Yn it lêste oarlochsjier fûn der in foarfal plak dat grutte yndruk makke op de jonge Tiny Mulder, trouwens, net allinnich op harsels, it hiele ferset yn Smellingerlân wie fan slach.

- Troch Otto Kuipers, Tresoar

It spile him ôf op tiisdei 21 novimber 1944. De Dútske besetter brocht dy dei in besite oan ‘De Legauke’, de pleats fan Reinder de Vries ûnder De Pein. Wat wie it doel fan dy besite? Hûndert persint wissichheid dêroer hawwe wy net, mar oer it generaal wurdt oannommen dat der sprake west hat fan ferried oan de Zollgrenzschutz. Dy organisaasje, dy’t fan oarsprong de grinzen fan it Dútske ryk bewake moast, waard yn de oarloch yn de besette gebieten ek ynsetten tsjin it ferset. Yn Drachten wie in ienheid stasjonearre en it wienen seis manlju fan dy ienheid dy’t dy 21ste novimber nei De Pein teagen, … bewapene. Se moatte help hân hawwe, want maklik te finen wie De Legauke alderminst. Fier fan ’e bewenne wrâld, hast twa kilometer súdlik fan it doarp lei de pleats oan ’e ein fan in reed.

Troch dy lizzing wie it in ideaal ûnderdûkplak: foar stakende spoarweiarbeiders, delsketten alliearde fleaners en fersetsminsken. Der is in foto fan de bewenners bewarre bleaun dy’t nei alle gedachten sa’n twa moannen foar de oerfal makke is. Neist de fêste bewenners stean tolve ûnderdûkers op de foto, dêrûnder seis KP-ers, leden fan in knokploech. Dy sieten ek yn novimber noch altiten op ’e pleats, … ek bewapene.

De Dútsers setten dy tiisdeis ier en betiid ôf en stapten ûnder melkerstiid de stâl fan De Legauke binnen. Jan en Marten, twa soannen fan De Vries, dy’t sieten te melken, raasden: ‘Dútsers’ en draafden mei in ûnderdûker nei it foarhûs dêr’t se alle trije daalks delsketten waarden. Boppe kaam it ta in fjoergefjocht tusken de ynkringers en de KP-ers dy’t fan de opskuor wekker waarden wiene. De Dútske kommandant ferlear dêrby syn libben. De oare Dútsers setten dêrop ôf. It resultaat? Fjouwer deaden.

De efterbliuwers flechten. Dat wie mar goed ek, want de Dútsers kamen mei man en macht werom en stutsen de pleats yn brân.

Twa KP-ers fytsten nei it âldershûs fan Tiny Mulder, om it gesin te warskôgjen. Yn Tin iis beskriuwt se de hastige besite fan de beide jonges dy’t yn har boek Wite en Edammer hjitte. De pleats wurdt ‘Marsicht’ neamd.

In pear wiken letter kaam Wite by ús thús oanjeien en skuorde fuort de fyts mei yn 'e bykeuken. Hy stode nei it húske en wy hearden him oerjaan. Dêr kaam ek Edammer efterom, alhiel ûntdien. ‘Is Wite hjir? En Twa?’
‘Wite is hjir. Hy spuit,’ sei mem. ‘Wat is der geande?’
‘In oerfal op “Marsicht”. Der sieten wy al in skoft mei ús sabotaazjeploech fan tsien man. 't Wie ûnder melkerstiid. Wy leine noch op bêd. Se ha fuort twa soannen fan de boer ûnder de kij deasketten en de sweager fan de boer, in spoarman, ek. Wy binne daliks begûn te sjitten. Doe setten se ôf, op twa nei. Dy ha wy deasketten, blykber. Se wiene mar mei har seizen. De boer en de frou ha se net krige omt dy it lân yn stoden wylst wy mei de SD-ers oan it sjitten wiene. Doe koene wy ek útnaaie. De SD hat help helle. Ast hjir bûten it doarp stieste, kinst “Marsicht” brânen sjen.’
Wite kaam der ek yn. ‘Sorry,’ sei er, ‘ik wie sa mislik. Ik ha noch in kear werom west. Lânwachters ride twa weinen mei kij fuort.’
‘Hoe kamen se op “Marsicht”? Ofgelegener pleats soe ik net witte,’ sei heit.
‘Ferried, tink. Mar wa? As ik dy fint krij!’ Wite krige der wer kleur fan.

Wa hie De Legauke ferret? Wa wie net te fertrouwen? Dat bleau de grutte fraach, oant de befrijing ta. Doe’t Tiny Mulder yn febrewaris en maart ’45 dêroer fan hearren en sizzen wat fernaam spile se dat direkt troch oan ien fan de grutte bazen fan it ferset yn Fryslân. Dat wie Piet (Kramer), yn werklikheid Piet Oberman. Hy wie doe de GSL (de Gewestelijk Sabotage Leider fan de Nederlandse Binnenlandse Strijdkrachten yn Fryslân).

De beide bryfkes dy’t Tiny Mulder ûnder har skûlnammen Rixt, respektivelik Anne Marie oan Piet Kramer skreau wurde bewarre by Tresoar yn de ‘Archieven en documentatieverzameling van de Vereniging “Friesland 1940-1945”’ (ynv. nr. 379).
Oft Piet fierder ek aksje ûndernommen hat nei oanlieding fan beide bryfkes fertelt de histoarje net.

Doe’t Fryslân yn april ’45 befrijd waard, koe Rixt/Anne Marie wer gewoan as Tiny Mulder troch it libben gean. Dochs soenen de skûlnammen in pear jier letter nij libben ynblaasd wurde. Op 2 juny 1951 krige it earste bern fan Tiny Mulder en Jildert Sudema de namme Rixt Annemary.

Hjirûnder binne de scans te lêzen. Klik op de ôfbyldingen om it te fergrutsjen. Scans: Tresoar.

Brief 001A

Brief 001B

Brief 002A

Brief 002B

 Lês/harkje ek yn it dossier oer Tiny Mulder:
- 'Het vriendelijke gezicht van Canada', skreaun troch Abe de Vries.  
- 'Foardracht gedichten Tiny Mulder', studinten drage gedichten foar.
- 'Tiny Mulder skreau ek foar bern', skreaun troch Jant van der Weg.
- 'Oersettingen fan berneliteratuer troch Tiny Mulder', skreaun troch Jant van der Weg.
- 'It suksesresept fan "Tin iis"', troch Gerbrich de Jong.