Yn 2020 is der, yn opdracht fan Tresoar, in picture poem publisearre oer it gedicht 'O sa te wurden' fan Tiny Mulder. Besjoch hjirûnder de picture poem en de tekst fan it gedicht. Klik hjirre foar alle picture poems dy't der makke binne.
'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.
"O sa te wurden
foardat it wetter oer jin slút:
in Venetië, in stêd, in honk
foar wa't hjir wêze wolle.
Yn jins hernen skûlet
in ynlikst fan jins bewenners,
op jins streamen farre dy't komme wolle,
dy't wer gean wolle;
sy allegearre libje by jins graasje.
En dan foldien en sêd
fan nimmen en jaan
de hiele brot
fan lok en fertriet
teknipe yn 'e hannen,
en mei de diggels
truzelje yn 'e see.
Dêr'st wei kaamst
giest hinne:
wetter, ierde.
In stêd ferdrinkt,
in minske sinkt,
alle gloarje wurdt leginde,
driuwend op it tij, yn / út."
Lês/harkje ek yn it dossier oer Tiny Mulder:
- 'Het vriendelijke gezicht van Canada', skreaun troch Abe de Vries.
- 'Foardracht gedichten Tiny Mulder', studinten drage gedichten foar.
- 'Tiny Mulder skreau ek foar bern', skreaun troch Jant van der Weg.
- 'Oersettingen fan berneliteratuer troch Tiny Mulder', skreaun troch Jant van der Weg.
- 'It suksesresept fan "Tin iis"', troch Gerbrich de Jong.
- 'Tiny Mulder en de oarloch', troch Otto Kuipers, Tresoar.
- 'Wer triennen', troch Geart de Vries.