Tiny Mulder har boek Tin iis ferskynde yn 1981. Dêrnei hat it boek net minder as seis printingen belibbe. De Nederlânske oersetting, dy't de skriuwster sels makke en ferskynde ûnder de titel Gevaarlijk ijs (1987), waard ek faak op 'e nij printe. Dy sifers sizze genôch, mar ek út in lêzersûndersyk fan de Leeuwarder Courant yn 2006 die bliken dat Tin iis boppe-oan de populariteitslistjes stie. It wie mei De sûnde fan Haitze Holwerda yn dat jier it meast wurdearre boek út de Fryske literatuer. Hoe is dat te ferklearjen?

- Troch Gerbrich de Jong

Earst mar ris in greep út de resinsjes: "In treflik boek, (...) in bysûnder goed boek" (Piter Terpstra), "in nuttich boek" (Tineke Steenmeijer-Wielenga), "een boeiend boek dat op verantwoorde wijze een beeld geeft van het leven in de bezettingstijd, steunend op de eigen ervaringen van de schrijfster" (Wieke Goeman-van Randen), "Tin iis [mei] mei rjocht ta de Fryske klassiken rekkene wurde" (Durk Hibma).

Haadpersonaazje fan dit populêre boek is Klaske Jagersma, in famke fan fjirtjin. Har âldere suster Dineke sit yn it ferset en Klaske wurdt stadichoan yn it ferset behelle as koerierster, wat spannende situaasjes opsmyt. De heit en mem fan Klaske en Dineke nimme boppedat in ûnderdûker yn 'e hûs, wat ek foar de nedige spanning en risiko's soarget. De spannende sênes wurde markearre troch de wurden 'tin iis'. As der gefaar driget, krijt Klaske nammentlik in 'tin iis-gefoel'. Dy spanning sil bot bydrage oan de populariteit fan it boek. Oarlochsferhalen binne populêr: yn it earder neamde lêzersûndersyk fan de Leeuwarder Courant einigen trije oarlochsboeken yn de top fjouwer.

Yn Zolang de wind van de wolken waait wurdt fan Tin iis sein dat it skreaun is mei 'frisse en onpretentieuze directheid'. Oer Tiny Mulder har kritiken wurdt yn itselde neislachwurk sein dat se dy skreau fanút in posityf-kristlike achtergrûn, wylst sy priizge waard om har kundichheid en har oprjochtheid. Dy posityf-kristlike achtergrûn past goed by it aard fan in jeugdboek en ferklearret miskien wol mei it sukses fan Tin iis.

In boek oer oarloch en ellinde is yn prinsipe net direkt wêr't je oan tinke by in boek foar bern. Bern wolle je ommers beskermje tsjin it leed yn 'e wrâld en in goed gefoel jaan oer it libben. Tagelyk ha berneboeken in didaktyske funksje: se wolle bern wat leare. Dy spanning is op syn sterkst yn boeken oer de Holocaust: it is sawat in ûnmooglikheid om oan de iene kant de werklikheid te toanen en tagelyk it minskbyld fan de jonge lêzer heech te hâlden. Yn jeugdboeken oer de Holocaust sjochst dêrom dat strategyen ynset wurden om it boadskip te fersêftsjen. Ien sa'n strategy is dat sokke boeken tsjin de realiteit yn faak goed ôfrinne.

Tiny Mulder moat dy spanning ek field ha by it skriuwen. Sy sil besocht hawwe om de lêzer in earlik en oprjocht ferhaal te fertellen oer de oarloch, mar tagelyk sjen litte wollen ha dat minsken úteinlik yn goedens wolle. Troch de wichtichste personaazjes fersetshelden wêze te litten, wurdt it oarlochsferhaal fuortdaliks draachliker. Want wat jout no mear hope oer it aard fan de minske as dat guons har eigen libben riskearje wolle foar dat fan in oar? Dat is in ferhaal dat bern graach lêze en folwoeksenen, tink ik, ek. Klaske groeit op yn in leafdefolle húshâlding mei âlders dy't grutte risiko's nimme om de bern fan in oar te beskermjen, om de simpele reden dat sy oarsom ek graach wolle soenen dat in oar dat foar har bern dwaan soe.

Tin iis 1

Nettsjinsteande de oarlochsspanning is de wrâld fan de Jagersma's in wrâld dêr't je as lêzer graach 300 siden ynsitte. De spanning makket it ferhaal noch moaier en aldergeloks is de ein net dreech. Hoewol't it ôfskie fan ûnderdûkster Anneke net maklik is, kin dy nei de befrijing wol gewoan wer nei har eigen (joadske) heit en mem ta en oerlibbet de hiele famylje Jagersma de oarloch.

Tiny Mulder hat har eigen ûnderfiningen yn it boek ferwurke, mar hat keazen foar in haadpersoan dy't jonger is as sysels doe't de oarloch begong. Troch in bern as haadpersonaazje te kiezen, wurdt noch dúdliker wat it effekt is fan de oarlochsjierren op ien syn persoanlike ûntjouwing. Klaske wurdt troch de oarloch en troch har fersetswurk rap folwoeksen. Tin iis kin dêrom net allinnich as oarlochsroman, mar ek as Bildungsroman beskôge wurde. Tineke Steenmeijer-Wielenga, dy't it boek in 'psychologyske roman' neamt, ljochtet boppedat noch in oare reden út om de heldedieden fan sus Dineke út it perspektyf fan de jongere Klaske wei te beskriuwen: sa krijst as lêzer mei wat de útwurking dêrfan is op de hiele húshâlding. It is in perspektyf dat goed wurket en tûk keazen is.

Aardich is dat wy mei tank oan in fraachpetear dat Sietse de Vries yn 2003 mei Tiny Mulder hold yn de Leeuwarder Courant, witte hoe't de skriuwster sels sjocht nei it sukses fan har boek. Sy sjocht net raar op fan it sukses fan har boek. Se hat sa faak op skoallen oan it fertellen west oer har oarlochsferline, dat it har net ferrast dat in soad minsken witte fan har boek. Se tinkt dat dat de keapers (of lieners) fan it boek minsken binne dy't har ferhalen heard hawwe. Dat it boek it ek bûten Fryslân goed die, ferklearret Tiny Mulder troch it mooglike ferlet oan ynformaasje oer de rol fan froulju yn it ferset.

Sjen litte wolle dat it ferset der sûnder froulju net west hie, wie foar Tiny Mulder de oanlieding om it boek te skriuwen. It ergere har dat it yn boeken oer it ferset altyd oer de heldhaftige rol fan manlju gie. Mei dit boek lit se sjen dat sy en har suster wichtich wurk dienen foar it ferset en ek harren mem wurdt delset as in sterke frou. Miskien is dat noch in lêste ferklearring foar de populariteit: it boek joech in nije ynfalshoeke foar it fertellen fan in oarlochsferhaal, dy't ek lêzers fan no noch altyd oansprekke sil.

tin iis 5pr 2005 500 px

Lês/harkje ek yn it dossier oer Tiny Mulder:
- 'Het vriendelijke gezicht van Canada', skreaun troch Abe de Vries.  
- 'Foardracht gedichten Tiny Mulder', studinten drage gedichten foar.
- 'Tiny Mulder skreau ek foar bern', skreaun troch Jant van der Weg.
- 'Oersettingen fan berneliteratuer troch Tiny Mulder', skreaun troch Jant van der Weg.
- 'Tiny Mulder en de oarloch', troch Otto Kuipers, Tresoar.