Foar in auteur as Tiny Mulder dy't graach kreatyf mei taal omgie, genoat fan it boartsjen mei taal, binne der net allinnich mooglikheden yn eigen wurk. Wurk fan 'soartgenoaten' lykas James Krüss en yn it bysûnder Lewis Carroll biedt dan likegoed in útdaging.
- Troch Jant van der Weg
De earste, Krüss, ferkeart boppedat ek wat yn 'e famylje. As Helgolanner heart er ta de Fryske taalfamylje, hoewol’t er foaral yn it Dútsk skreau. Fanwegen har persoanlike kontakt mei him fielde Tiny har troch him ynspirearre yn har wurk, spesjaal yn dat foar bern. Oersetten is dan fansels in opsje. Syn boek Mein Urgrossvater und ich (1959), dat him op Helgolân mei syn Oberland en Unterland ôfspilet, dage har taalfeardigens út. Sy hat dit boek fol ferhalen en fersen, dêr’t it taalspul alle romte yn jûn wurdt, oerset yn (Westerlauwersk) Frysk ûnder de titel Myn oerpake en ik (1962). Krüss sels wie tige entûsjast oer har oersetting. Om't er ús Frysk lêze koe, seach er dat Tiny it mei har oersetting wol ta in goed ein brocht, dêr't oare oersetters deryn fêst kamen te sitten. Frjemd genôch hat it boek noait in werprintinge hân, hoewol’t dat bêst de muoite wurdich west hie. De yllustraasjes út de orizjinele edysje fan Jochen Bartsch binne yn de Fryske ferfongen troch dy fan de Fryske keunstner Meinte Walta.
Tiny hie mei it wurk fan Krüss de smaak fan it oersetten wol te pakken. Want sa’n tritich jier letter waard har oersetting fan in oar Krüss-boek, It ferhaal fan de hin en it aai (1992) publisearre. It is in op rojaal formaat útjûn printeboek mei prachtige yllustraasjes fan de Tsjechyske yllustrator Josef Palecek. Krüss hat hjir in bekend tema útwurke mei in kostlike oplossing. Ommers, wat is der earst: de hin of it aai?
Ut dy Dútske boekewrâld sette Mulder fierders noch twa printeboeken oer fan 'e Switserske auteur Max Bolliger: It Hoedersliet: in advintsleginde foar bern en grutten (1980) en De bernebrêge (1981), beide boeken ek yllustrearre troch in Tsjechyske yllustrator, Stepan Zavrel. It earste boek jout yn de titel al oan, wêr’t it yn it ferhaal om giet. Yn De Bernebrêge krije tsierende folwoeksenen fan de bern in les yn it bouwen fan brêgen, letterlik en figuerlik.
Neist dizze ‘Dútske’ en hjoeddeiske wurken wie Tiny ek ûnder de betsjoening fan de Ingelske berneliteratuer út de njoggentjinde iuw mei Lewis Carroll syn Alice in Wonderland as hichtepunt. Se moat troch dit lêste wurk fassinearre west hawwe. Nei har dea wie der in lytse tentoanstelling yn Tresoar fan har samling Alice-oersettingen fan oer de hiele wrâld. Op al har reizen brocht se faak sa'n oersetting sels mei nei hûs en fan freonen krige se ek gauris in eksimplaar. It lei dêrom foar de hân - mar faaks begûn de passy foar sammeljen pas dêrnei - dat se dit wurk ek graach in Fryske oersetting gunde. En wa koe dat better dwaan as sy. In soad kostlike oplossingen binne te finen yn dizze Alice yn Wûnderlân (Drachten, 1964; Ljouwert, 1994). Lykas dy Cheshire Cat fan it orizjineel, dêr’t in soarte fan tsiis trochhinne skimeret. De Nederlânske oersetter Nicolaas Matsier makke der dêrom in Kollumer Kat fan. Tiny Mulder keas net foar dit soarte tsiis, ferbûn mei in Frysk doarp, mar foar in tige populêre soarte fan kat yn Fryslân, de siferske kat. De Fryske namme foar sa’n kat fielt hast nostalgysk oan en jout de Alice-kat in spesjaal Frysk aksint.
It is yn dizze kontekst aardich om te witten dat skriuwer en oersetter Nicolaas Matsier, pseudonym fan Tjit Reinsma, in achterneef is fan Tiny Mulder.
De trije dielen mei bydragen oer Alice yn Wûnderlân yn ferskate talen.
Har oersetting krige ek yn it bûtelân wurdearring. Yn 2010 sette de yn New York fêstige Lewis Carroll Society yn de persoan fan de foarsitter, Jon Lindseth, in projekt op yn ferbân mei de oersettings fan dit wrâldferneamde boek. Hy woe in boek útjaan mei alle oersettings fan dit boek yn grutte, mar ek yn lytse talen. Dat risseltearre yn trije dikke boeken, dêr’t auteurs út in grut ferskaat oan talen fan oer de hiele wrâld in bibliografy, in essay en in oersetting foar leveren. Dat lêste wie in nijsgjirrich elemint: in selde stikje út de oanbelangjende oersetting waard werom oerset nei it Ingelsk. Sa waard dúdlik wat de oersetter dien hie.
De al neamde lieder fan it projekt, Jon Lindseth, wie ûnder de yndruk fan it fersetswurk en striid tsjin de nazi’s yn Wrâldoarloch Twa fan Tiny Mulder. Hy pleatste in sitaat fan har as motto yn it earste diel (sjoch boppe-oan dit artikel).
Oan de werprinting fan Tiny Mulder har oersetting yn 1994 is in oerset yntro-gedicht tafoege. Har nijsgjirrige ynlieding út 1964 is yn de werprinting spitigernôch nochal ynkoarte.
Neitiid wurke Tiny Mulder ek oan it twadde diel, Through the Looking Glass, lykas se sels sei yn in ynterview (Leeuwarder Courant, 2003), mar dat hat se spitigernôch net ôfmeitsje kind.
Om by dy Ingelske berneliteratuer te bliuwen: Tiny Mulder sette twa ferhalen oer fan de ferneamde Ingelske auteur en yllustrator Beatrix Potter, It ferhaal fan Piter Knyn (oarspronklik 1902; oersetting 1993; 19982) en It ferhaal fan Benjamin Langear (oarspronklik 1904; oersetting 1999).
Mar se beheinde har net ta de Ingelske en Dútske literatuer. By de oersetting fan de Frânske klassiker oer Monsieur Cryptogame fan Rodolphe Töpffer keas sy foar de bewurking fan J.J.A. Goeverneur. Goeverneur op syn bar hie yn 1858 it ferhaal nei in Dúts foarbyld bewurke. Tiny har ferzje waard De bjusterbaarlike reis fan Menear Prikkeskonk (1980) mei printen fan Rudolf Töppfler. De oersetting wie in kombinearre útjefte fan de útjouwers Becht yn Amsterdam en de Friese Pers yn Ljouwert.
Sa hat Tiny Mulder neist it oarspronklik wurk foar bern ek yn har oersettings har literêre talint sjen litten.
Lês/harkje ek yn it dossier oer Tiny Mulder:
- 'Het vriendelijke gezicht van Canada', skreaun troch Abe de Vries.
- 'Foardracht gedichten Tiny Mulder', studinten drage gedichten foar.
- 'Tiny Mulder skreau ek foar bern', skreaun troch Jant van der Weg