiene de komeedzjes fan Keallebuorren. Nei 1886, doe't er mear belangstelling foar de polityk krige, hold er hjirmei op. Yn de Gerdykster krante skreau er geregeldwei stikken oer syn bestean as feekeapman en dan benammen oer fermiddens dêr't it bytiden rûch om en ta gie. Dêrneist wie er ek warber as sjuerylid by toaniel- en foardrachtekrigen.
Yn de lêste faze fan syn libben, doe't er net mear yn it politike lânskip paste en syn relevânsje ferlear, kaam er mei in pear operettes: Dochs torjochte komd en letter Yn 't wetterlân en oan 't Suderséstrân (operette). De resinsjes foar benammen it earste stik wiene posityf, it stik waard dan ek rûnom útfierd.
Yn 1923 is er ferstoarn op De Gerdyk, noch gjin 65 jier âld.
Boarnen foar dit artikel
Biografisch Woordenboek van het Socialisme en de Arbeidersbeweging in Nederland
Sj. van der Schaaf: Geart Lourens van der Zwaag (biografy, 1958)
Wurk
Toaniel en foardrachten (in kar-út)
1878-1886: Foardrachten (publisearre yn it Friesch Volksblad fan Oebele Stellingwerf)
1879: Natûr giet boppe de lear (toaniel, opfierd op 'e Gerdyk)
1885: It hûsbesiik by Goasseber (foardracht)
1912: Vriedenkring-revue
1913: Dochs torjochte komd (operette)
1922: Yn 't wetterlân en oan 't Suderséstrân (operette)
Oer Geart Lourens van der Zwaag
1958: Sj. van der Schaaf - Geart Lourens van der Zwaag
Mear ynformaasje
Digitale Bibliotheek voor de Nederlandse Letteren (DBNL)
©Tresoar, 30-10-2019