Oer ‘De ferkearde wrâld’, in skôging fan Waling Dykstra (Fryske húsfrjeon fen 1902). Troch Babs Gezelle Meerburg.

‘It soe my bare nij dwaan as de maatskippij op sa’n manier [omkeard ynrjochte - BGM] net wat better wurde koe as er no is.’ Sa optimistysk einiget in skôging út 1869 dy’t ús aardich ynsjoch jout yn Waling Dykstra syn wierheid, yn syn fizy op de 19de iuwske maatskippij, op maatskiplike foarútgong. Hy hat yn dizze skôging fan alles by de kop, mar yn dizze bydrage oan de digitale útstalling sjogge wy allinne efkes nei wat er skriuwt oer froulju. Dat is nammentlik it tema fan de lêzingen op tongersdei 12 desimber 2019 troch Lida Dykstra en Babs Gezelle Meerburg yn Obe.

Lês mear...

Ien fan de ûnderdielen fan de tentoanstelling oer Waling Dykstra is de korrespondinsje fan de skriuwer. Abe de Vries fertelt koart wat oer de brieven, mei dêrnei scans fan twa brieven út it argyf fan Tresoar (klik op de scans foar gruttere ôfbyldings).

Fan Waling Dykstra binne mear as 270 brieven bekend; dêrneist binne hast 480 oan him skreaune brieven bewarre bleaun yn Tresoar. De lêste yn it argyf gie op 6 novimber 1913 de doar út, nei de útjouwer fan syn blêd Sljucht en Rjucht. Yn C-mineur: 'As der gjin middels útfûn wurde om nije lêzers te krijen (mar leafst hjir yn Fryslân) dan wit ik gjin rie mear.'

Lês mear...

Hoe seach Waling Dykstra God? Douwe Kalma bekritisearre it Godsbegryp fan Dykstra, want Dykstra soe neat ferstean fan “it mystike” yn ‘e godstsjinst (sjoch Abe de Vries syn Foarwurd by syn blomlêzing fan Dykstra’s gedichten, Duvelskeunstner). Kalma giet der lykwols oan foarby dat Godsbegryp altyd twa kanten hat:

  • it mystyk-spirituele dat him uteret yn bygelyks kearskes brâne, meditaasje, yoga
  • it sosjaal-humanistyske dat him uteret yn bygelyks jild of tiid oan earmen of siken jaan
Lês mear...

Lês no in priuwke fan it boek It heamiel by Gealeboer fan Waling Dykstra op Sirkwy.

It heamiel by Gealboer is Dykstra syn earste mingelbondel mei sawol ferhalen as gedichten ('rym en onrym') en ferskynde yn 1850. Men fynt hjir flot en mei humor fertelde sketsen út it deistich libben fan doarpslju en boeren, mar ek treffe jin sosjale krityk en romantyske aksinten. De nije útjouwer Ippius Fockens yn Frjentsjer advertearre der ek bûten Fryslân mei. It heamiel hie grut súkses en waard werprinte yn 1853, 1854, 1860.

Lês mear...

Lês no in priuwke fan it lieteboek Doaitse mei de Noardske balke (printinge 1853) fan Waling Dykstra op Sirkwy.

De earste bondel mei Frysktalige lieten dy't brede yngong fûn. De meldijen kamen faak fan bekende Hollânsktalige sankjes, dêr't Dykstra nije teksten op makke. It doel wie foaral om mear Frysk op strjitte te krijen. Bysûnder populêr waard 'Myn Mary' ('Dêr yn dat tropke beammen, / Dêr stiet dy âlde toer'). Doaitse ferskynde yn 1848 en waard werprinte yn itselde jier, 1850, 1853, 1858 en yn in lúkse edysje noch in kear yn 1897.

Lês mear...

Lês no in priuwke fan it boek De silveren rinkelbel (printinge 1866) fan Waling Dykstra op Sirkwy.

Net modern neffens komposysje en psychology, mar wol de earste roman yn it Frysk. Dykstra skilderet hjir de patriottetiid yn Stiens yn it lêst fan de achttjinde ieu, dêr't oer heard hie yn famyljeferbân. It wurk wurdt noch altyd romme as in foarbyld fan syn natuerlike fertelkeunst, dy't net ûnder docht foar de bêste Hollânsktalige foarbylden. Ferskynd yn 1856 en werprinte yn 1866, 1887, 1908, 1930, 1950, 1987, 2003. In Hollânske oersetting, fan Dykstra sels, seach it ljocht yn 1857.

Lês mear...

Oer Waling Dykstra en syn tiid

Waling Gerrits Dykstra (1821, Froubuorren-1914, Holwert) is ien fan de belangrykste Fryske skriuwers fan de njoggentjinde iuw. De omfang fan syn literêre produksje is amper te befetsjen en beslacht inkeld al mear as 120 boeken en boekjes, neist in net te tellen oantal los yn tydskriften publisearre bydragen. Op allerhanne terrein is er aktyf, as roman- en ferhaleskriuwer, dichter, tydskrifteredakteur, foardrager, toaniel- en lieteskriuwer, sjoernalist, folksferhalesamler en letter ek as gearstaller fan it earste Frysk wurdboek.

Lês mear...

Wa wie Waling Dykstra? Om dy fraach te beantwurdzjen hat Abe de Vries, gastkurator fan de tentoanstelling yn Obe, in nije biografy foar op Sirkwy skreaun. Dy biografy jout in byld fan syn libben, mar benammen oer syn wurk. Men krijt in goede yndruk fan it ûnbidich soad wurk dat Dykstra ferset hat.

Lês mear...

Waling Dykstra (1821-1914), bakker, boekbiner en -ferkeaper, is ien fan de belangrykste grûnlizzers fan de Fryske literatuer. Likernôch 75 jier lang hat dizze autodidakt de Friezen leard om har eigen taal te lêzen, te skriuwen en om der yn te sjongen en toaniel yn te spyljen. Syn ynfloed as skriuwer, dichter, sjoernalist en folkskundige op de Fryske taal en kultuer is grutter as dy fan hokker oare skriuwer ek. Syn maatskippij-krityske toan, striid foar it Frysk en ynset foar sosjale rjochtfeardigens en emansipaasje fertsjinje mear as hûndert jier nei syn dea ús folle omtinken. Fan 21 septimber ôf is de tentoanstelling 'Waling Dykstra - Foarútgong' te sjen yn Obe, poadium foar literatuer, keunst en taal. Mei dy tentoanstelling bringt Tresoar Waling Dykstra wer yn it Fryslân fan hjoeddedei.

Lês mear...