Eppie Dam as redakteur fan Trotwaer, 1977-1982

Abe de Vries

No’t Eppie Dam – hjir fierder: Eppie – op 5 maart syn santichste jierdei hat, wol ik him by wize fan lyts presintsje in stik oanbiede oer syn krewearjen as redakteur fan Trotwaer. In krewearjen dat mar seis jier duorre hat, fan 1977 oantemei 1982, mar dat mei de grûnslach foarmet fan de lange, alsidige en bysûnder produktive skriuwers- en dichterskarriêre dy’t folgje soe. In krewearjen ek, dat ús faaks ynsjoggen jaan kin yn ’e iere dynamyk fan in letter eksimplarysk, ik bedoel, foarbyldich Frysk skriuwerskip, en dat dêrneist ûnderdiel útmakket fan in nijsgjirrich stik Fryske literatuerskiednis.

*

Yn watfoar literêr fermidden kaam Eppie yn 1977, doe 24 jier jong, telâne? Trotwaer, oprjochte yn 1968 as opfolger fan De Tsjerne, wie doe it liedende, seis kear jiers ferskinende literêre tydskrift yn Fryslân. Neist it benammen blomlêzende Hjir en it polityk-aktivistyske Sonde ûnderskiede it him yn de earste helte fan de santiger jierren foaral troch stikken oer literatuerteory; te tinken falt oan in hiele searje artikels oer literatuer en etyk, literatuer en psycho-analyze, en literatuer en strukturalisme.
       Yn 1975 bestie de redaksje út Willem Abma, Adri van Hijum, Bartle Laverman, Alex Riemersma en Trinus Riemersma. Utjouwer wie, oant nûmer 4 fan dat jier, Miedema Pers mar dy gie fallyt. In nij ûnderdak waard fûn by de Koperative Utjowerij, doe te Ljouwert, letter te Boalsert. Ein 1975 stapte Van Hijum, de man fan de by guon skriuwers en lêzers beruchte ‘struktueranalyses’, nei fiif jier út ’e redaksje. ‘Nei dizze in frisse’, stie boppe syn wat sneue ôfskiedswurd. Hy fûn it ‘Fryske literaire wrâldsje’ mar in ‘peyton place yn-de-lytst-tinkbere-form’, skreau er, dêr’t men net oer syn ‘frijhwat rationele’ literêre krityk kinnen hie en men jin achter jins rêch om berabbe (1975, 313). Geart van der Meer waard syn opfolger.
       It fertrek fan Van Hijum soe in literatuerhistoaryske keatlingreaksje ynliede. Mei yngong fan nûmer 4 fan 1976 ferliet ek de ‘teory-swiere’ Bartle Laverman nei fiif jier de redaksje; foar him kaam, mei yngong fan 1 jannewaris 1977, Eppie yn ’t plak. Ein dat jier stapte Trinus Riemersma op, ek in earsten teoretikus; foar him kaam mei yngong fan nûmer 5 Goaitsen van der Vliet op it toaniel. En ein 1978 hold ek de psycho-analytysk ynspirearre Willem Abma der (nei fiif jier) mei op; syn opfolger waard yn 1979 Oene Spoelstra. Mei yngong fan it twadde nûmer fan 1980 kaam Jan Wybenga yn it plak fan Alex Riemersma; mei yngong fan 1982 gie Geart van der Meer der wer út en Akky Kuiper-van der Veer kaam deryn.
       Alsa rommen yn fjouwer jier tiid, yn ’e perioade 1975-1978, de ‘teoretisy’ it fjild foar de ‘tradisjonalisten’, soe men fan tinken hawwe kinne. Alteast: de nije redaksjeleden wiene sa’t it liket gjin grutte foarstanners fan it neffens in ‘wittenskiplike’ metodyk skriuwen of kritisearjen fan literatuer. Soks smiet likemin in garânsje op foar goed resinsearjen as it wenstige literatuerskôgjen, mar late faak wol ta fierhinne ûnlêsbere bydragen. As it my net mist, hat Eppie de redakteur west dy’t it dúdlikst ôfstân naam hat fan de strukturalistyske tradysje fan Trotwaer. Al yn ien fan syn earste besprekken (fan de ferhalebondel fôi en fredeloas fan Trinus Riemersma) skriuwt er:

It skynt der yn ‘Trotwaer’ sa by to hearren dat de bisprekkers fan literair wurk har lêzerspublyk foarút ynljochtsje oer de (meast wittenskiplike) útgongspunten dêr’t hja út fuortfarre. Ik haw gjin stúdzje makke fan literatuerwittenskip en hwatfoar literair-krityske systemen ek, en hwat ik der al fan ôf wit is to min om in bisprek op te basearjen. Net dat ik my nou yn ’t foar ûntskuldigje wol foar in min of in heal bisprek, krekt oarsom, ik wol úthâlde dat ek in net-wittenskiplik forantwurde bisprek in goed of alteast in akseptabel bisprek wêze kin (..). Ik wol oaren it hantearjen fan methoaden en systemen net misgunne, mar it is fansels net sa dat in literair-wittenskiplike oanpak by définysje in korrekt bisprek opsmyt. Hoewol’t sok ek noait mei safolle wurden sein wurden is, leau ik al dat by guon dy yndruk bistiet (1978, 26).

Dam Eppie 2

86e redaksjegearkomste fan Trotwaer yn Grins op 21 july 1980 mei f.l.n.r. Geart van der Meer, Eppie Dam, Oene Spoelstra, Goaitsen van der Vliet en Jan Wybenga. Foto: Ikonografy Tresoar.

It ûnútsprutsen, achterlizzend boadskip wie dat Trotwaer net bestean koe fan inkeld skriuwers en lêzers mei in universitêre oplieding. Om de bân mei in breder fjild fan meidoggers en in breder lêzerspublyk te behâlden moast neist wittenskiplik idealisme ek de literêre praktyk syn gerak krije en foar fol oansjoen wurde kinne. Eppie, Geart en Goaitsen wiene wol foarstanners fan in yn prinsipe tekstuele beneiering fan literatuer; dat wol sizze dat auteursbedoelingen en auteursbiografyen net foarop stean mochten yn ’e krityk. Mar yn harren skôgingen woenen se har net liede, lit stean twinge litte troch dizze of jinge teory of skoalle.
       Nei Eppie syn begjinselferklearring, as je boppesteande passaazje sa neame meie, stjoerde de redaksje in fragelist oer literatuer en literatuerkrityk (sjoch 1978, 67) nei sa’n tweintich skriuwers, om fierdere diskusje los te meitsjen. In soad animo wie dêr lykwols net foar; bûten fjouwer redaksjeleden (Willem Abma, Eppie Dam, Geart van der Meer en Trinus Riemersma) antwurden inkeld Sybe Sybesma en Josse de Haan. Yn syn reaksje relativearre Eppie it merlynistyske of Derridiaanske adagium il n’y a pas de hors-texte: foar him wie literatuer ek wer gjin doel op himsels. ‘(..) moat literatuer ek net hwat opsmite, hwat toweibringe of hwat foroarje? Hwa’t sa’n fraach stelt, kin net langer om de doelen en bidoelings fan de skriuwer hinne’ (1978, 68). As kritikus woe er lykwols ‘foarearst’ wurkjen bliuwe inkeld út ’e tekst wei, om’t ‘ik as de dead bin foar de gefaren fan dy oare oanpak, dêr’t skriuwer en bidoeling ek omtinken krije. It greatste gefaer is dat bûtenliteraire kritearia it oardiel oer it literaire wurk bipale kinne’ (1978, 69).        
      Alwer woe er himsels net fêstpinne op in literatuer-teoretysk, fûnemintalistysk stânpunt. Auteursynformaasje koe men somtiden miskien net omhinne, mar dy mocht net liedend wêze yn it oardiel fan de kritikus oer in tekst. Yn it earste nûmer fan 1979 ferheldere de redaksje syn pragmatyske belied yn in stik oer ‘Utgongspunten fan Trotwaer’. Dêryn waard pleite foar fiksje mei in ‘eigentiidske tematyk’, mar ‘technyske formules foar it al of net oannimmen fan in bydrage bisteane der aldergeloks net’. Der soe ‘op ûndogmatyske, dus biriddenearre wize’ oardiele wurde oft it oanbod genôch kwaliteit hie. Alle oardiel wie úteinlik fansels subjektyf. Tagelyk sei de redaksje ta besykje te sillen ‘it petear oer de theoretyske grûnslaggen geande te hâlden’ (1979, 3-4).
       Set men nou Eppie syn bydragen oan Trotwaer yn ’e perioade fan syn redakteurskip op in rychje (sjoch bylage), dan treft jin op it foarste plak de fariaasje. Net inkeld 44 fersen, mar ek 11 ferhalen. Net inkeld 13 skôgingen en besprekken, ek 3 brieven en 7 polemyske Tichelwurk-stikjes. De minder taastbere bydragen oan it blêd, besteand út de ynbring yn redaksjonele diskusjes en plannemakkerij, ûntsnapt ús fansels; in glimp dêrfan skynt faaks troch yn de publisearre brieven oan kollega-redaksjelid en generaasjegenoat Goaitsen van der Vliet; dêr fierderop noch oer.
       Beheine wy ús ta de rol fan literêr kritikus dy’t Eppie oannaam, dan ha wy op it foarste plak te krijen mei syn evaluaasjes fan oarmans wurk. Hy hat wurk besprutsen fan Piter Boersma, Bartle Laverman (twa kear), Trinus Riemersma, Daniël Daen (Willem Abma), Willem Abma, A. Meester-de Vries, Jan Dotinga (twa kear) en Berber van der Geest. Wat falt op? De dichtbondel winter fan eks-redaksjelid  Bartle Laverman wurdt troch Eppie tige wurdearre, ‘in goede searje fersen, (..) útbalansearre nei foarm, oer ’t generael konstant en konsekwint fan gedachte’ (1978, 14). Posityf is er ek oer Lavermans bondel Ik laitsje my dea; it is ‘jeuzelpraet-mei-ferdjipping’, yn in dichterskip dat in ‘oanhâldend en behyplik hinne-en-wer tusken bûtenstanner- en partij-wêzen’ liket (1982, 284). Wol freget er him ôf wêrom’t dy ‘fersebondeltsjes’ fan Laverman altyd sa tin binne; hy hat ‘argewaasje (..) fan ’e oanslach dy’t Laverman mei syn flutterkes en skilferkes fan printwurkjes docht op ’e ûnderskate subsydzjepotten, want behalve ûnnoadich, fyn ik dizze fersnipeling ek frijwat a-kollegiaal’ (1982, 281).
       Ek oer de dichtbondel rânnen fan forjitnis fan Daniël Daen – skriuwersnamme fan eks-redaksjelid Willem Abma – besiket er oan de positive kant te bliuwen. De gedichten lynje allegear swier op ideeën út ’e psycho-analyse; se binne dêr feitliks demonstraasjes fan en it is mar de fraach oft soks foar in ‘leek’ nijsgjirrich wêze kin. ‘Oan ’e oare kant mei de wurdearring fan sa’n dichtbondel net ôfhingje fan syn tagonklikens. Poëzij is altyd in bytsje élitair, en it sil ek altyd in bytsje élitair bliuwe, wol it poëzij bliuwe’ (1978, 271). Lykwols is dat lêste yn it gefal fan Daen dan wer de fraach. ‘De Fryske literatuer hat syn bêste tiden hawn’, stiet ommers boppe it besprek; in stelling dy’t yn it stik net eksplisyt taljochte wurdt. In pear jier letter brekt er Willem Abma syn roman In satansbern oan ’e grûn ta ôf: ‘twahûndert siden frustraasje yn in brodzige broeikas fan selsbegrutsjen en masogisme’ (1981, 390), mei in boerelul as haadpersoan, yn in ik-roman oer heitehaat dy’t in hy-perspektyf hawwe moatten hie, en dy’t it dwaan moat sûnder in sprút stilistyske brille.
       Boppesteande foarbylden litte sjen dat Eppie syn sekuere analyses pakkend nei foarren bringe koe, dat er faak neist negative ek positive punten fine koe, dat er syn eigen twivels net út ’e wei gie en dat er meast sa helder as glês oardiele. Mei in stik minder reserves wie er posityf oer twa dichtbondels fan Jan Dotinga, waans poëzij mei syn foar in part kristlike tematyk fan hûs út tichtby by him stie. Beide kearen tipte er Dotinga sels foar de Gysbert Japicx-priis. Mar in inkelde kear gie de pinne mei him op ’e rin yn negative sin. Neffens eigen sizzen bygelyks yn it besprek fan it berneboek Moarke fan A. Meester-de Vries. Dêr hellet er ûnder mear de monopoaljeposysje yn de Fryske berneliteratuer fan ‘de froulju-mei-de-dûbelde-nammen fan foar de oarloch’ oer de hikkel, benammen om it feit te beskriemen dat sa’n bytsje jongere skriuwers foar bern skriuwe wolle. ‘It wurdt oars al tiid dat hja opkrosse’ (1979, 313). ‘En in lêskommisje dy’t dizze rotsoai goedkart, doocht nerges ta’ (1979, 313). Doe’t syn lilkens wat bedarre wie, bea de resinsint syn ekskús oan foar de toan fan it besprek: ‘tefolle fan myn argewaasje’ wie op it papier kaam en wie boppedat net skerp mar bot ferwurde (1980, 37). Publyklik tajaan dat it ek oars kinnen hie: in seldsume krêft.
       Dat Eppie sa út en troch net mijen wie yn it uterjen fan literêre argewaasje docht ek bliken út guon bydragen oan de polemykrubryk Tichelwurk. Skriuwer Joop Boomsma hat him yn Frysk en Frij in kear karakterisearre as de man by Trotwaer dy’t de dingen faak skerper sei as dat se wiene.
       Yn it each rint syn útfal tsjin LC-resisinte Tineke Steenmeijer-Wielenga yn it stikje ‘It forlet fan Fryske literatuer’ út 1979. Resisinte hie yn ’e oanrin nei sinteklaas yn in algemien propagandistysk stik oer Fryske boeken Eppie ‘de nei myn betinken meast ûnthjittende jonge skriuwer’ neamd, fan wa’t earder dat jier de bondel mei koarte ferhalen Strie oerdwers útkaam wie – in boek dat se oars net foar de krante resinsearre hie.[1] Ek de Omrop hie de bondel net foar ’t fuotljocht brocht. En dan wól prate oer ‘ûnthjittende jonge skriuwers’?

Hwa’t nou noch ien kear seit dat De Fryske Literatuer forlet hat fan jonge proazaskriuwers, kin fan my foardelich in dreun of in wâd krije (Westermeerweg 15D, NOP, de polder is nou op syn moaist en wer maklik to birikken; reiskosten wirde forgoede). Rju eale lju, jim geseur en gejammer begjint my in polderdyk fier de strôt út to hingjen. Ik kin sa fier net komme, oars soe ik jim bispuije. De Fryske Literatuer hat gjin sprút forlet fan jonge proazaskriuwers. De Fryske Literatuer hat forlet fan skoalmasters en kantoarkipen mei burden en kompleksen. De Fryske Literatuer hat forlet fan lyryske griemers en oare ferskepielers. Poëzijskriuwers hat De Fryske Literatuer forlet fan. De Fryske Literatuer hat forlet fan forstoarne en krekt-noch-net-forstoarne freonen en freondinnen, dy’t manmachtich mummifisearre en proper propagearre wurde moatte foar’t it to let is. (..) (1979, 205)

In wol te begripen útbarsting, wol ik leauwe, fan in redakteur dy’t wit dat proaza (ferhalen) no krekt it alderswakste stee útmakket fan literêre blêden; in redakteur dy’t boppedat sels tekene foar 20 prosint fan ’e ferhalen yn Trotwaer.

*

Dam Eppie 3
Portretfoto fan Eppie Dam mei in boek yn de hân. Foto: Ikonografy Tresoar.

Grif hat it foar Eppie geandewei dreger west om in entûsjaste redakteur te bliuwen. Sa’t revolúsjes har bêste revolúsjonêren opfrette, sa fret de Fryske literatuer syn bêste redakteuren op. Nûmer 3 fan 1982 wie in temanûmer mei skriuwersbrieven; fan Eppie stean dêr trije brieven yn oan kollega-redakteur Goaitsen dy’t ynsjoch jouwe yn syn twivels.[2] ‘[K]rekt as soe de Fryske literatuer noch rêden wurde kinne mei karakter en kriich (ha, ha)’, skriuwt er op 26 desimber 1981, yn antwurd op in útnûging foar in jierdeisfeest om’t de adressearre 30 wurde sil. En hy warskôget foar ‘tefolle hoopfolle prakkesaasjes (do hiest gelyk, se sitte dêr yn Fryslân net to wachtsjen op ús ferskes en ferhaaltsjes)’. Mar dochs: ‘Wat Trotwaer oangiet, dat moat al oars, better!’
       As Goaitsen him freget om syn argewaasje oangeande de Fryske skriuwerij ris op papier te setten, docht er dat yn in brief datearre 5 april 1982. Deryn beskriuwt er hoe’t in beskate ‘ropping’ om yn it Frysk te skriuwen yn ’e twadde helte fan ’e santiger jierren stadichwei feroare yn ‘lijen en desepsje’, dy’t him wilens oermânsk wurden wiene. ‘It gefoel dei-út-nacht-yn foar in twamanspublyk (do en ik dus) te skriuwen knypt my starichjes mar sekuer de strôt ôf’ (1982, 175). Hy kin net mear oer de ‘wurgens en lijens’ sawol by útjouwers as by lêzers. Yn 1981 wiene der bygelyks mar fjouwer (4) eksimplaren ferkocht fan syn debút-dichtbondel Mei de jierren út 1978. En fan de Koperative Utjowerij krige er it idee dat er mar bliid wêze moast dat dy syn ‘gehaspel’ überhaupt útjaan wollen hie. Manuskripten fan bondels leine trije, fjouwer jier by in útjouwer op ’e planke foar’t se it ljocht sjen mochten; ‘de skriuwer docht it das om, my alteast al’ (1982, 176).
       In oare reden dy’t er neamt foar twivel oan de ‘legitimiteit en leauweardigens fan ús literatuer yn syn algemienens en myn eigen skriuwerij yn it bysûnder’, is brek oan engaazjemint. Leaver as by it jubileumfeest fan Hjir op 21 novimber 1981 hie er oanwêzich west by de grutte anty-kearnwapendemonstraasje yn Amsterdam op deselde dei. ‘Wat ik dy sis, at it hjir hommels bommen begjint te reinen, dan skriuwe wy noch haikû, kwatrinen en sonnetten oer nêstenfol jonge knyntsjes mei perzikkontsjes, blaumieskes en kuorbaljende fammen mei opwaaiende rokken. Literatuerke, net?’ (1982, 177).
       Yn ’e tredde publisearre brief oan Goaitsen (28 april 1982) skammet er him dan wer heal en heal foar syn praat fan ropping en kleien oer útjouwers; striidber skriuwt er no dat er

net rêste [sil] ear’t ik in foarm fan skriuwen fûn ha, dêr’t ik my ek jierren-nei-de-tiid noch folslein yn weromfine kin. Publisearje is sa wichtich net. De foldwaning fan it starichoan behearskjen fan it ambacht, is fan folle mear belang as it senuwachtich wachtsjen op kranten & tydskriften om mar wer in nije fear yn ’e broek. Ik kin no sels wol útmeitsje wêr’t ik stean en hoefier at ik hinne bin; dy ôfhinklikens fan oarmans oardiel haw ik hân, en dat is in befrijing (1982, 180). 

Likegoed is er bliid om aansen út ’e redaksje wei, skriuwt er, ek al kinne Goaitsen en hy poerbêst. ‘[N]ije dingen en ideeën’ binne der te min, en ‘wy hingje noch fierstentefolle op âldere skriuwers dy’t har spoaren al lang fertsjinne ha’. ‘No dangelet en doarmet elk mar wat om yn de neidagen fan de sechstiger jierren’ (1982, 180). Machteleas sjocht er dat der mar sa’n bytsje nije skriuwers bykomme. Hy kin net mear: ‘Asto erges skytsofrust fan wurdste, dan is it wol fan dizze literatuer dy’t dy oanhellet en ferspijt om bar, tagelyk’ (1982, 181).
      Eppie hie doe al ‘it gefoel dat der meikoarten eat op kommendewei is’. Dat bliek in dik healjier letter te klopjen. De nije redaksje (hy wie der mei yngong fan 1 jannewaris 1983 útgien; studint Jelle Krol kaam foar him yn ’t plak) rôp per ynlisfel yn it earste nûmer fan jiergong 1983 in ‘krisisgearkomste’ út. Reden: der kaam fierstente min fiksjonele kopij fan bûten de redaksje yn, en dêr moast oer praat wurde. [3] Doe hie Tony Feitsma, bûtengewoan heechlearaar Frysk oan de Vrije Universiteit yn Amsterdam, al in iepen brief oan de redaksje skreaun, yn it tydskrift Fryx. Har boadskip wie dat Trotwaer him langer net genôch profilearje soe foar it ‘establishment’ oer. Skriuwers dy’t ‘wot dregers’ te bieden ha, soenen har net mear wolkom fiele yn it blêd; de redaksje soe ‘de konfrontaasje’ mear oangean moatte en ‘it yntellektualistyske, eksperimintele, fernijende, opposysjonele net út ’e wei’ gean.[4] It polityk striidbere Sonde wie yn 1981 foar ’t lêst ferskynd; faaks hat it de bedoeling fan Feitsma west om in petear oer in fúzje mei Trotwaer op gong te bringen. En faaks net tafallich trune Sonde-redakteur Pier Boorsma presys dêr in wike foar de gearkomste yn It Anker op oan.[5]
       Hoe’t dat wêze mei; op ’e gearkomste gie it nét oer te min fiksjonele kopij. Feitsma en âld-redakteuren Riemersma en Abma spuiden har galle oer Trotwaer, byfallen troch Josse de Haan, Lieuwe Hornstra en Steven de Jong. Harren stikken soene te lang lizzen bliuwe, foar moderne literatuerteory en eksperimint soe te min omtinken wêze, stikken waarden ‘arrogant’ ôfkard, ensafh. De ‘sechstigers’ woene hawwe, de hiele redaksje soe ôfgean moatte. Dy wegere dat planút. ‘Wat Tony Feitsma allegear wol binne slaggen yn ’e loft’, sei feteraan Jan Wybenga, dy’t lykas Eppie mei yngong fan 1 jannewaris gjin redakteur mear wie. Inkeld it nije redaksjelid Akky Kuiper-van der Veer, doedestiids de earste en iennichste frou yn ’e redaksje fan in Frysk literêr tydskrift, hie tabak fan wat se de ‘rankuneuze baaskes’ neamde en luts har steande de gearkomste werom.[6]
      Yn nûmer twa fan 1983 sloegen redaksje en meistanners yn ûnderskate stikken werom. Troch oare drokte hie Eppie op 15 jannewaris net oanwêzich west, mar hy fielde him al meiferantwurdlik om replyk te leverjen, om’t er by einsluten de ôfrûne seis jier redakteur west hie. Yn in alve siden lange bydrage analysearre er de gong fan saken. Hy wie fan betinken ‘dat in fernaam part fan ’e krityk hiel ordinêr werom te bringen falt op frustraasjes oer weromstjoerde kopij’, en fansels fine skriuwers dy’t soks oerkomt de redaksje net kompetint genôch (1983, 72). Al hielendal net as der praat wêze kin fan in ‘ferskil yn jierren’ tusken ynstjoerders en ôfkarders; ‘in snotbongel fan ûnder de tritich’ en ‘ek noch gjin moer skreaun’ mocht der blykber net samar oardielen oer literêre bydragen op neihâlde.
      Faaks hie de redaksje wol in ‘brekme oan gesach’. Wat dan mei kaam wie om’t net ien fan ’e redaksjeleden har of him roppen fielde om de baas te spyljen en alsa Trotwaer ‘in gesicht’ te jaan (1983, 79). Mar ek: ‘[s]wiergewichten, dêr wiene wy miskyn de generaasje net nei, of: dêr wie dit miskyn de tiid net nei’. Trinus Riemersma hie it gesicht west, en nei syn fertrek koe der inkeld noch mar praat wêze fan ‘gesichten’. In ploech wie in keppel yndividuën wurden, mar wol mei in pear mienskiplike eigenskippen:

Ofstanlikens, ridlikens, pragmatisme en tolerânsje hawwe har skaaimerken west, mar dy waarden troch oaren dêrnei al rillegau fersliten foar ynhâldsleazens, oerflakkigens, fragmintarisme en twaslachtige loftfytserij (..) (1983, 80)

En tsjin Tony Feitsma, al wurdt har namme net neamd, seit er dat de redaksje net ferwiten wurde kin 

dat wy alles sûnder ferwar oer ús hinne komme lieten en kritykleas it bestean omearmken sa’t it ús no ienkar oanfoel. Op dat punt ha wy de tradysje fan Trotwaer fuortset, doar ik te sizzen. Mei dit ferskil, dat it radikale non-konformisme (dêr’t ik sa’n Frysk wurd noch ien kear om sis) net ús alderearste prioriteit wie, lykas dat doedestiids mear it gefal west hat. Us earste prioriteit wie (ek al klinkt it pretinsjeus) it literêre alloai fan in tekst (1983, 81).

Sa hat Eppie doe méar as in fuotnoat by syn redakteurskip skreaun. Hy hat de beweging ûnder wurden brocht dy’t Trotwaer trochmakke fan ideology en teory nei literatuer, sa’t dy om 1980 hinne ûnder lûd protest fan de ‘sechstigers’ syn beslach krige. In beweging dêr’t er sels mei de oanstjit ta jûn hie, doe’t er it yn 1978 oandoarde om yn in resinsje fan in bondel fan nota bene Riemersma fraachtekens te setten by it primaat yn ’e besprekpraktyk fan in ‘literatuer-wittenskiplike oanpak’ en ‘methoaden en systemen’. It resultaat fan dat oanfielen fan de Zeitgeist, om Herder nei te praten, kin men fansels oer hottefylje. Mar dat Trotwaer it noch oant 2003 as selsstannich tydskrift útsongen hat, en al dy tiid dochs noch genôch skriuwers en lêzers lutsen hat, is net alhiel los te sjen fan it pragmatyske redakteurskip fan Eppie Dam, as ik myn sin sis.

Aldsyl, 12 febrewaris 2023

Bylage: Publikaasjes fan Eppie Dam yn Trotwaer, 1977-1982

[1] Letter hat Trotwaer noch mear brieven fan Eppie en Goaitsen publisearre. Dy hawwe de opmaat foarme nei Goaitsen syn De Oare útjouwerij en syn earste útjefte Te lange lêsten. Fersen by skilderijen fan Henk Pietersma (1986) fan Eppie Dam.
[2] Tineke Steenmeijer-Wielenga, ‘Fiif desimber komt der oan… Boeken keapje kin noch skoan!’, Leeuwarder Courant (2 desimber 1978) 35.
[3] Alle fjouwer ferhalen yn de jiergong 1982 wiene fan de hân fan Eppie, sa’t ek de Leeuwarder Courant sinjalearre. ‘Trotwaer siket nij talint’, Leeuwarder Courant (14 jannewaris 1983) 27.
]4] ‘Tony Feitsma: Trotwaer moat konfrontaasje wer oandoare’, Leeuwarder Courant (14 jannewaris 1983) 27. Har brief: ‘Brief oan de redaksje fan Trotwaer’, Fryx nû. 10 (desimber 1982).
[5] ‘Pier Boorsma wol fúzje mei Trotwaer’, Leeuwarder Courant (7 jannewaris 1983) 25.
[6] ‘Tsien jier frustraasjes binne oer de tafel gien’, Leeuwarder Courant (17 jannewaris 1983) 6.

Foto boppe-oan: Abe de Vries.