It Frysk Film & Audio Argyf hat audiomateriaal út de kolleksje fan Tresoar dêr't Tiny Mulder op te hearren is digitalisearre en online set. Dat is it slútstik fan it dossier oer Mulder.

De audiobestannen binne te beharkjen fia archieven.nl. Sa is ûnder oare te hearren hoe't Mulder skriuwers as Anne Wadman en Ypk fan de Fear ynterviewt. Dêrneist is der ek in fraachpetear dat Aly van der Mark mei Mulder holden hat yn de santiger jierren. In oar foarbyld is in lêzing dy't Mulder yn 1981 jûn hat foar it Skriuwersboun oer har roman Tin iis.

Gean nei archieven.nl foar it audiomateriaal.  

Lês/harkje ek yn it dossier oer Tiny Mulder:
- 'Het vriendelijke gezicht van Canada', skreaun troch Abe de Vries.  
- 'Foardracht gedichten Tiny Mulder', studinten drage gedichten foar.
- 'Tiny Mulder skreau ek foar bern', skreaun troch Jant van der Weg.
- 'Oersettingen fan berneliteratuer troch Tiny Mulder', skreaun troch Jant van der Weg.
- 'It suksesresept fan "Tin iis"', troch Gerbrich de Jong.
- 'Tiny Mulder en de oarloch', troch Otto Kuipers, Tresoar.
- 'Wer triennen', troch Geart de Vries.
- 'Picture poem 'O sa te wurden'
- 'Foardracht gedichten Tiny Mulder - 2', studinten drage gedichten foar.